Servje en Montenegro

Државна заједница
Србија и Црна Гора
Flagge fan Servje en Montenegro Wapen fan Servje en Montenegro
Flagge Wapen
Lokaasje fan Servje en Montenegro
Offisjele taal Servysk
Haadstêd Belgrado
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
102.350 km²
0,25­%
Ynwenners (2000) 10.662.087
Munt Dinar (CSD)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 29 novimber
Lânkoade CSG
Ynternet .cs
Tillefoan 381

Servje en Montenegro wie in steatebûn op de Balkan. De haadstêd wie Belgrado en de presidint fan de republyk wie sûnt 2004 Boris Tadić

Grinzen bewurkje seksje

Servje en Montenegro waard begrinzge troch:

Ein bewurkje seksje

Servje en Montenegro wie in bûn fan de lêste twa parten fan it eardere Joegoslaavje: it grutte Servje en it lytse Montenegro. It ferbân tusken dizze twa waard stadichoan losser en troch de measte minsken waard de opsplitsing fan it lân dan ek beskôge as in kwestje fan tiid.

Op 21 maaie 2006 waard yn Montenegro in folksstimming hâlden oer de fraach at Montenegro part fan it steatebûn bliuwe moast of selsstannich wurde moast. By in opkomst fan 86,49% wie 55,5% foar, dêr't foar in beslút mar 55% by 50% easke wie. Op 3 juny om 20.00 oere rôp it parlemint fan Montenegro doe de ûnôfhinklikens út. Formeel wie Servje doe it ienichste lid fan it steatebûn, dat op 5 juny ferklearre ek Servje him ûnôfhinklik.