Sander Simons (De Haach, 5 april 1962 - Amsterdam, 5 jannewaris 2010) wie in Nederlânske kommunikaasjeadviseur, publisist, sjoernalist en nijslêzer.

Sander Simons
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Sander Simons (1989)
Sander Simons (1989)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sander Simons
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 5 april 1962
berteplak De Haach
stoarn 5 jannewaris 2010
stjerplak Amsterdam
wurkpaad
wurksum as nijslêzer,
sjoernalist
medium Telefyzje
wurksum by KRO,
RTL 4
bekend fan RTL Nieuws

Libbenspaad bewurkje seksje

Neidat er it gymnasium folge hie oan it Gymnasium Celeanum te Swol, studearre Simons fan 1980 ôf trije jier politikology oan de Universiteit fan Amsterdam. Hy waard omropper by de KRO en wie ek in skoft nijslêzer by de radionijstsjinst fan it ANP. Yn 1989 gie Simons oer nei it RTL Nieuws, dêr't er oant 1 augustus 1999 ferslachjouwer en presintator wie. Dêrnei waard er kommunikaasjeadviseur. Yn 2006 waard hy foarljochter fan de nije politike partij EénNL. By de ferkiezings foar de Twadde Keamer fan dat jier stie er op it sechste plak fan de kandidatenlist fan dy partij. EénNL krige doe lykwols gjin sit.

Febrewaris 2008 waard longkanker by Simons fêststeld. Hy ûndergie in swiere gemoterapy. Yn 2009 wie er noch in tal wiken presintator fan it programma PepTalk fan BNR Nieuwsradio en wie er in skoft "spraakmaker" op de stjoerder Het Gesprek. Novimber 2009 waard bekend dat de sykte progressyf wie.[1] Simons frege syn hûsdokter mei klam om eutanasy. Dat barde op 5 jannewaris 2010 om 20.00 oere. Simons waard 47 jier.[2][3] Simons waard begroeven op begraafplak Zorgvlied. [4]

Boeken bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Telegraaf, 3 novimber 2009
  2. Sander Simons pleegt euthanasie, De Telegraaf, 5 jannewaris 2010
  3. Sander Simons (47) overleden, KCS Marketing, 5 jannewaris 2010
  4. Sander Simons begraven, De Telegraaf, 9 jannewaris 2010