Sint-Georgekanaal
It Sint-Georgekanaal of it Kanaal fan Sint Joaris (Ingelsk: St George's Channel, Welsk: Sianel San Siôr, Iersk: Muir Bhreatan, yn 't Nederlânsk ek wol: Sint-Joriskanaal) is in seestrjitte tusken Ierlân en Wales dy't de Ierske See mei de Atlantyske Oseaan yn it suden ferbynt.
It Kanaal fan Bristol is ferbûn mei it Sint-Georgekanaal.