</noinclude> Sjoerdtsje Faber (Wergea, 6 maaie 1915Aldeboarn, 29 oktober 1998) wie in Nederlânsk langeôfstânshurdrydster. Yn de Alvestêdetocht fan 1940 wie sy de iennichste frou dy't de finish helle.

Sjoerdtsje Faber
Reedrider
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 6 maaie 1915
berteplak Wergea
stjerdatum 29 oktober 1998
stjerplak Aldeboarn
sportive ynformaasje
ûnderdiel Langebaan

Omdat froulju yn de Alvestêdetocht fan 1940 útsletten wienen fan de wedstriid, die hja mei as toerrider. Se wie ien fan de mar 27 toerriders dy't de tocht wisten út te riden. Mei har likernôch 13 oeren die sy der oardeloere langer oer as de fiif riders dy't meielkoar as earste oer de streek kamen. By de Alvestêdetocht fan 1941 ûntfâlde him yn de toertocht in striid tusken Wopkje Kooistra út Wergea en Faber om de ear de earste frou te wêzen. Faber moast úteinlik dochs njoggentjin minuten oan har doarpsgenoate tajaan. Yn de Alvestêdetocht fan 1942 dienen Kooistra en Faber der beide in heal oere langer oer as Antje Schaap.

Faber die teffens mei oan de Alvestêdetochten fan 1947 en 1956. Yn 1954 koe se net omdat sy swier roan fan in bern. Faber pleite geregeldwei foar it iepenstellen fan de wedstriid foar froulju, mar yn har aktive perioade woe it bestjoer dêr neat fan witte. Earst yn 1985 mochten froulju as wedstriidrider meidwaan.

Sjoerdtsje Faber wie sûnt 1953 troud mei feehâlder Theun Venema (1915-2001) út Aldeboarn. Sy stoar yn de âldens fan 83 jier yn 1998.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: