Showband Sternse Slotlanders

Showband Sternse Slotlanders is in grut muzykkorps yn 'e Fryske stêd Frjentsjer. De feriening waard yn septimber 1955 oprjochte as in 'tradisjonele' drumband, mar woeks troch de jierren hinne út ta in moderne showband, dy't him sawol mei muzyk as mei dûns dwaande hâldt. De dûns wurdt fersoarge troch in eigen ôfdieling findelswaaisters (troch de band sels color guards neamd).

Showband Sternse Slotlanders
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. feriening (muzykkorps)
wurkmêd hafabramuzyk
fêstige yn Frjentsjer (Fryslân)
oprjochte 1955
offisjele webside
www.sternseslotlanders.nl

Showband Sternse Slotlanders stuolket op twa begjinsels: it oanmeitsjen fan moaie ûnderfinings en oantinkens foar de leden, en it fersoargjen fan entertainment foar it publyk. Om lidmaatskip oantreklik te meitsjen rjochtet de band him op persoanlike ûntjouwing en groepsûntwikkeling. Der wurdt oanhâldend socht nei in goede blâns tusken prestaasje en ferdivedaasje.

Showband Sternse Slotlanders jout in protte optredens yn binnen- en bûtenlân en docht mei oan taptoes. Dêrby binne ûnderwilens al in protte prizen wûn, lykas de gouden medalje op 'e showwedstriden fan it Wrâld Muzyk Konkoers (WMC) 2017, dat holden waard yn it Limburchske Tsjerkrie.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: