Skeelerferiening Slykrôlers

Skeelerferiening Slykrôlers (Nederlânsk en offisjeel: Skeelervereniging Slikrollers) is in sportklub út it Fryske doarp Sint-Anne, op It Bilt, dy't him taleit op skeelerjen (of inline-skaten, sa't it ek wol neamd wurdt). De feriening is op 12 maaie 2006 oprjochte en it tal leden woeks anno 2018 noch elts jier oan. De namme ferwiist nei It Bilt, dat út oanslike lân bestiet, yn kombinaasje mei it feit dat skeelers fjouwer lytse tsjiltsjes efterinoar hawwe dêr't de skeelerder op rôlet.

Skeelerferiening Slykrôlers
Skeelervereniging Slikrollers
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. feriening
wurkmêd sport (skeelerjen)
fêstige yn Sint-Anne (Fryslân)
oprjochte 2006
offisjele webside
www.slikrollers.nl

Neffens de presintaasje fan Skeelerferiening Slykrôlers ûnder de Akademyske Dagen fan 2018 yn Frjentsjer, wêrby't it publyk oanbean waard om ûnder begelieding in rûntsje op skeelers om 'e Martinytsjerke hinne te meitsjen, giet it om "in supergesellige klub [...] foar jong en âld." In wichtich doel fan de Slykrôlers is it oanfiterjen fan 'e skeelersport yn de gemeente De Waadhoeke. Dêrta fine der eltse wike trenings plak op 'e skeelerbaan fan de feriening yn Sint-Anne.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: