Schoonoord is in doarp yn de gemeente Coevorden (foar 1998 gemeente Sleen) yn de Nederlânske provinsje Drinte. It hie yn 2015 sa'n 1870 ynwenners.

Schoonoord
Bestjoer
Provinsje Drinte
Gemeente Coevorden
Sifers
Ynwennertal 1870 (1 jannewaris 2015)
Oar
Postkoade 7848
Koördinaten 52° 51' NB, 6° 45' OL
It sintrum fan Schoonoord mei brêge

It plak waard yn 1854 stifte nei it oanlizzen fan it Oranjekanaal. De namme waard betocht troch feanter Klijn, dêr't schoon ferwiist nei "kreas" of "moai". It neiere Schoonloo sil ek wol in rôl by de kar fan de namme spile hawwe.

It doarp waard boud op de kop fan in sânrêch, dy't heger as it omkringjende lân is. De earste bewenners wiene kanaalgravers dy't fan Smilde weikamen. Letter, doe't it neiere Odoornerveen oanmakke waard, kamen der ek feanters nei Schoonoord, dat ta in rom doarp útwoeks, trochsnien troch it Oranjekanaal.

Yn juny 1854 telde it doarp al 30 hûshâldings mei 148 ynwenners.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Yn it ramt fan it hûndertjierrich bestean fan it doarp, waarden der in stikmannich spitketen en feanhûskes op in stik heidelân neimakke. Dat is njonkelytsen woeksen ta in iepenloftmuseum: it Ellert en Brammertmuseum.

Besuden it doarp leit it ferneamde hunebêd: de Papeloze kerk.

Nijsgjirrich

bewurkje seksje

In ferneamd ferhaal út de omkriten fan Schoonoord is dy fan Ellert en Brammert, twa grutte rûge reuzen. It ien en oar spilet him ôf op wat no't it Ellertsfjild hjit.


Keppeling om utens

bewurkje seksje


  Coevorden  
Stêd:
Coevorden
Doarpen:
AaldenAchterste ErmBenneveldDalenDalerpeelDalerveenDe KielDiphoornEldijkErmGeesGeesbrug't HaantjeHolslootLangerakMeppenNieuwe KrimNieuwlande (foar in part) ● Noord-Sleen · OosterhesselenSchoonoordSleenSteenwijksmoerStieltjeskanaalVeenhuizenWachtumWezupWezuperbrugZweelooZwinderen
Buorskippen:
BallastDe HaarDe MarsDen HoolKibbelveenKloosterPadhuisPikveldSchimmelarijVlieghuisWeijerswold
  ·   ·