Salomon fan Bretanje

Salomon (Bretonsk: Salaün; Poher?, 8?? – Nantes?, 874) wie kening oer it Keninkryk Bretanje fan 857 oant syn dea yn 874. Hy bemachtige de troan troch de rjochtmjittige kening te fermoardzjen, en kaam dêrnei ferskate kearen yn opstân tsjin Karel de Keale, dy't syn wettige lienhear wie. Hy waard úteinlik sels ek fermoarde by in gearspanning troch ferskate foaroansteande eallju. Nei syn dea ferfoel Bretanje ta boargeroarloch en ûntstie der in ynterregnum. Salomon ûntjoech him neitiid ta in folkshillige dy't as kristlik martelder beskôge waard.

Salomon fan Bretanje
aadlik persoan en/of hearsker
echte namme Salaün
nasjonaliteit Bretonsk
bertedatum 8??
berteplak Poher? (Bretanje)
stjerdatum 874
stjerplak Nantes? (Bretanje)
etnisiteit Bretonsk
kening fan Bretanje
regear 857874
foargonger Erispoë
opfolger Alan I (nei ynterregnum)
greve fan Rennes en Nantes
regear 852874
greve fan Avranches en Coutances
regear 867874

Libben bewurkje seksje

Iere jierren bewurkje seksje

Salomon waard earne yn 'e earste helte fan 'e njoggende iuw berne as de soan fan Riwallon III fan Poher. Yn 851 sleat de Frankyske kening Karel de Keale nei syn nederlaach yn 'e Slach by Jengland frede mei Erispoë, dy't himsels neitiid as kening fan Bretanje profilearre. Yn it fredesferdrach hie Karel de greefskippen Rennes en Nantes en it Pays de Retz (dat foartiid diel útmakke fan Poitou) oan 'e rivier de Mayenne ta oan Erispoë ôfstien. Yn 852, nei't er in eed fan trou oan Karel de Keale sward hie, beliende dyselde ek Salomon mei Rennes, Nantes en Retz, sadat er op hast gelikense hichte mei Erispoë kaam te stean (dy't syn neef wie) en de foarnaamste ealman fan Bretanje (ûnder de kening sels) waard.

Steatsgreep en opstannen tsjin Karel de Keale bewurkje seksje

Nei alle gedachten om't er bang wie syn lienen te ferliezen as Loadewyk de Stammerder kening fan West-Frânsje waard, swarde Salomon yn 857 gear mei de fierders ûnbekende Almarchus om Erispoë te fermoardzjen, sadat er sels kening fan Bretanje wurde koe. Dat slagge. Neitiid siet Salomon yn 858 efter de grutskalige opstân fan Frankyske eallju út Neustrje tsjin it regear fan Karel de Keale. Yn 'e maityd fan dat jier ferjage it Bretonske leger Loadewyk de Stammerder út Le Mans. Doe't yn septimber 858 Loadewyk de Dútser, de kening fan East-Frânsje alhiel oant Orléans opteach, mette er dêr in Bretonske delegaasje dy't út namme fan Salomon trou oan him swarde.

Tsjin 862 foarme Salomon fia syn yntrigearjen en stokeljen it mulpunt fan 'e opstân tsjin Karel de Keale, ek al hied er sels al sûnt 860 gjin oarloch mear fierd. Dat jiers naam er lykwols in troep Wytsinghierlingen yn 'e tsjinst om út syn namme tsjin Robert de Sterke te fjochtsjen, de stjoergreve fan Karel de Keale. Dy hie sels nammentlik ek Wytsinghierlingen yn 'e earm nommen. Salomon stjoerde ek in kontingint Bretonnen om Loadewyk de Stammerder tsjin Robert te helpen, mei't Loadewyk him ûnderwilens by de Frankyske rebellen oansletten hie. Yn 863 brocht Karel de Keale in leger op 'e foet dêr't er mei op Bretanje ta marsjearre, mar dat lân foel er lykwols net oan. Ynstee iepene er ûnderhannelings wylst er te Entrammes lei, en sleat in frede wêrby't Cotentin (oftewol westlik Normanje) ûnderdiel fan Bretanje waard en de Abdij fan 'e Hillige Aubin yn Angers yn 'e hannen fan Salomon kaam. Dêrop brocht dyselde hulde oan Karel en betelle er foar it earst yn jierren skatting.

De oarloch tsjin Robert de Sterke sette Salomon lykwols fuort, en yn 865 en 866 plonderen de Bretonnen en harren Wytsingbûnsgenoaten de omkriten fan Le Mans. Robert sneuvele yn 'e 866 tsjin harren yn 'e Slach by Brissarthe. Dat wie it begjin fan in nije opstân fan Salomon tsjin Karel de Keale. Yn 867 teach dy fannijs mei in leger op nei Bretanje, mar Salomon stjoerde syn skoansoan Pascweten om yn augustus te Compiègne frede te sluten. Hy wist dêrby de Frankyske provinsje Maine los te krijen, wêrnei't er op 'e nij in eed fan trou oan Karel swarde. Neitiid hold en droech Salomon him oan syn dea yn 874 ta as in trouwe fazal fan Karel. Der binne oanwizings dat Karel yn 868 sels de peetheit fan Salomon syn doe twajierrige soan Wigo waard.

Tsjerklike striid bewurkje seksje

Yn 'e midden fan 'e 860-er jierren die Salomon om 'e nocht war om it Bisdom Dol troch paus Nikolaas I ferheegje te litten ta in aartsbisdom. Formeel foel it nammentlik ûnder it Aartsbisdom Tours, wat de hearskers fan West-Frânsje frijwat ynfloed oer Bretanje joech. Dêrom waard dy bân yn Bretanje ek net erkend sûnt Erispoë syn heit Nominoë fyftjin jier earder fiif Bretonske biskoppen ôfset hie.

Dea bewurkje seksje

Yn 874 waard Salomon fermoarde by in gearspanning dêr't sawol syn skoansoan Pascweten as Gurvand (of Wrhwant), de skoansoan fan Erispoë, by belutsen wiene, en teffens Wigo, de soan fan greve Riwallon fan Cornouaille. Neitiid rekken Pascweten en Gurvand lykwols deilis en ûntstie der in boargeroarloch en in ynterregnum. Dat duorre oant 888, doe't Alan I, in broer fan Pascweten, Bretanje ûnder syn bewâld wist te ferienjen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.