Santa Croce in Gerusalemme

De Basilyk fan it Hillich Krús yn Jeruzalim is in tsjerkegebou yn de wyk Esquilino fan de Italjaanske haadstêd Rome. De basilyk is ien fan de Sân Pylgertsjerken. De tsjerke hat de status fan in basilica minor.

Hillich krús yn Jeruzalim

Santa Croce in Gerusalemme

bouwurk
lokaasje
lân Itaalje
regio Lazio
plak Rome
adres Piazza di S. Croce in Gerusalemme
bysûnderheden
boujier 4e iuw
offisjele webside
Side fan de basilyk

De skiednis fan de basilyk giet werom op de 4e iuw. Om 325 hinne waard de tsjerke wijd om krúsreliken te bergjen dy't Helena, de mem fan keizer Konstantyn I fan har reis nei it Hillige Lân werom nommen hie. De tafoeging in Hierusalem krige de tsjerke om't de tsjerke stiet op grûn fan de heuvel fan Golgota yn Jeruzalim.

Yn de midsiuwen wie de basilyk in wichtich doel foar pylgers, benammen yn de fêsteltiid en foar dyjingen dy't boete dwaan woene. Op Goed Freed wie it wênst dat de paus út boetfeardigens de wei fan de San Giovanni in Laterano (dêr't de pausen eartiids wennen) nei de basilyk fan de Santa Croce in Gerusalemme rûn om dêr te bidden by de krúsreliken fan Jezus.

Skiednis bewurkje seksje

 
De Santa Croce di Gerusalemme om 1600 hinne

Fan de 12e oant de 16e iuw wie oan de tsjerke in Kartuzer kleaster ferbûn. Sûnt 1561 wennen yn it oansletten kleaster Sistersjinzers, foar it lêst de Kongraasje San Bernardo d’Italia.

Nei't in Apostoalyske Fisitaasje yn maart 2011 ûngeregeldheden oantrof waard it kleaster troch paus Benediktus XVI per dekreet opheft. Dêrmei kaam in ein oan in 1000-jierrige monastike oanwêzigens by de tsjerke. De gebouwen en basilyk waarden oerdroegen oan it Fikariaat fan Rome.[1]

Bouskiednis bewurkje seksje

De tsjerke stiet minder as 1 kilometer eastlik fan it Lateraan oan de Aureliaanske Muorre en ûntstie út it yn de 3e iuw boude Palazzo Sessoriano. In 36,5 meter lange en 21,8 brede seal fan dat paleis waard om 330 hinne ferboud ta in tsjerke. Neffens it Liber Pontificalis wie it paleis yn it besit fan keizerin Helena. Fynsten fan trije ynskriften dy't by de tsjerke ûntdutsen waarden leverje it bewiis dat hja it paleis bewenne hat. Sa ferwiist ien fan dy ynskriften nei de weropbou fan de troch brân ferneatige publike baden by it paleis, dy't al foar it jier 325 Thermae Helenae neamd waarden.

 
Detail apsisfresko

Under it pontifikaat fan paus Lucius II waard de tsjerke yn romaanske styl ferboud. Ek waard der in acht ferdjippings hege klokketoer tafoege, wêrfan't de earste fjouwer ferdjippings opnommen binne yn de bebouwing. Yn de toer hinge trije klokken; twa út 1631 en ien út 1957.

 
Ynterieur

De tsjerke waard yn de 12e iuw ferboud en fan in toer foarsjoen. Yn dy tiid waard ek de helte fan it Latynske opskrift INRI (Iesus Nazarenus, Rex Iudaeorum) op it krús fan Jezus yn in nis boppe de triomfbôge fan de Helenakapel ynmitsele en fersegele. By in renovaasje yn de tsjerke waard it segel op 1 febrewaris 1492 mei it ynskrift Titulus Crucis wer ûntdutsen. Yn de tiid fan de renêssânse en de barok (15e oant 18e iuw) ferlear de tsjerke troch ferbouwings it oarspronklike oansjen. Dochs binne fan de âlde tsjerke yn in museum noch fresko's bewarre bleaun.

De gevel fan de tsjerke, mei ynfloeden fan de rokoko, datearret út de 18e iuw en is in ûntwerp fan Domenico Gregorini en Pietro Passalacqua. Op de daksrâne steane de bylden fan keizerin Helena mei it krús (hielendal lofts) en har soan Konstantyn (hielendal rjochts).

De tsjerke waard by de Napoleontyske ynfaazje yn 1798 troch Frânske soldaten plondere. De kostbere gouden relykhâlders dy't doe stellen waarden, binne yn 1804 ferfongen troch it wurk fan Giuseppe Valadier.

Yn 1870, nei de ynname fan Rome en de fal fan de tsjerklikse steat, waarden it hiele kompleks fan de Santa Croce in Gerusalemme en de dêrby hearren besittings yn beslach nommen troch de Italjaanske steat en nea werom jûn oan de Hillige Stoel. De muontsen mochten wenje bliuwe, mar in diel fan it kleaster waard desinnialang as kazerne brûkt.

Reliken bewurkje seksje

 
Reliken

De ferbou fan de seal fan it paleis yn in tsjerke hie as doel om in tal reliken fan de passy fan Jezus ûnder te bringen. Under de reliken hearre lytse dieltsjes fan it krús fan Kristus (it grutte houten stik fan it krús yn it Fatikaan waard yn 1629 út de Santa Croce nei de Sint-Piter oerbrocht), in stik hout dat ôfkomstich is fan it krús fan de "goede misdiediger", twa stikels fan de kroan dy't Jezus droech en in spiker fan it krús. Yn in oar relikwarium wurde stikjes bewarre fan de krêbe, de martelpeal en it grêf fan Jezus. Fan de apostel Tomas wurdt in finger bewarre. It woe de apostel ynearsten net oan dat Jezus út de dea opstien wie en lei doe op útnoeging fan Jezus de finger op de wûne yn de side. It is bekend dat dy reliken al fanôf it begjin yn de tsjerke bewarre wurde.

 
Byld fan Sint-Helena mei in romeinsk torso

In oar relyk is de Titulus Crucis, in 25 × 14 × 2.6 sintimeter grut diel fan it opskrift INRI (dat eartiids yn in bôge fan de Helenakapel ynmitsele wie) dat by de krusiging fan Kristus op it krús oanbrocht waard. Yn 1997 krige de Dútser Michael Hesemann tastimming om it relyk te ûndersykjen en tegearre mei Israelyske eksperts fan ferskate universiteiten waard fêststeld dat spoaren fan in midsiuwske of let-antike ferfalsking ûntbrieken. Allegear datearren se op basis fan paleografysk ûndersyk it stik hout tusken de 1e uw en de 3e-4e iuw nei Kristus. Hesemann konkludearre dat it hiele goed mooglik wêze koe dat it om in autentyk relyk fan it krús gyng dêr't Jezus oan krusige waard. Yn 2002 liet de Hillige Stoel meunsters nimme fan it hout en in koalstofdatearring útfiere. It risseltaat fan it ûndersyk wiisde út dat it hout datearre fan it tiidrek tusken 980 en 1150. Nei alle gedachten giet it dus om in midsiuwske ferfalsking, al is it ek mooglik dat it in replika fan in net mear besteand orizjineel is.

Ek it neamen wurdich is in 14e-iuwsk mozayk dat tsjintwurdich yn it museum bewarre wurdt. Paus Gregoarius de Grutte soe nei in ferskining fan Kristus opdracht jûn hawwe it te meitsjen. De houten list om it mozayk hat in tige grut tal lytse fakjes foar reliken.

 
Antonietta Meo

Yn 1999 waarden de oerbliuwsels fan de yn de âldens fan seis jier ferstoarne Antonietta Meo (Nennolina; berne op 15 december 1930, ferstoarn op 3 juli 1937) nei de tsjerke brocht om se dêr yn in eigen kapel by te setten.

Ynterieur bewurkje seksje

Fan de antike graniten pylders yn de tsjerke binne noch acht sichtber, de oaren ferdwûnen efter in barok omklaaisel. Bewarre bleau de flier út de 12e iuw en it yn 1490 oanbrochte fresko yn 'e apsis, dat taskreaun wurdt oan Antoniazzo Romano en it finen fan it Wiere Krús mei in seinigjende Kristus foarstelt. It siboarium yn it presbitearium is 18e iuwsk.

Yn de krypte is in romeinsk byld fan de goadinne Juno dat transformearre waard yn Sint-Helena. It waard by Ostia fûn en om der Sint-Helena fan te meitsjen waarden holle en earms ferfongen en it krús tafoege.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Santa Croce in Gerusalemme (Rom)