Sassenpoarte
De Sassenpoarte (Nederlânsk: Sassenpoort) is in stedspoarte yn de âlde stedsmuorre fan de Oeriselske haadstêd Swol. De poarte stiet oan de ein fan de Sassenstraat en heart ta de Top 100 fan de Rykstsjinst foar de Monumintesoarch. De poarte is de iennige noch folsleine oerbliuwende gebou fan it fêstingwurk fan Swol.
Sassenpoarte Sassenpoort | ||
bouwurk | ||
De Sassenpoarte | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Oerisel | |
plak | ||
adres | Sassenstraat 63 | |
koördinaten | 52° 30' 35" NB, 6° 05' 43" EL | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | stedspoarte | |
boujier | 1409 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 41788 | |
offisjele webside | ||
sassenpoortzwolle.nl | ||
kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe namme "Sassenpoarte" ferwiist nei de Saksen dy't eartiids yn de omkriten wennen. Yn 1409 moast de bou fan de poarte ree wêze, want Swol waard yn 1407 lid fan de Hânze, in hannelsbûn fan Noarddútske stêden mei as gefolch woltierigens en rykdom. De Sassenpoarte liet de rykdom fan de stêd Swol yn de fyftjinde iuw, de Swolske Gouden Iuw, sjen. De poarte wie winliken in binnenpoarte, wylst de bûtenpoarte mei in ophelbrêge likernôch op it plak stie fan de hjoeddeistige Sassenpoartebrêge stie. Dy bûtenpoarte wie ferbûn mei de Sassenpoarte troch in rûn plein. Dat plein wie it plak dêr't ynfierd guod ynspektearre waard ear't it talitten waard yn de stêd. Dat plein wie fan grut belang doe't hartoch Karel fan Gelre yn 1524 Swol ynnimme woe. De Swolsters betochten in snoad pla en lieten d ehartoch ta op it plein en sleaten de bûtenpoarte. Sa wie er finzen dêr en skaat fan syn leger dy't oan oare kant de bûtenpoarte legere wie. Karel die de tasizzing dat er him weromlûke soe. Dêrnei lieten de Swolsters him gean, dochs kaam er syn tasizzing net nei. In moanne letter, op 4 april dat jiers kaam er werom en belegere er de stêd fjouwer wike lang. Hy koe de stêd lykwols net ynnimme en luts him dêrnei werom.
Nei't it fêstingwurk yn de santjinde iuw modernisearre waard, ferlear de poarte syn ferdigeningsfunksje. De poarte tsjinne doe as finzenis, dêr't de grûnferdjipping as wente fan de finzenishâlder tsjinne. Yn 1739 waard it ynterieur yngeand feroare en waard de poarte ynrjochte as hûsfêsting foar earme hûshâldings. Doe waard ek de dakruter ferfongen troch in klassisistysk koepeltuorke mei in oerwurk.
De poarte
bewurkje seksjeDe Sassenpoarte is in fjouwerkante bakstiennen gebou mei fjouwer hoektuorren. De tuorren oan de lânkant binne fan ûnderen rûn boud en gean oer nei in achtkantige foarm. Dy beide tuorren flankearje in útbou mei smytgatten yn de flier. Ut dy smytgatten wei koe de ynfallende fijan mei gleonhjitte oalje of pik bestookt wurde. De tuorren oan de stedskant binne erkertuorren op pylders.
Foar de bou fan de poarte is natoerstien brûkt, lykas trachyt, dowestien en Bentheimer sânstien. 101.000 stiennen binne yn de poarte ferwurke.
De poarte wie part fan de stedsmuorre fan Swol. Bûten de poarte wie in rûnen ommuorre plein dy't mei de bûtenpoarte ferbûn. De bûtenpoarte waard yn 1839 ôfbrutsen.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sassenpoarte fan Wikimedia Commons. |