Haadmenu iepenje
Antoniussikehûs

It Antoniussikehûs is sûnt 1994 it sikehûs fan Snits en de Súdwesthoeke. It is de nijbou fan it eardere Sint Anthonius Sikehûs, dat al sûnt 1903 bestie. De opset by de bou fan it sikehûs wie dat it mûglik wêze moast it fier út te wreidzjen, en dat is dan ek al ferskate kearen bard.

It sikehûs stribbet altiten nei kwaliteitsferbettering. Sa wie it Antoniussikehûs yn april 2007 neffens in ûndersyk fan it Nivel en de Frije Universiteit it meast feilige sikehûs fan Nederlân. Ek hat it sikehûs 5 april 2007 it Karmerk Feilich Iten hân. It Antoniussikehûs besiket fierder ûnder oaren de tiid dy't de pasjint twongen wurdt yn it sikehûs troch te bringen sa koart as mûglik te hâlden. Dit hâldt yn dat ferskate hannelings no poliklinysk dien wurde dêr't de pasjint oars foar yn it sikehûs lizze moast.

Sûnt 1994 stipet it sikehûs it Mwambani Hospitaal yn Tanzania.

Keppeling om utensBewurkje