Sigrún (Aldnoarsk foar "Oerwinningsrune"; útspr.: ['sigry:n ], likernôch "syk-rúún") is yn 'e Noardske mytology in walkuere. Hja soe de reynkarnearre Sváfa wêze. Har ferhaal wurdt ferteld yn 'e gedichten Helgakviða Hundingsbana I en Helgakviða Hundingsbana II, dy't diel útmeitsje fan 'e Poëtyske Edda.

Sigrún
Sigrún mei Helgi Hundingsbana yn in yllustraasje fan Robert Engels út 1919.
Sigrún mei Helgi Hundingsbana yn in yllustraasje fan Robert Engels út 1919.
persoanlike bysûnderheden
sekse froulik
soarte personaazje walkuere
berop/amt kriichster
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
oare walkueren, Odin
ûntstean ûnbekend

Helgakviða Hjörvarðssonar bewurkje seksje

Yn it gedicht Helgakviða Hjörvarðssonar wurdt ferteld hoe't de walkuere Sváfa oan in nammeleaze man de namme Helgi jout, dy't "hillige" betsjut. Hja trouwe en libje as man en frou, en oan 'e ein fan it gedicht sneuvelet Helgi yn 'e striid. In prozayske tafoeging oan it gedicht leit út dat Helgi en Sváfa reynkarnearre wurde sille.

Helgakviða Hundingsbana I bewurkje seksje

Yn it gedicht Helgakviða Hundingsbana I sit de held Helgi Hundingsbana op it mei liken oerdutsen slachfjild fan Logafjöll. Dan skynt der ynienen in ljocht fan 'e heuvel en út dat ljocht slacht de wjerljocht wei. Fleanend troch de loft ferskine walkueren klaaid yn mei bloed oerdutsen wapenrissen en helmen, en mei blinkende spearen yn 'e hân. Helgi sprekt de walkueren oan en freget oft se net mei de krigers nei hûs ta wolle as it donker wurdt.

Letter fertelt ien fan 'e walkueren, dy't harsels foarstelt as Sigrún, dat har heit Högni har fersein hat oan Höðbroddr, de soan fan kening Granmarr fan 'e Hniflungen, dy't Sigrún sels ûnweardich achtet. Helgi bringt daliks in grutte legermacht gear om by Frekastein tsjin 'e Hniflungen te oarlogjen en sa Sigrún te helpen om in ûnweardich houlik te ûntrinnen. Yn 'e fjildslach komme Sigrún en de oare walkueren op 'e nij fanwegen en beskermje Helgi yn 'e striid. Nei ôfrin fan 'e slach fertelt Sigrún oan Helgi dat er in grut hearsker wurde sil, en ek ferseit hja harsels dan oan him.

 
Sigrún wachtet by de grêfheuvel fan Helgi.

Helgakviða Hundingsbana II bewurkje seksje

Yn it gedicht Helgakviða Hundingsbana II wurdt itselde ferhaal nochris ferteld, mar yn in justjes oare ferzje en mei in oare útkomst. Helgi Hundingsbana is hjir de soan fan kening Sigmund, de soan fan Völsung, en dy syn frou Borghild (fan Brálund). Syn âlden ferneame him nei de held Helgi Hjörvarðsson, de protagonist út it eardere gedicht Helgakviða Hjörvarðssonar. Nei't Helgi yn 'e striid kening Hunding deade hat, yt er it rauwe fleis fan in ko dy't er op in strân slachte hat. Dêrnei moetet er Sigrún, de dochter fan kening Högni, dy't in walkuere is dy't "troch loft en see" ride kin. Der wurdt mei safolle wurden sein dat hja de reynkarnearre Sváfa is, en teffens wurdt suggerearre dat Helgi de reynkarnaasje is fan Helgi Hjörvarðsson.

Helgi en Sigrún reitsje fereale, mar hja is fersein oan Höðbroddr, de soan fan kening Granmarr fan 'e Hniflungen. Helgi sammelet in ûnbidich grutte float fan Wytsingskippen en set ôf nei Frekastein om tsjin 'e Hniflungen te oarlogjen. Underweis wurde de skippen lykwols teheistere troch in swiere stoarm, en by it ljocht fan in wjerljochtslach sjogge Helgi en syn krigers njoggen walkueren troch de loft fleanen, mank wa't hja Sigrún werom kenne. De stoarm belunet en de skippen berikke feilich har bestimming. Yn 'e dêropfolgjende fjildslach tsjin 'e Hniflungen en harren bûnsgenoaten (ûnder wa Sigrún har famylje) deadet Helgi eltsenien dy't derop tsjin is dat hysels mei Sigrún trouwe sil. Inkeld Sigrún har broer Dagr lit er yn 't libben nei't dyselde trou oan him sward hat.

Dagr is lykwols troch eare ferplichte om de dea fan syn bruorren te wreekjen, dat hy brekt syn wurd en deadet Helgi op in plak dat Fjoturlund hjit mei in spear dy't er fan 'e god Odin krigen hat. Dêrnei keart er werom nei syn suster en fertelt har wat er dien hat. Sigrún sprekt dêrop in ferflokking oer Dagr út, dy't makket dat er de rest fan syn libbensdagen yn 'e wyldernis trochbringe en ies ite moat. Helgi wurdt begroeven en oer syn grêf wurdt in grêfheuvel opsmiten. Hy keart noch ienris út it Walhalla werom om in nacht mei Sigrún troch te bringen. Neitiid stjert Sigrún jong fan fertriet. Helgi en Sigrún wurde lykwols werberne as de held Helgi Haddingjaskaði en de walkuere Kára, de dochter fan Halfdan. Harren ferhaal wurdt fertelt yn 'e Hrómundar Saga Gripssonar.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.