Sjinkie Knegt (Bantegea, 5 july 1989) is in shorttracker út Bantegea.

Sjinkie Knegt
sporter
Sjinkie Knegt
Sjinkie Knegt
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 5 july 1989
berteplak Bantegea
lingte 1,72 m
sportive ynformaasje
sport Shorttrack
O.S. Fankoever 2010 - Sotsjy 2014
debút 2009

Libben en karriêre bewurkje seksje

Hy is de soan fan Liesje en Joost Knegt. Hy is neamd nei syn Sineeske pake Sjing Ting dy't lang lyn nei Nederlân kaam as pindaferkeaper. De famylje wennet boppe it kafee net fier fan it gebou dêr't Sjinkie nei skoalle gie. Hy mei graach wat mei automotors ompiele. Sjinkie learde riden op de iisbaan fan Bantegea. Letter treent er by Shorttrack Club Thialf. Sûnt 2007 rydt er by de Nasjonale Trening Seleksje dy't treend wurdt troch John Monroe, tegearre mei âld-Nederlânsk Kampioen Versteeg. Neist syn 8 oeren treningsarbeid op in dei folget er in wurk-leartrajekt by Philips yn Drachten.

Yn jannewaris 2009 debutearre er by it EK shorttrack yn Turyn. Dêrfoar wie de shorttracker al in skoft súksefol by de junioaren. Yn novimber 2009 kwalifisearre hy him foar de Olympyske Winterspullen 2010 yn Vancouver. Knegt sil ride op de 500, 1000 en 1500 meter.

By it Europeesk kampioenskip shorttrack 2011 yn Thialf, op It Hearrenfean hat Sjinkie Knegt mar leafst 2 brûnzen medaljes (3000m en algemien klassemint), 1 sulveren medalje op de 1500m en goud op de 5000m ôflossing mei Daan Breeuwsma, Niels Kerstholt en Freek van der Wart wûn.

Under de Olympyske Winterspullen yn Sotsjy wûn Knegt de brûnzen medalje, de earste Fryske Olympyske shorttrack-medalje yn de skiednis. Op 15 febrewaris 2017 waard Knegt útroppen ta Frysk sportman fan it jier 2016.[1]

Mids desimber 2018 rekke Knegt swier blessearre oan syn lofterskonk doe't er yn 'e knipe kaam tusken syn heftruck en it kezyn fan 'e skuordoar fan syn pleats. Dêrtroch koed er net meidwaan oan it EK 2019.[2] Yn it twadde wykein fan jannewaris 2019 krige Knegt op 'e nij in ûngelok, doe't er by it oanstekken fan in houtkachel slimme brânwûnen oprûn. Nei eigen sizzen stied er fan syn foarholle oant syn teannen yn 'e brân, en neitiid lei er sân wiken yn it Martini Sikehûs yn Grins, foar't er ein febrewaris nei hûs mocht. Hy sei by dy gelegenheid te hoopjen dat er op 'e tiid opbettere en traind wêze soe foar it reedrydseizoen fan 2019-2020.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Lolkema, Renze, Vier sportvrouwen van het jaar, yn: de Ljouwerter Krante, 16 febrewaris 2017, s. 2.
  2. Lolkema, Renze, Sjinkie Knegt gewond na ongeluk met heftruck, kan Europese shorttracktitel niet verdedigen, yn: de Ljouwerter Krante, 13 desimber 2018.
  3. Lolkema, Renze, Gebroken Sjinkie mag eindelijk naar huis, yn: de Ljouwerter Krante, 29 febrewaris 2019, s. 3.