Mary van Rossem, better bekend as Sis van Rossem (Seist, 2 maaie 1945Utert, 4 maaie 2022[1]), wie in Nederlânsk keunsthistoarikus.

Sis van Rossem
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Sis van Rossem (2014)
Sis van Rossem (2014)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Mary van Rossem
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 2 maaie 1945
berteplak Seist
stoarn 4 maaie 2022
stjerplak Utert
wurkpaad
wurksum as Keunsthistoarikus
medium Telefyzje
wurksum by NTR
bekend fan Hier zijn de van Rossems

Biografy bewurkje seksje

Sis wie de dochter fan keunstskilder Gerard van Rossem en Huberta Gerarda Nolen en de sus fan arsjitektuerhistoarikus Vincent en histoarikus Maarten van Rossem. Dy lêste joech har har namme Sis (fan it Ingelske wurd sister).

In grut part fan har libben wie se wurksum yn it ûnderwiis, fan middelbere skoallen oant learare-oplieding en Hegeskoalle Utert. Sels studearre se fan har tritichste ôf in skoft oan de Universiteit Utert.

Mei har bruorren presintearre sy it telefyzjeprogramma Hier zijn de Van Rossems. By de dêrfan ôflate rige Broeders in Berlijn moast se yn 2019 ferstek gean litte fanwegen sûnens problemen[2].

Sis van Rossem ferstoar op 4 maaie 2022 yn it sikehûs yn Utert, dêr 't se twa dagen earder opnaam waard nei in fal yn har wenning.

Publikaasje bewurkje seksje

De kollums fan Van Rossem, hanneljend oer it deistich libben en keunstskiednis, dy 't hja ûnder oaren skreau foar it blêd Maarten! binne bondele ûnder de titel Door de ogen van Sis van Rossem, 2019.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: