Sint-Gangulfustsjerke (Fisfliet)
De Sint-Gangulfustsjerke is in tsjerkegebou yn it doarp Fisfliet yn it westen fan de provinsje Grinslân. Oarspronklik wie de oan Gangulfus wijde tsjerke katolyk, mar nei de reduksje fan Grins yn 1594 waard de tsjerke protestantsk. De tsjerke is tsjintwurdich yn eigendom fan 'e Stifting Alde Grinslânske Tsjerken.
Sint-Gangulfustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Westerkertier | |
plak | Fisfliet | |
adres | Heirweg 16 | |
koördinaten | 53° 15' N 6° 15' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Gangulfus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1427 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 18799 | |
Webside | ||
De tsjerke op de side fan de SAGT | ||
Kaart | ||
Foargonger
bewurkje seksjeOant 1987 waard tocht dat de Fisflieter tsjerke in foargonger hie, dy't nei in tiidrek fan wetteroerlêst yn 'e jierren 1370-1387 ynstoarte. Neffens dy opfetting soe de biskop opdracht jûn ha it parochygebiet by de parochy Stynsgea yn te dielen. Tsjintwurdich wurdt lykwols oannommen dat de ynstoarte Gangulfustsjerke ferwiist nei de parochytsjerke fan Sint-Gangolf, in westlik fan Gerkeskleaster yn 'e Izermieden lizzend doarp, dat yn dy tiid troch wetter ferneatige waard. It plak dêr't Sint-Gangolf lei waard letter fergroeven, sadat alle midsiuwske resten ferdwûn binne. [1]
Skiednis
bewurkje seksjeNeffens in gevelstien yn 'e westlike muorre fan de tsjerke [2] waard yn opdracht fan kleaster Jeruzalim de hjoeddeiske let-goatyske tsjerke boud. In let-15e iuwsk dokumint skriuwt dat de tsjerke wijd waard oan Sint-Gangulfus.[3] It is ûnbekend oft der eartiids ek in toer west hat, mar om't de dakruter yn ferhâlding ta de tsjerke lyts is wurdt dat wol tocht. Al gau nei de foltôging waard de tsjerke yn opdracht fan it kleaster nei it easten ta langer makke. Yn it koer is in stien mei in tekst oer de roggeprizen yn 1557 (doe't de rogge tige djoer wie) en de wapens fan Gerhardus Wiltinck fan Dwingel.[4][5]
In 1580 gyng Fryslân (dat de hearlike rjochten oer Fisfliet hie) oer op it protestantske leauwe. Yn 1595 waard de earste protestantske dûmny neamd. De dakruter sil faaks út de 17e iuw datearje, om't de klok yn 1630 getten waard troch Hans Falck en de wynwizer (yn de foarm fan in fisk) op 'e dakruter it jiertal 1693 hat. In oare wynwizer yn 'e foarm fan in skip is boppe de nok fan it koer delset.
Om 1700 hinne krige de tsjerke rûnbôgige finsters en yn 1768 waard de dakruter fernijd. Neffens in gevelstien boppe de tagong waard de tsjerke yn 1873 fan bûten pleistere mei foegen, sadat it krekt like oft de tsjerke fan natoerstien boud is. Neffens oare boarnen soe dat al yn 'e jierren 1885 útfierd wêze.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de klok foardere troch de Dútsers, mar de Nederlanners smieten de klok by it transport mei oare klokken yn in sleat om sa tefoaren te kommen dat se omraand wurde soene. De klok rekke by dy aksje skeind. Yn 1946 waard de klok werom brocht, restaurearre en yn 1948 wer ophongen.
Om 'e tsjerke hinne stie eartiids in muorre mei ringen, dêr't it fee oan fêstbûn wurde koe dat op 'e feemerk op 1 maaie ferhannele waard. Letter waard de muorre ferfongen troch in ôffreding fan smei-izer. It westlik diel fan 'e tsjerke waard eartiids brûkt as skoalle, mei in gong fan 'e tsjerke ôfskieden. Yn it houtwurk binne ferskillende boatsjes fike. De skoalle yn 'e tsjerke waard yn 1857 ofskaft.
De ôfskieding fan 1834 en de lettere bou fan de grifformearde tsjerke yn 1933 yn Fisfliet feroarsake in úttocht fan it tal herfoarme leden, sadat de Herfoarme gemeente yn 1955 fusearje moast mei de tsjerke fan Gryptsjerk. Der waarden noch wol tsjinsten holden, mar tsjin it ein fan 'e jierren 1970 wie it herfoarme tsjerkefolk slonken ta likernôch 30 minsken. In pear jier earder wie de tsjerke al oerdroegen oan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. In restauraasje folge yn 1979, werby it pleisterwurk net ferwidere waard en yn 'e tsjerke in nije flier fan tegels lein waard.
De tsjerke wurdt somtiden noch troch de PKN-gemeente Gryptsjerk brûkt foar tsjinsten. Fierder wurde der útstallings en kulturele manifestaasjes holden.
Ynterieur
bewurkje seksjeYn de tsjerke steane fiif famyljebanken, wêrfan't de âldsten út de twadde helte fan de 17e iuw datearje. Efter de bank fan de famylje Hellinga yn it koer is de gevelstien ynmitsele mei it jiertal 1557, de namme fan de abt en de roggepriis. De oare banken binne ienfâldiger en ier 19e-iuwsk. De troch Jan de Rijk ryk dekorearre preekstoel mei klankboerd en dooptún stamt út 1714 en hat in ôfbyld fan in fiskje.
Oargel
bewurkje seksjeIt piipoargel waard yn 1869 boud troch Petrus van Oeckelen út Harendermolen. De bou waard mooglik troch in legaat fan Reitse Luitjens Terpstra. Yn 1962 waard it oargel restaurearre troch Mense Ruiter út Grins.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|