Seefang (Nederlânsk: Zeevang) is in krite en eardere gemeente yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân. De gemeente hie op 31 maart 2015 6.269 ynwenners en besloech in oerflak fan 54,34 km². De gemeente Seefang wie part fan 'e plusregio Stedsregio Amsterdam. De krite wurdt ornaris ta de krite Wetterlân rekkene, wylst it fan oarsprong dêr net ta hearde.


Sicht op Oosthuizen
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
sifers en geografy
haadplak Oosthuizen
grutste plak Oosthuizen
ynwennertal 6.269 (1 jannewaris 2015)[1]
oerflak 55,21
● wêrfan lân 38,06
● wêrfan wetter 17,15
tal doarpen 8
ferkearsieren A7 N244 N247
skiednis
oprjochte 1970
foar 2016 Beets
Kwadijk
Middelie
Oosthuizen
Warder
opheft 2015
opgien yn Edam-Volendam
no part fan Edam-Volendam
oar
netnûmer 0299
postkoade 1470-1477
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.edam-volendam.nl

Polder Seefang is in Natura 2000-natoergebiet yn 'e krite.

Skaaimerkend foar de krite is it feanlânskip mei syn lange smelle stripen lân en lintdoarpen. Foar it oanmeitsjen fan it gebiet dat yn de 11e iuw úteinsette, bestie it lânskip fan it gebiet út in tsjokke laach fean dy't goed twa meter boppe seenivo lei. Lytse feanbeken soargen foar it ôffieren fan it reinwetter nei de see ta. By it oanmeitsjen waarden sleatten foar it ôfwetterjen groeven dy't heaks op de beken groeven warden. It lân waard gaadlik far de lânbou makke. Troch it ôfwetterjen fan it fean belune de grûn en waarden diken oanlein en beskermje it lân tsjin it wetter. Polder Seefang ûntstie mooglik al yn de 13e iuw. De polder waard omsletten troch in dikestelsel en it wetterpeil waard beheard troch it oanlizzen fan slûzen. Lykwols troch it besakjen fan de grûn wie dêr mear wetter te bewurkjen en sadwaande koene de beken it ôffieren net mear beneikomme. By floed strûpte it lân gauris ûnder wetter dêr't der marren yn binnenseeën troch ûntstiene. Doe waard besletten it oerbliuwende lân te bedykjen en sa ûntstiene dêr suver eilannen. Polder Seefang wie ien fan sokke eilannen. Yn 'e 16e 17e iuw waard úteinset it wetter om de polder hinne drûch te meallen. It lânskip fan Seefang is lykwols troch de iuwen hinne net in bot feroare.

Seefang waard 1970 foarme nei it opheffen fan 'e âlde gemeenten Beets, Kwadijk, Middelie, Oosthuizen en Warder. Yn 2012 die de gemeente formeel in oanfraach om opnommen te wurden yn 'e oanbuorjende gemeente Edam-Volendam. De tariedings dêrta begûnen yn oktober 2013, wêrnei't de anneksaasje fan Seefang troch Edam-Volendam op 1 jannewaris 2016 in feit waard.

Plakken yn de eardere gemeente

bewurkje seksje

Doarpen/Utbuorrens:

Buorskippen:

 

Topografyske gemeentekaart fan Seevang, juny 2015

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noaten
Boarnen
Noard-Hollân
 
Flagge fan de provinsje Noard-Hollân
Aalsmeer - Alder-Amstel - Alkmar - Amstelfean - Amsterdam - Bergen - Beverwyk - Blaricum - Bloemendaal - Castricum - Diemen - Dyk en Waard - Drechterlân - Eastsaan - Edam-Volendam - Felsen - Goaiske Marren - Haarlim (haadstêd) - Haarlimmermar - Heemskerk - Heemstede - Heiloo - De Helder - Hilfertsom - Hoarn - Hollâns Kroan - Huizen - Inkhuzen - Koggelân - Landsmeer - Laren - Medemblik - Opmeer - Purmerein - Saanstêd - Skagen - Stede Broec - Teksel - Uitgeest - Uthoarn - Wetterlân - Widemarren - Wormerlân - Zandvoort
wizigje