Sint-Geartruidslien

(Trochferwiisd fan Sint-Geertruideslien)

It Sint-Geartruidslien is in lien dat ynsteld waard by testamint fan Hear Goffa Adema fan 9 july 1508 yn Abbegea ûnder de namme "het leen Sint Geertruit de heilige jonckfrou".

De doelstelling, lêzen fan missen, waard yn oplieding ta predikant feroare troch wetjouwende maatregels fan de Steaten fan Fryslân sûnt de Herfoarming yn 1580. By keninklik beslút fan 12 febrewaris 1829 waarden Deputearre Steaten fan Fryslân belêste mei it tafersjoch ûnder oppertafersjoch fan de kening en by beslút fan de minister fn binnenlânske saken fan 29 novimber 1832 ta bestjoerders waarden beneamde de tsjerkefâden fan de Herfoarme gemeente yn Abbegea en ta provisoaren fan dit lien de grytman en assessoaren fan Wymbritseradiel, de amtsfoargongers fan it lettere kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Wymbritseradiel, dêr't Abbegea yn lei. Lêstbedoeld beslút wurdt bewarre yn it gemeente-argyf. Yn dy tiid luts dûmny Sino Attema as benefisiant ek nei syn oplieding de ynkomsten fan it lien; tagelyk wie hy behearder. Oername fan syn behear kaam yn 1833 yn hannen fan de tsjerkefâden fan Abbegea. Sûnt 1870 is de mooglikheid fan in 2e of folgjende beurs iepen, ek far oare stúdzjes as foar predikant. Twa fan de neist bloedbesibben fan de oarspronklike stichter mei it kolleezje fan predikant en tsjerkefâden fan Abbegea wize as kollatoaren de begeunstigden oan, ûnder beperkende bepalings.

Provisoaren lieten yn 1958 de neamde argiven beskriuwe en joegen se yn tydlik behear by dit gemeentlik argyf fan Wymbritseradiel. Dizze stikken, yn trochrinnende nûmering beskreaun, binne net de ienige dy't op it lien betrekking hawwe. Sjoch hjirfoar it argyf fan bestjoerders yn Abbegea en it provinsjaal argyf yn Ljouwert.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • H. Bolt - Geschiedenis van het Sint Geerttruidsleen te Abbega 1508 - 1933, mei stamlist (útjûn troch provisoaren, Snits 1933).
  • W. Nolet en P.C. Boeren - Kerkelijke instellingen in de middeleeuwen, Amsterdam 1951, side 350-354.
  • Omrop Fryslân, programma útstjoerd op 8 novimber 2009 om 14.00 op NED 2
  • A. Hallema - Friese Lenen als studiebeurzen en hun betekenis voor heden en verleden ( It Beaken XXII, 1960, side 121-129 (mei literatuer).