Skiednis fan Japan

De skiednis fan Japan is foar in grut part beynfloede troch har geografyske lizzing westlik fan Aazje dêr't it fan skieden waard troch de see. Dat isolemint hat ek it karakter bepaald fan de Japanner dy't gjin kennis nimme koe fan lannen om him hinne. Aziatyske ferwurvenheden as religy, keunst en wittenskippen soenen pas iuwen letter Japan ynkringe.

Samûray fan de Satsuma-clan, sa. 1868-1869, Opname fan Felice Beato

Prehistoarje bewurkje seksje

Paleolitikum bewurkje seksje

It begjin fan de Japanske skiednis leit yn it tiidrek fan it saneamde Paleolitikum (âlde stientiid) en set útein tusken 100.000 f.Kr. oant 30.000 f.Kr., wannear't it earste stienen ark fûn wurdt. It Paleolitikum einiget ± 12.000 f.Kr., oan de ein fan de iistiid dat oerienkomt mei it begjin fan it Mesolityske Jomontiidrek.

Yn it Neolitikum soargen twa weagen fan ymmigrearjende Aziaten foar in nij bemingen yn de ûntwikkeling fan Japan. Dizze weagen laten ta it ûntstean fan de Jõmon- en de Yayoiminsk, dêr't respektivelik de Ainû en de Japanners fan ôfstamje en dy't dúdlik fan inoar te ûnderskieden kultueren hiene.

Jõmontiidrek bewurkje seksje

 
Jōmon pottebakkers ierdewurk Tokyo National Museum, Japan.

It Jõmontiidrek (10.000 f.Kr.-300 f.Kr.) wurdt karakterisearre troch de oanwêzigens fan ierdewurk, mei typyske spiraalfoarmige ornaminten dêr't dizze perioade har namme troch krige. De Jomon hiene it pottebakkerstsjel noch net en bouden harren diggelguod mei spiraalfoarmige klaairôltsjes. De oanwêzigens fan ierdewurk markearet it ferskil mei it Paleolityske tiidrek. Op de Jōmonperdiode folget it Yayoitiidrek, dêr't it karakteristike ferskil de kultivaasje fan rys op wite fjilden is, tegearre mei it gebrûk fan metaal. Om-ende-by 10.000 f.Kr. ferskynt yn Japan foar it earst ierdewurk, dêr't fan fermoede wurdt dat dizze oernommen waard fan it fêstelân (Korea of Mantsjoerije). Yn it lettere Jõmontiidrek, fan likernôch 1.000 f.Kr. waard ek oan lânbou (garst, bokweet en rys) en feefokken (bargen) dien. Yn de 3e iuw f.Kr. laten ynfloeden fan it fêstelân ôf ta de opkomst fan de nije Yayoi-kultuer.

Yayoitiidrek bewurkje seksje

It tiidrek fan de Yayoi-kultuer (300 f.Kr.-250 n.Kr.) is neamd nei in sektor fan Tokio dêr't wiidweidich opgravings dien binne. De Yayoi-kultuer is hiel bot beynfloede troch it fêstelân en waard mooglik nei Japan brocht troch kloften flechtelingen dêrwei. Der binne gjin oanwizings foar in ynvaazje, mar wat de relaasje krekt wie tusken de nijkommers en de al besteande befolking is net helder. Genetysk ûndersyk jout oan dat de hjoeddeiske Japanner fral fan de Yayoi ôfstammet.

By de fernijings dy't troch de nijkommers nei Japan brocht waarden hearden metalen ark, Sineeske en Koreaanske munten, it pottebakkerstsjel, de weefkeunst en de wite rysbou. Brûnzen foarwerpen waarden ynearsten ymportearre, mar letter ek lokaal makke. It waard fral foar rituele foarwerpen brûkt: spegels, bellen en wapens dy't te tin wienen om echt brûkt te wurden. Izer waard brûkt foar wapens en lânbou-ark.

Iere skiednis bewurkje seksje

De tradisjonele Japanske leginden (de Kojiki en Nihongi) sizze dat Japan yn de 7e iuw f.Kr. stifte is troch de foarâlderlike keizer Jimmu Tenno. Beide skriften besteane lykwols út kompilaasjes fan âlde ferhalen dy't mûnling oerlevere binne en begjin 8e iuw op skrift steld en dêrtroch as legindarysk te beskôgen binne. Neffens Sineeske boarnen wie Japan ynearsten in gearfoeging fan talleaze lytse steatsjes dy't yn de 3e iuw troch ien fan de protte Japanske clans op Kyushu ferienige waard.

Fan de 4e iuw ôf is der in protte kontakt mei Korea en wurdt Japan fan dêrút iuwen lang (oant de 8e iuw) hiel bot beynfloede. Yn dy tiid wurdt it Sineeske skrift en it boedisme yntrodusearre. De Japanners, of better sein de bewenners fan it Yamato-ryk, hâlden al ier kontakten mei it keninkryk Paekche.

Yn namme hearske de keizer mar fan de 6e iuw ôf wie it feitlike bewâld yn hannen fan de hofnobelen dêr't ferskate famyljes by sieten dy't ien of inkele iuwen de macht fêsthâlde koene.

Taika-reformaasje en Nara-tiidrek bewurkje seksje

Under lieding fan Fujiwara Kamatari waarden wichtige feroarings trochfierd nei Sineesk foarbyld. Hy ûntwurp in yngewikkeld sintrale regearingsfoarm dêr't de keizerlike macht sa grut mooglik by waard en dy fan de clans beheind. Troch dizze feroarings dy't lykwols hiel stadich ynfierd waarden, waard Japan ta in sintrale steat herfoarme. Alle privee-eigendom waard ôfskaft en de hiele steat waard eigendom fan de keizer. De adel dy't oant dan ta Japan bestjoerd hie, krige no hege posten yn in nij, útwreide oerheidsapparaat.

Yn dy tiid feroare de keizerlike residinsje en haadstêd hieltyd. Eltse keizer makke him in nije residinsje, en guons hiene mear as ien. Pas yn 710 waard Nara foarfêst haadstêd (it Nara-tiidrek). De machtichste famylje yn dy tiid wie de Fujiwara-famylje, en de keizer wie meastentiids yn harren macht.

It grutte foarbyld Sina wie de grûnslach dêr't Nara op ûntstie. In protte Sineeske begripen en ideeën makken de Japanners har eigen en foarmen it wer nei eigen besit. Ek it Konfusisme sjitte woartel op Japanske boaiem en rekke ynbêde yn de Japanske kultuer.

Heian-tiidrek bewurkje seksje

Yn de rin fan de tiid kaam de keizer en de machtige hof famyljes hieltyd mear ûnder druk te stean fan boedistyske prysters, en keizer Kammu besleat dêrom syn residinsje opnij te ferlizzen, nei de stêd Heiankyo, it tsjintwurdige Kioto. Dêr ûntwikkele him yn it saneamde Heian-periode (794-1185) in tige ferfine hofkultuer, dêr't de keunsten, yn it besûnder de literatuer, in hichtepunt yn belibben. Yn deselde tiid lit de keizer en syn hofhâlding it bewâld fan it lân meastentiids oer oan legere amtners, wêrtroch de macht stadichoan by de provinsjale gûverneurs kamen te lizzen.

Yn 1072 luts keizer Go-Sanjo him werom yn in boedistysk kleaster. Lykwols bleau hy op de eftergrûn ynfloed útoefenjen op de nije keizer. Sa slagge it him de macht fan de Fujiwara-famylje te brekken, en nei him waard dat in fêste wize fan regearen, dêr't in formeel ôftrêden keizer feitlik de macht by hâlde. Yn betsjutte de ein fan de macht fan de Fujiwara, mar de macht fan oare famyljes út provinsjes naam ta, en de hofhâlding fan de eardere keizer wie faak tige ferskuord troch ynterne politike kwestjes.

De fjouwer sterkste clans wienen de Minamoto-clan, de Taira-clan, de Fujiwara-clan, en de Tachibana-clan. Oan de ein fan de 12e iuw rûn harren ûnderlinge konflikten sa bot op dat in boargerkriich ûntstie dy't bekend stiet as it Hōgeninsidint en de Heiji oarloggen, folge troch de Genpei Kriich. De bekende samûray is in produkt fan dizze tiid. Twa fan dizze famyljes, de Taira en de Minamoto striden derby om de macht. Yn 1160 kamen de Taira as oerwinners út de striid. Hoewol't de Fujiwara formeel harren hege post behâlden, wienen it de Taira dy't troch it beynfloedzjen fan de keizer, it feitlik bewâld hienen. En ek al wie de Minamoto-clan ferslein, hja wiene net ferneatige, en troch in ferbûn te sluten mei de eardere keizer Go-Shirakawa bruts yn 1180 de kriich op 'e nij út. Diskear wûnen de Minamoto wol, en harren lieder, Minamoto Yoritomo krige de titel Shogun. Hy sette in nij polityk systeem útein dêr't de shogun as feodaal hear de macht behearske. It nije systeem soe Japan goed 750 jier behearskje.

Kamakura-perioade en ier Muromachi-tiidrek bewurkje seksje

Yoritomo waard nei syn dea opfolge as shogun troch syn soannen, mar it die bliken dat de macht fan de Minamoto net bliuwe soe, en nei in skoft kaam de Hojo famylje opsetten. Yn 1274 en 1281 waard Japan bedrige troch in ynvaazje fan de Mongoalen, mar beide kearen kaam in swiere tyfoon de Japanners te help. De Japanners sprekke fan in kamikaze, in godlike wyn. Ut ûndersyk yn 1981, nei restanten dy't fûn binne fan de fleat út 1281, docht lykwols bliken dat dizze skippen destiids rûchwei en hastich boud wienen, en dat der min hout foar brûkt wie, fan soms sels healsliten hout. Guons fan dizze skippen wiene eins net geskikt foar op see, mar allinnich foar op rivieren en dêrtroch tige kwetsber yn de stoarm.

Yn 1333, yn de slach by Kamakura waard de Hojo-clan ferslein troch de yn dy tiid ferbanne keizer Go-Daigo en in ferbûn fan eastlike ridderfamyljes. De Ashikaga-famylje naam de shogun posysje oer dat lykwols net troch de keizer Go-Daigo akseptearre waard. Hy gie fuort út Heiankyo, en beluts in ein súdliker in nije residinsje. De Ashikaga beneamden in oarenien as keizer yn Heiankyo, en fan dat stuit hie Japan twa rivalisearjende keizers, oant 1392 doe't de destiids "súdlike keizer" syn kleem op de troan opjoech.

Ek de Ashikaga ferlearen harren machtsposysje yn de folgjende iuw, en wer bruts in bloedigen machtsstriid út. Op it hichtepunt fan dizze boargerkriich, de saneamde Onin-oarloch, waard troch twa famyljes om de macht yn it shogunaat striden wêrby't tusken 1467 en 1477 Kioto ferwoaste waard. Fan in sintraal bewâld wie doe sawat gjin sprake mear, en de ferskate provinsjale hearskers (daimyo) strieden mei elkoar om de macht. Dat tiidrek stiet bekend as sengoku-jidai, de "iuw fan de stridende provinsjes".

Ienwurding fan Japan bewurkje seksje

Under Oda Nobunaga (1534-1582), daimyo fan de provinsje Owari begûn de ferieniging fan Japan. Hy fersloech inkele rivalen, stifte in ferbûn mei oaren, yn it bysûnder Tokugawa Ieyasu fan it oanswettende Mikawa. Yn 1568 ferovere hy Kioto en twong de shogun te flechtsjen. De muonts-striders fan Hiei-zan slachtte hy ôf, mar yn 1582 waard hy toch ien fan syn eigen generaals, Akechi Mitsuhide, fermoarde.

Akechi waard ferslaggen troch in oare generaal fan Nobunaga, Toyotomi Hideyoshi. Hideyoshi sette de ferieniging fan Nobunaga troch, mar dêr't Nobunaga brút geweld brûkte, wie Hideyoshi in wiere diplomaat, en wûn de kriich betiden mei simpele drigeminten, sûnder dat mar ien soldaat yn aksje hoegde te kommen.

Neidat Japan harren alhiel oan de keizer en syn regint (Hideyoshi) trou swarre hie, stjoerde Hideyoshi it leger nei Korea. De fjildtocht gong ynearsten mei foarspoed, mar doe't it de grins fan Sina berikte, krige it de Sinezen tsjinoer har, en seis jier kriich levere gjin dúdlike oerwinning op. Nei de dea fan Hideyoshi yn 1598, lutsen de Japanners harren tebek.

Nei Hideyoshi's dea, waard Tokugawa Ieyasu de sterke man fan Japan. Yn de slach by Sekigahara fersloech er de oanhingers fan Hideyori, de soan fan Hideyoshi. En hy waard de nei shogun yn 1603 doe't de lêste Ashikaga-shogun ferstoarn. Hy bleau mar twa jier oan as shogun en liet him troch syn soan opfolgje. Neffens goede Japanske tradysje, hâlde er op de eftergrûn de macht yn hannen. De ienige tsjinstanner dy't oerbleaun wie, wie Toyotomi Hideyori. Ieyasu twong Hideyori werom nei it kastiel fan Osaka, dat er yn 1615 oermastere.

Ieyasu beheinde de macht fan de boedistyske kleasters de daimyo's, en de keizer en syn hofhâlding kamen yn Kioto yn in soarte fan 'gouden finzenskip', wylst it hof fan de shogun nei Edo (it tsjintwurdige Tokio) ferpleatst waard. Dêrmei waard de macht fan de famylje Tokugawa foar mear as twa iuwen besegele.

Kristendom bewurkje seksje

Yn 1542 sloegen trije Portugezen brek en kamen mei in Sineesk skip op de kust fan Kyushu terjochte. As gau folgen Portugeeske (en letter ek Spaanske, Nederlânske en Ingelske) hannelers, en ek jezuïten-misjonarissen. It kristendom skeat hurd woartel yn Japan, en neffens de misjonarissen wienen der yn 1587 300.000 kristenen yn Japan, fral ûnder de lêgere klassen, mar ek in oantal daimyo's.

Nobunaga wie tige goedwillich foar de jezuïten oer, dy't troch him beskôge waarden as mooglike bûnsmaten tsjin de militante boedistyske sekten, mar ûnder Hideyoshi bekuolle de relaasje, en Tokugawa Ieyasu, dy't de misjonarissen as tarieders seach fan in Portugeeske of Spaanske ynvaazje yn Japan, ferbea de missy en sels it kristendom. Fan 1642 ôf waard Japan úteinlik fan de bûtenwrâld ôfsletten. Japanners mochten it lân net ferlite, en mar inkele Aziatyske en Nederlânske keaplju mochten noch hannel mei Japan driuwe, yn spesjaal dêrfoar oanwiisde gebieten.

Meiji-restauraasje en Meiji-tiidrek bewurkje seksje

It Japanske isolemint duorre goed 200 jier, oant 1854 doe't de Amerikaanske kaptein Matthew Perry mei in fleat de iepening fan Japan ôftwong. De Japanners wienen bang dat it lân yn hannen falle soe fan de kolonialen. Ek yn it binnenlân wienen der problemen in 1868 waard de macht grepen troch in kloft revolúsjonêren, dy't de keizer yn it sintrum fan de macht werom hawwe woe en in snelle oername fan de westerske technology bepleite, om sa de westerske lannen wjerstân te biede kinnen. Dizze aksje stiet bekend as de Meiji restauraasje.

It keizerlik hof waard fersetten nei Edo en krige de namme Tokio. It beleid yn dy tiid wie derop rjochtsje om Japan sa hurd mooglik militêr en ekonomysk te ûntwikkeljen, en der folge in oantal ekonomyske en sosjale herfoarmingen: frije beropskar, ôfskaffing fan de privileezjes fan de samûray-klasse, belêstingen yn jild yn stee fan natuera, ôfskaffing fan it liifeigenerskip fan boeren, frij grûnbesit en it ynstellen fan de tsjinstplicht. Yn rap tempo waarden steatsbedriuwen kreëare dy't sa gau at se ekonomysk rendabel wienen, privatisearre waarden en de ynfrastruktuer fierder útboud. Japan krige in grûnwet dy't basearre wie op dy fan Dútslân en in nij leger opboud mei help fan Jeropeeske adviseurs.

Japan groeide yn hurd tempo út ta in wrâldmacht, en harren nije ambysjes late ta oarloggen mei Sina (1894-1895) en Ruslân (1904-1905), dêr't it Korea (fan 1910 ôf in Japanske koloanje), Taiwan en oare gebieten by ferovere. Benammen de oerwinning op Ruslân makke yndruk: in "westersk" lân ferslein troch in "kleurd" lân.

Yn de Earste Wrâldkriich ferklearre Japan Dútslân de oarloch, en naam de Dútske besittings yn Sina en de Stille Oseaan yn besit. Yn Fersailles liet Japan him dizze gebieten legitym tawize en naam plak yn de Folkebûn.

Twadde Wrâldkriich bewurkje seksje

 
Grutste omfang fan it Japanske keizerryk yn de Twadde Wrâldkriich

Yn de tweintiger en tritiger jierren fan de tweintichste iuw gong it net sa goed mei de Japanske ekonomy. De nasjonalisten kamen oan it bewâld en hienen grûnstoffen nedich dy't se yn Japan net hiene. Yn 1931 feroveret Japan de Sineeske regio Mantsjoerije. It waard in fazalsteat fan Japan en krige de namme Mantsjoekwo. Yn 1937 falt Japan Sina oan en feroveret Peking noch yn datselde jier. Dat is it begjin fan de Twadde Sineesk-Japanske Kriich (1937-1945). Yn 1938 foel Japan in gebiet binnen dat al troch de Sowjetuny kleemd wie, de Sowjets stjoerden in leger en de Japanners waarden ferslein. In jier dêrnei wie der wer in militêr konflikt tusken beide lannen. Diskear teach in Mongoalske kavalery ienheid troch in gebiet dat troch de Sowjetuny en Japan kleemd waard. De Mongoalske kavalery woe syn hynders yn it gebiet weidzje litte. De Japanske leger reage de Mongoalske kavalery fuort. In dei letter kaam it Mongoalske folksleger manmachtich werom, en luts diskear net werom. Yn dizze fûle slach besleat Josef Stalin om it Mongoalske folksleger te helpen. Yn it westen wie de driging fan in Dútske ynvaazje yn Poalen, en Stalin woe foar syn oerlis mei Hitler in foarbyld jaan. It Japanske leger waard troch de Russen ferslein en tekene de neutraliteits-oerienkomst mei de Sowjetuny.

 
It Japanske Keizerryk yn de Twadde Wrâldkriich op syn grutst.

Yn septimber 1940 tekenen Japan, Nazi-Dútslân en Itaalje in ferdrach om inoar te helpen by in mooglike oanfal. Vichy-Frankryk waard troch Japan en Nazi-Dútslân twongen om Yndo-Sina ôf te stean. Op 7 desimber 1941 falt Japan de Amerikaanske marinehaven Pearl Harbor oan. Doe begûn de Twadde Wrâldkriich foar de Feriene Steaten. Mei fûle faasje feroveren de Japanners grutte dielen fan Súdeast-Azië. Birma, de Filipinen, Yndoneezje, Singapore, Hongkong, Maleizje en in stikmannich eilannen yn de Pasifyske Oseaan waarden troch Japan ferovere. Yn 1944 waard de Feriene Steaten sterker yn it Pasifyske gebiet. Dochs wie der fûleindich ferset fan de Japanners. Yn 1945 foel de Sowjetuny Japan oan. Mei de atoombommen op Hiroshima en Nagasaky, respektivelik 6 en 9 augustus, joech Japan him sûnder betingst oer. Yn it tiidrek 1945-1951 waard Japan troch de alliearden (Amerikaanske troepen) beset. Yn 1947 krige Japan in nije grûnwet. Mei it Fredesferdrach fan San Francisco fan 1951 besloech it nije Japanske grûngebiet fjouwer grutte eilannen: Hokkaido, Honshu, Shikoku en Kyushu. Yn 1951/52 kaam in ein oan de besettingsmacht yn Japan. De alliearden woenen Japan as kapitalistyske bûnsmaat hâlde tsjin de kommunistyske Sina, Noard-Korea en de Sowjetuny. Lykwols bleau Japan nei de Twadde Wrâldkriich by elk konflikt passyf.

Nei-oarlochsk Japan bewurkje seksje

It nei-oarlochsk Japan, beheine ta har tsjintwurdige grutte, bleau earst ûnder kontrôle fan Amearika oant 1952 doe't it Fredesferdrach fan San Francisco yn wurking trede. Yn dy tiid bloeide de wolfeart wer as gefolch fan in bjusterbaarlik ekonomysk werstel. Japan krige in nije grûnwet oplein dêr't foar de keizer allinnich noch mar in seremoanjele taak yn oerbleau.

De Feriene Steaten dy't yn 1945 op ûntwapening fan Japan stiene, seagen har konfrontearre mei in ekonomysk Sina, Ruslân en Noard-Korea. Japan soe yn dat kader as "kapitalistysk bastion" fungearje moatte, mei Taiwan, de Filipinen, Súd-Fietnam en Súd-Korea. Omdat neffens de grûnwet Japan gjin grut leger hawwe mocht, waard in plysjemacht fan 100.000 man oprjochte. Letter is de grûnwet feroare, en is sprake fan in "selsferdigeningsmacht". Japan soe lykwols ien fan de meast pasifistyske lannen yn de wrâld bliauwe.

Ek nei it fertrek fan de Amerikanen bleau de ekonomy groeien, en yn de jierren '60 groeide Japan út ta in ekonomyske grutmacht, mei groeisifers fan wol 10% yn it jier en mear. Om 1990 hinne begûn de Japanske ekonomy lykwols te stûkjen en rekke yn ferfal: grutte bedriuwen rekken yn betelingsswierrichheden, wêrtroch't banken twongen wienen te fusearjen of sels bankerot gongen. De Nikkei Index ferlear 70% fan har wearde.

Doe't Japan yn 1998 opskrikt waard troch in Noard-Koreaanske test mei in ballistyske raket en de eangst foar in nukleêre raketoanfal út dizze hoeke tanommen is, hat Japan har definsjebelied feroare en stribbet no nei in aktivere rol fan it leger. Sûnt 2005 wurdt Japan konfrontearre mei de groeiende macht fan Sina, Japan har tradisjonele rivaal. Konflikten oer territoriale wetters en oer skiednisboeken dêr't de oarlochsmisdieden fan Japan yn bagatellisearre of ferswijd wurde, driigje de ferhâldings tusken beide lannen te fersiiken.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Manfred Pohl, Geschichte Japans
  • B.T. Sporry, De geschiedenis van Japan, Bussum-1983