Goesearn

(Trochferwiisd fan See-earn)

De goesearn, see-earn of guozze-earn (Haliaeetus albicilla) is in grutte rôffûgel út de famylje fan de haukfûgels.

goesearn
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift rôffûgels (Accipitriformes)
famylje haukfûgels (Accipitridae)
skaai see-earnen (Haliaeetus)
soarte
Haliaeetus albicilla
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

     trochtrekker
     reyntrod. (stânfûgel)
     reyntrod. (trochtrekker)


De goesearn is ien fan de grutste rôffûgels yn Jeropa. De goesearn falt ek op troch syn giele snaffel dy't yn ferhâlding mei oare rôffûgels hiel grut is. De fearren fan de goesearn binne foar it grutste part brún. Op de kop, rêch en boarst binne de fearren wat ljochter. De folwoeksen goesearn hat in koarte wite sturt.
In jonge goesearn is folle donkerder. De fearren binne donkerder, de sturt is ek noch brún ynstee fan wyt en ek de snaffel is noch donker.
In goesearn is tusken de 74 en 92 sm. grut en de wjukspanwiidte leit tusken de 193 en 244 sm. De wyfkes binne mei in gewicht tusken de 3,7 en 6,9 kilogram wat swierder as de mantsjes dy't tusken de 3,1 oant 5,4 kilogram wage.

 
Jong fan sa'n 50 dagen âld.
 
Goesearne-aai.

Fersprieding

bewurkje seksje

De goesearn komt foar yn gebieten mei in protte wetter, fan Grienlân, oer hiel Jeraazje oant de Kust fan de Stille Oseaan.
Yn West-Jeropa wie de soarte troch it jachtsjen fan de minsken en troch fergiftigjen mei it lânbougif DDT hast hielendal ferdwûn. Mar sûnt it midden fan de jierren '80 wreidet de fûgel syn gebiet yn grutte parten fan Jeropa wer út.
Yn Nederlân is de see-earn ek geregeld te sjen. Foaral yn de Oostvaardersplassen yn Flevolân. Dêr briedt al sûnt 2006 in pearke see-earnen.

Foarkommen yn Fryslân

bewurkje seksje

It earste besykjen fan de fûgel om yn Fryslân te brieden datearret fan 2009. Dat wie yn it Lauwersmargebiet. Yn 2010 hie it pear súkses en fleach in jonge earn út. De goesearn briedt tsjintwurdich (2017) ek yn de Alde Feanen by Earnewâld en yn de Súdwesthoeke by Koudum.[1].

De goesearn yt it meast fisk, wetterfûgels en ies. De fisken wurde it meast sels fong troch de earnen, mar se ite ek wol deade as heal fergiene fisken. Fan de wetterfûgels binne de eiders en de seachbekken populêr as proai.

Fuortplanting

bewurkje seksje

Goesearnen bouwe grutte nêsten, faak yn âlde beammen. De nêstkûle wurdt mei gers en mos oanklaaid. In nije nêst hat in trochsnee fan 1,2 oant 1,5 meter in is sa'n heale meter heech. Alde nêsten kinne wol in trochsnee fan 2 meter hawwe en wol 3 oant 5 meter heech wurde. Oan de kusten wêr't net in protte beammen binne briede de earnen ek wol op de rotswanden as op de grûn.
It wyfke begjint yn Jeropa meast tusken mids febrewaris en mids maart te brieden. Sy leit dan ien oant trije wite aaien dy't yn likernôch 38 dagen útbret wurde. It duorret sa'n 80 oant 90 dagen foar de jongen fleane kinne.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  Commons: Goesearn – foto, fideo en harktriemmen