Siebe Smeding

(Trochferwiisd fan Sietse Smeding)

Siebe Sytzes Smeding (Reduzum, 16 oktober 1830 - Skearnegoutum, 8 oktober 1892[1]) wie in ûnderwizer en skriuwer. Hy wie de soan fan Sytse Andries Smeding en Grietje Bruinsma. Sietse wie troud mei Akke Douwes Jongbloed fan Toppenhuzen.

Smeding waard ûndermaster yn Akkrum en yn 1858 haad fan de skoalle yn Skearnegoutum. Wie jierrenlang redakteur fan it wykblêd Friso dat yn Warkum útjûn waard. Fierders skreau er foar de Fryske Húsfreon (1851-1853), yn Bijekoer (1852-1853) en ek yn Swanneblommen (1856).

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • J.J. Hornstra yn Fryslân (1928), 161, 177
  • G.A. Wumkes, In Huzumer Klaverbled yn Sljucht en Rjucht (1928), 101
  • G.A. Wumkes, Paden fen Fryslân (Boalsert 1934), 320
  • Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Smeding, Sietse Sietses.