Shailene Woodley (folút: Shailene Diann Woodley; San Bernardino (Kalifornje), 15 novimber 1991) is in Amerikaansk film- en tillefyzje-aktrise, model en filmprodusinte, dy't oarspronklik bekendheid krige mei har rol yn 'e tillefyzjesearje The Secret Life of the American Teenager. Foar har rol yn 'e film The Descendants waard se yn 2011 nominearre foar in Golden Globe yn 'e kategory bêste byrol fan in aktrise. Teffens krige se lof taswaaid foar har optredens yn 'e films The Spectacular Now en The Fault in Our Stars, en yn 'e filmrige Divergent.

Shailene Woodley
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Shailene Diann Woodley
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 15 novimber 1991
berteplak San Bernardino (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
jierren aktyf 1999 – no
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Woodley waard yn 1991 berne yn San Bernardino, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hja groeide op yn Simi Valley, deunby Los Angeles. Har heit, Lonnie Woodley, is in skoaldirekteur, en har mem, Lori Victor, in skoaldekaan. Woodley hat in jongere broer. Hja begûn mei modellewurk doe't hja fjouwer jier wie. Se folge de middelbere skoalle oan 'e Simi Valley High School. Doe't se fyftjin jier wie, waard by har skolioaze (in sydlingse ferkromming fan 'e rêchbonke) fêststeld, en waard se fan heupen oant earmholten ynpakt yn gips om fierdere fergroeiïng tsjin te gean. Foar't se besleat en wurd aktrise, joech Woodley der omtinken oan om binnendoararsjitektuer te studearjen oan 'e Universiteit fan New York.

 
Shailene Woodley yn 2008.

Aktearkarriêre bewurkje seksje

Woodley hie har earste tillefyzjerol yn 1999, doe't se acht jier wie, as figurante yn 'e tillefyzjefilm Replacing Dad. Tusken 2001 en 2004 hie se weromkearende rollen yn 'e tillefyzjesearjes The District, Crossing Jordan en The O.C., wylst se yn dy snuorje ek te sjen wie yn ien ôflevering elk fan 'e plysjesearje Without a Trace en de komeedzjesearje Everybody Loves Raymond. Yn 2005 fertolke Woodley de titelrol yn 'e tillefyzjefilm Felicity: An American Girl Adventure, wêrfoar't se nominearre waard foar in Young Artist Award.

Tusken 2005 en 2008 spile se yn tillefyzjefilms en hie se gastrollen yn û.m. de komeedzjesearje My Name Is Earl en de plysjesearjes CSI: New York en Cold Case. Fan 2008 oant 2013 hie se de haadrol yn 'e tillefyzjerige The Secret Life of the American Teenager, dêr't se yn 'e Feriene Steaten lanlike bekendheid mei wûn. Yn dy searje spile Woodley it personaazje Amy Juergens, in teenager dy't swier rekket; de ferhaalline giet dêrnei yn op 'e gefolgen dy't dat foar harsels en har famylje en freonen hat.

 
Shailene Woodley.

Yn 2011 hie Woodley foar it earst in grutte rol yn langspylfilm yn The Descendants; hja spile de rol fan Alex, de geastlik kwelde âldste dochter fan haadpersoan Matt King (spile troch George Clooney). Op dat optreden krige hja wakker positive reäksjes fan 'e filmkritisy, en hja waard derfoar nominearre foar in Golden Globe yn 'e kategory bêste byrol fan in aktrise yn in spylfilm. Teffens wûn se der in Independent Spirit Award mei yn deselde kategory.

Woodley spile ek de rol fan Aimee Finecky yn 'e film The Spectacular Now (2013), dêr't se in Spesjale Sjuerypriis foar Aktearjen mei wûn op it Sundance Filmfestival, en dêropta in nominaasje binnensleepte foar in Independent Spirit Award yn 'e kategory bêste haadrol fan in aktrise. Yn 2014 kaam se yn Nederlân yn it nijs mei har oandiel yn 'e súksesfolle romantyske jeugdfilm The Fault in Our Stars, dy't foar in diel yn Amsterdam opnommen waard. Hja spile dêryn de rol fan Hazel Grace Lancaster, in sechstjinjierrige kankerpasjinte dy't troch har âlden twongen wurdt om mei te dwaan oan in ûndersteuningsgroep en dan fereale rekket op Augustus Waters, in oare kankerpasjint yn dy groep, spile troch Ansel Elgort.

Oare films dêr't Woodley yn 'e earste helte fan 'e 2010-er jierren yn spile, wiene White Bird in a Blizzard (2014) en Snowden (2015), fan regisseur Oliver Stone, mei Joseph Gordon-Levitt yn 'e titelrol fan klokkelieder Richard Snowden. Fierders soe Woodley ek de rol fan Mary Jane Watson krije yn The Amazing Spider-Man 2 (2014), mar regisseur Marc Webb knipte al har sênes der by de filmmontaazje út. Dat er in ferklearring útgean liet dat it "in kreätive beslissing wie om it ferhaal te streamlinen" en dat "iderien it geweldich fûn om mei Woodley te wurkjen" moat in skrale treast west hawwe.

 
Shailene Woodley yn 2011.

Yn 2014 hie Woodley as Tris Prior de haadrol yn 'e film Divergent, in adaptaasje fan 'e lyknammige bestseller foar jongfolwoeksenen fan skriuwster Veronica Roth. Hoewol't de resinsinten kritysk wiene, waard de film in grut kommersjeel súkses, mei as gefolch dat Woodley yn 2015 deselde rol fannijs fertolke yn it ferfolch The Divergent Series: Insurgent en yn 2016 yn it trêde diel fan 'e trilogy, The Divergent Series: Allegiant. Op 'e tillefyzje spile Woodley fan 2017 oant 2019 de haadrol fan Jane Chapman yn 'e searje Big Little Lies. Yn 'e biografyske film Adrift, út 2018, fertolke se de rol fan 'e echte seefarder Tami Oldham, dy't by in stoarm skipbrek litte. Woodley wie ek as filmprodusinte by de produksje fan Adrift belutsen. Datselde jiers waard har op it Festival foar Amerikaanske Films fan Deauville de Opkommende Stjer takend, in priis foar nij talint.

Yn 2019 wie Woodley te sjen yn it romantyske drama Endings, Beginnings, en yn 2021 spile se mei û.o. Jodie Foster en Benedict Cumberbatch yn it op wiere foarfallen basearre drama The Mauritanian, oer de finzenis foar fermiende terroristen op 'e Amerikaanske marinebasis Guantanamo Bay yn Kuba. Yn 2021 komme ek The Fallout en The Last Letter from Your Lover út, wêrby't Woodley behalven as aktrise ek as útfierend produsinte belutsen wie. Foar 2022 stiet de plysjefilm Misanthrope op it programma.

 
Shailene Woodley yn 2014.

Priveelibben bewurkje seksje

Yn 2018 befêstige Woodley dat se in relaasje hie mei de Australysk-Fidzjiaanske rugbyer Ben Volavola. Yn in fraachpetear mei it tydskrift The Hollywood Reporter sei Woodley: "Ik reitsje fereale op minsken op basis fan wa't se binne, net op basis fan wat se dogge of hokker geslacht se binne. Yn april 2020 beëinigen Woodley en Volavola harren relaasje. Dêrnei krige se neffens de geroftemasine yn 'e rin fan 2020 in nije relaasje mei de Amerikaansk fuotbalspiler Aaron Rodgers. Doe't dyselde yn febrewaris 2021 in priis yn ûntfangst naam, betanke er yn syn taspraak syn "ferloofde". Yn it praatprogramma The Tonight Show fan presintator Jimmy Fallon befêstige Woodley op 22 febrewaris dat sy dy ferloofde wie.

Shailene Woodley is tige aktyf as miljeu-aktiviste. Sy en har mem rjochten yn 2010 de non-profitorganisaasje All It Takes mei op, dy't besiket de Amerikaanske jongerein foar te ljochtsjen oer klimaatferoaring en wat sy dwaan kinne om dat proses tsjin te gean. By de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2016 en dy fan 2020 wie Woodley in aktyf stiper fan 'e linkse Demokraat Bernie Sanders.

Yn 2016 wie se ek belutsen by de protesten tsjin 'e Dakota Access-piipline yn 'e Dakota's. Yn oktober fan dat jier waard se arrestearre foar binnenkringen op oarmans gerjochtichheid yn Saint Anthony (Noard-Dakota). Se sleat in skikking mei it Iepenbier Ministearje en krige in jier finzenisstraf ûnder betingst oplein. Yn 2018 naam Woodley aktiviste Calina Lawrence, mei wa't se ûnder de protesten yn 'e Dakota's yn it Standing Rock Yndianereservaat yn 'e kunde kommen wie, as har gast mei nei de útrikkingsseremoanje fan 'e Golden Globes.

Yn july 2019 waard Woodley in 'ambassadrise foar de wrâlseeën' foar miljeubeskermingsorganisaasje Greenpeace. Se sette mei oare aktivisten ôf op in reis fan trije wiken oer de Sargassosee, dêr't se de gefolgen bestudearre fan 'e miljeufersmoarging mei plestik.

Filmografy bewurkje seksje

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1999 Replacing Dad lyts famke tillefyzjefilm
2001–2003 The District Kristin Debreno weromkearende rol; 3 ôfl.
2001–2004 Crossing Jordan de jonge Jordan Cavanaugh weromkearende rol, 4 ôfl.
2003 Without a Trace de jonge Clare Metcalf ôfl. Clare de Lune
2003–2004 The O.C. Kaitlin Cooper weromkearende rol, 6 ôfl.
2004 Everybody Loves Raymond brutaal fanke #2 ôfl. Party Dress
2004 A Place Called Home California "Cali" Ford tillefyzjefilm
2004–2005 Jack & Bobby Chloe Benedict gastrol, 2 ôfl.
2005 Once Upon a Mattress Molly tillefyzjefilm
2006 My Name Is Earl de jonge Gwen ôf. BB
2007 CSI: NY Evie Pierpont ôfl. A Daze of Wine and Roaches
2007 Close to Home Gaby Tursi ôfl. Getting In
2007 Cold Case Sarah Gunden ôfl. Running Around
2007 Final Approach Maya Bender tillefyzjefilm
2008–2013 The Secret Life of the American Teenager Amy Juergens haadrol
2017–2019 Big Little Lies Jane Chapman haadrol
films
2005 Felicity: An American Girl Adventure Felicity Merriman
2007 Moola Ashley Hedges
2011 The Descendants Alex King
2013 The Spectacular Now Aimee Finecky
2014 White Bird in a Blizzard Kat Connor
2014 Divergent Tris Prior
2014 The Fault in Our Stars Hazel Grace Lancaster
2014 9 Kisses boksster koarte film
2014 The Amazing Spider-Man 2 Mary Jane Watson alle sênes sneuvele by filmmontaazje
2015 The Divergent Series: Insurgent Tris Prior
2016 The Divergent Series: Allegiant Tris Prior
2016 Snowden Lindsay Mills
2018 Adrift Tami Oldham ek filmprodusinte
2019 Endings, Beginnings Daphne
2021 The Mauritanian Teri Duncan
2021 The Fallout Anna
2021 The Last Letter from Your Lover Jennifer Stirling ek útfierend produsinte
2022 Misanthrope ek produsinte
fideoklips
2011 Our Deal Day Trotter fan Best Coast
2016 Stand Up / Stand N Rock #NoDAPL sjongster fan Taboo (rapper)
2016 Where's the Love? harsels fan The Black Eyed Peas
fideospultsjes
2016 Allegiant: VR Experience Tris Prior as stimaktrise

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.