Sandymount

Sandymount (Iersk: Dumhach Thrá) is in wyk (foarstêd) fan de Ierske haadstêd Dublin, oan de súdkant fan de stêd. De wyk hat in eigen DART-stasjon. Yn it sintrum fan Sandymount leit it park Sandymount Green.

Sandymount
Dumhach Thrá
It strân fan Sandymount oan de Baai fan Dublin
It strân fan Sandymount oan de Baai fan Dublin
Sifers
Ynwennertal Sa'n 12.000 [1]
Polityk
Lân Ierlân
Provinsje Leinster
County Dublin

Sandymount is it berteplak fan de ferneamde Ierske skriuwer William Butler Yeats. Fierders wurdt Sandymount en it oan de Baai fan Dublin lizzende Sandymountstrân neamt yn de roman Ulysses fan James Joyce.

Martellotoer fan SandymountBewurkje

Healweis it strân stiet de Martellotoer, part fan it eardere definsjesysteem en bedoelt om tsjin in ynvaazje troch Napoleon te warskôgjen. Yn de jierren 60 wie de toer in populêr kafee. Plannen foar in restaurant yn de toer is neat wurden.

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Guide2dublin.com, rieplachte 30 juny 2011