Sealterfrysktalige literatuer

De Sealterfrysktalige literatuer bestiet út in lyts ferskaat oan proaza en poëzij. Oant healwei de 20e iuw waarden de measte teltsjes troch frjemden opskreaun en publisearre. Nei 1950 hawwe der ferskate minsken yn it Sealterfrysk skreaun of besteande wurken nei it Sealterfrysk oerset.

Sealterfryske literatuer

Foar sa likernôch 1550 waard it Aldfrysk brûkt foar it fêstlizzen fan rjochtsteksten. Der is net ien spesifike rjochtstekst dy't út it Sealterlân komt. Yn de tiid dêrnei wurde der mar in pear Fryske teksten skreaun yn East-Fryslân.

De earste Sealter ferteller wie Hermann Griep (1800-1871), ek wol Fokke Hämken neamd. Yn 1846 skreau er talrike mearkes en teltsjes. Syn wurk waard yn 1970 pas útbrocht.[1] Theodor Siebs (1862-1941) publisearre yn 1893 in bondel mei dêryn in ferskaat oan ferhalen fan anonime fertellers.

Gesina Lechte-Siemer (1911-2007) wie de earste dichter in de Sealterfryske taal. Hja begûn al yn har bernetiid mei it dichtsjen yn har memmetaal. It teaterstik Louts Hinerks Tjoue hat hja yn 1931/32 skreaun.

Hermann Janssen (1888-1971) skreau yn de jierren 1953-1962 talrike Sealterfryske artikelen oer de taal en kultuer fan 't Sealterlân. Dy stikken binne letter bondele yn it Lesebouk foar Seelterlound. Yn 1960 hie Janssen it earste stripferhaal Deer waas iensen 'n oold Wieu publisearre. Yn 1964 publisearre Hermann Janssen mei Pyt Kramer (1923) Dät Ooldenhuus. Fan Pyt Kramer ferskynde yn 1971 de Sealterfryske oersetting Litje Swotte Sambo. Janssen en Kramer joegen yn de jierren 1966-1972 Seelter Trjoue - Tidschrift foar alle Seelter út, in tydskrift dat fjouwer kear jiers ferskynde. In oare wichtige meiwurker fan dat tydskrift wie Theo Griep, dy't yn dy tiid it boek Twiske Ticheläi un Baarenbierich skreau.

Yn 1977 ferskynde in dichtbondel fan it wurk fan Gesina Lechte-Siemer mei de namme Ju Seelter Kroune. De fan oarsprong Amerikaanske Marron Curtis Fort publisearre yn 1985 de ferhalebondel Saterfriesisches Volksleben en yn 1990 in ferhalebondel mei de titel Saterfriesische Stimmen. Yn beide gefallen giet it om it opskriuwen fan mûnling oerlevere folksferhalen. Yn it jier 2000 is Fort syn Sealterfryske oersetting fan it Nije Testamint ferskynd. Twiske Ticheläi un Baarenbierich is part fan it Sealterfryske wurk fan Theo Griep (1916-2007) dat er allinnich skreaun hat, mar yn gearwurking hat er sawol yn it Sealterfrysk as ek Dútsk skreaun.

Theo Deddens skreau fan 1977-1990 Sealterfryske stikken yn de regionale krante, de Münsterländische Tageszeitung. Yn totaal hat er sa'n 300 artikelen skreaun yn it Skäddeler dialekt fan it Sealterfrysk. Margaretha Grosser (*1934) hat in soad wurken foar folwoeksenen skreaun en klassike berneliteratuer oerset. Boeken as Dööntjen un Fertälstere uut Seelterlound en Mien Tuunschiere binne ferhalebondels foar folwoeksenen. Klassike berneboeken lykas Die litje Prins (De Lytse Prins), Tuusterpäiter (Smoarge Piter) en Die fljoogende Klassenruum hat sy respektyflik yn 2009, 2010 en 2013 oerset. Ek skreau hja Sealterfryske stikken yn de regionale kranten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Walker, A. 2001. Wanderer in zwei Sprachen. Side 92. EBLUL