Haadmenu iepenje

Seymore Butts Home Movies is in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't fêstige is yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, en yn Hightstown, yn 'e steat Nij-Jersey.

Seymore Butts Home Movies
algemien
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
type privaat
sektor pornografyske filmstudio
haadkertier Los Angeles (Kalifornje) /
Hightstown (Nij-Jersey)
oprjochte 1992
oprjochter Seymore Butts
eigner Seymore Butts
offisjele webside
www.team-tushy.com

It bedriuw waard yn 1992 oprjochte troch Seymore Butts (echte namme: Adam Glasser), en hat sûnt mear as 130 pornografyske films produsearre, dy't frijwol allegear troch Butts sels regisearre binne, en wêryn't gauris ferneamde pornoaktrises as Shane, Taylor Hayes, Mari Possa en Flower Tucci meispilen. Alle produksjes fan Seymore Butts Home Movies hearre ta de sjenres fan 'e gonzo en de realitypornografy. Fan 2003 oant 2006 stie it bedriuw sintraal yn 'e realitytillefyzjesearje oer Butts, mei as titel Family Business, dy't ek op 'e Nederlânske tillefyzje útstjoerd is.

Keppelings om utensBewurkje

(in) Offisjele webside fan Seymore Butts Home Movies

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.