Skiednis fan Naarden

De skiednis fan de stêd Naarden giet werom oant de regearperioade fan Keizer Otto I (936 - 968); it hjitte doe Naruthi. Fermoedlik krige de stêd omtrint 1300 stedsrjochten fan greve Floaris V. Merkrjochten hie de stêd lykwols al folle earder krigen.

Loftfoto Naardense festing

Naarden lei net op it plak dêr't it no leit. Trochdat it optsjende wetter fan de hieltiten wylder wurdende Sudersee it plakje mear en mear bedrige, waard besluten om de stêd, neidat dizze ferwoaste wie yn de Hoekske en Kabbeljauske twisten, op in feiliger plak te werbouwen. Dit plak is in útrinder fan de Utertske Heuvelrêch en is teffens it iennige plak dêr't men út it easten wei nei de wichtige stêden fan it greefskip Hollân reizgje koe. Yn it suden leinen grutte feanmoerassen en yn it noarden de Sudersee.

It hjoeddeiske Naarden is stifte yn 1350. It oarspronklike strjittenpatroan fan de Naardenske festing is yn syn hiele hear en fear bewarre bleaun oant hjoed de dei, ynklusyf de dûbele omwâling.

Op 1 desimber 1572 krige Naarden, de protestantske kant keazen hawwend yn de Tachtichjierrige Oarloch in swiere slach te ferduorjen. Spaanske troepen ûnder lieding fan Don Frederik, de soan fan de hartoch fan Alva, rukten as ûnderdiel fan Don Frederiks fjildtocht op oant foar de midsiuwske stedsmuorren. Ut eangst foar in mooglike Spaanske ferjilding, yn it gefal de bewenners har langer fersetten, iepenen de ynwenners de stedspoarten. Foar it destiidske stedhûs fermoarden de Spanjerts dochs noch sânhûndert Naardense ynwenners, ynklusyf froulju en bern. It barren waard bekend ûnder de namme it Bloedbad fan Naarden. It stedhûs bestiet noch altiten en hjit no It Spaanske Hûs (sjoch Naarden). En as in ekstra ferjilding, om in takomstige opstân ûnmooglik te meitsjen, brutsen de Spanjerts de stedsmuorren ôf. It wie dúdlik dat Naarden better ferdigene wurde moast. Der waarden festingwurken oanlein neffens it Aldnederlânske stelsel. Adriaen Anthonisz (ek ferantwurdlik foar de festingwurken fan Muiden), wie hjirby de belangrykste ûntwerper.

De festingwurken waarden fierder útwreide troch de Frânsen dy't ûnder lieding fan Kening Loadewyk XIV, de ferwaarloaze festing yn 1672 sûnder slach of stjit ferovere hienen. Dizze útwreidings bestienen út it oanbringen fan ravelinen foar de courtines (warmuorre tusken twa bastions) en it oanbringen fan in pallisadewâl mei grêft foar de haadwâl. Dizze ferbetterings koenen lykwols net foarkomme dat de stêd yn 1673 ferovere waard troch steedhâlder Willem III.

Nei de werovering troch de troepen fan de steedhâlder waard besluten om de festing te modernisearjen. Op inisjatyf fan Willem III makke Adriaan Dortsman, mei help fan Nicolaas Witsen in definityf ûntwerp foar de ferdigeningswurken fan Naarden. Dortsman hie lykwols net folle wille fan syn opdracht. De bestjoeren fan Amsterdam seagen yn de nije festing earder in bedriging as in beskerming en grypten elke kâns oan om de bou te sabotearjen. By in ynspeksje yn 1681 kamen slimme gebreken foar it ljocht, it gefolch fan malversaasjes wêrfan Dortsman foar it grutste part ûnterjochte de skuld krige. It wurk waard dien makke troch Willem Paen. Yn 1685 wie de hjoeddeiske ferdigeningsliny mei in dûbele gurle fan wâlen en grêften klear.

Oars as wat in soad minsken miene, hat de ferneamde festingbouwer baron Menno fan Coehoorn gjin oandiel hân yn de bou. Wol utere hy fûle krityk op it úteinlike ûntwerp. Yn it foaropwurd fan syn boek 'Nieuwe Vestingbouw' levere Fan Coehoorn swiere krityk op in 'Sekere Fortresse' dy't opfallende gelikenissen fertoand mei de doe hast foltôge Naardenske festing.

Fan novimber 1813 oant maaie 1814 wie it Belis fan Naarden troch it Nederlânske leger neidat de Frânske generaal Quitard de la Porte (dy't de festing yn 1795 ynnomd hie) wegere hie de festing op te jaan nei de kapitulaasje fan Napoleon.

De lêste kear dat der in soad oan de festingwurken dien waard, wie nei de Frânsk-Dútske oarloggen yn de 19e iuw. Dizze tafoegingen bestienen út it bouwen fan in rige ûnderierdske 'bomfrije' kazernes yn de kelen fan in oantal bastions en it bouwen fan fersonken mortierkazematten yn de saillanten (punten) fan in oantal bastions. Fierders kamen der in bomfrij sikehûs en in bomfrije bakkerij yn ien fan de bastions. Yn it bastion Turfpoarte sit sûnt 1955 it Nederlânsk Festingmuseum, dat ien binnen- en bûtenkolleksje toant en in soad aktiviteiten ûntploait.

 
Poterne fan fort Wurk 4, Bussum

Tusken 1867 en 1870 waard ek it Offensyf fan Naarden oanlein. In fiiftal fersterkings skermen it hege gebiet ôf ten suden fan de Festing Naarden, mar leinen foar de inundaasjes fan de wetterliny. Fan hjirút wienen offensive aksjes tsjin de ynfallende legers mooglik. Yn de earste faze fan de striid lei it fjildleger foar de inundaasjes, mar by tsjinslach luts it leger him werom efter de inundaasjes. De fortenrige beskerme de romte oant Naarden wêrtroch't de troepen tiid krigen om feilich werom te lûken.

Fan de 17e iuw ôf makke Naarden diel út fan de Alde-, en letter de Nije Hollânske wetterliny. Hjirfan is it fort Ronduit, oan de noardkant fan Naarden, offisjeel it noardlikste ûnderdiel.

De festingfunksje fan Naarden hie ek gefolgen foar de bebouwing bûten de eigentlike festing. Troch de Rûntenwet fan 1853 moasten gebouwen bûten de festingwâlen en dêrmei annekse militêre ynstellingen (lykas de batterijen oan de Karnemelksloot, ûnderdiel fan de Nije Hollânske wetterliny) fan hout boud wurde (in stiennen foet fan maksimaal 50 sintimeter wie tastien). By in eventuele oanfal koenen dizze dan maklik ôfbaarnd wurde en koe de fijân him der net efter ferskûlje. Fraaie foarbylden fan dit soarte huzen binne te finen oan de Verlengde Fortlaan en (benammen) de Sandtmannlaan yn Naarden (12 meast dûbele wenten, yn 1910-1912 boud troch de Amsterdamse arsjitekt G.E.A. Sandtmann, beide lizzend tsjin de grins mei Bussum.

Yn 1926 ferlear Naarden syn festingfunksje, en de ferdidigingswurken rekken yn ferfal, lykas yn de histoarje faker bard wie. Sûnt 1932 makket de Stichting Menno van Coehoorn him sterk foar behâld fan de festing. Tusken 1964 en 1987 is it grutste diel fan de festingwurken restaurearre yn opdracht fan de Ryksgebouwetsjinst. Yn de jierren 1999-2001 binne de Promerskazerne en de "trochbrek" by de Utertske Poarte ynklusyf it dêrfoar lizzende ravelyn VI oanpakt. Yn de perioade 2008-2010 wurdt grut ûnderhâld en restauraasje fan it bûtendykse diel (bastions Katten en Ald Mole oan de Westbear ta) útfierd. Dit gedielte fan de festingwurken (en de restauraasje) is goed te sjen mei in rûnfeart.

Naarden is lid fan de Nederlânske feriening fan Festingstêden.

Bastions, courtines en ravelinen

bewurkje seksje
 
Bastions en ravelinen fan Naarden

Naarden-Festing bestiet út 6 bastions en 6 ravelinen. Fan noard nei súd (mei de klok mei) binne dit Bastion Katten, Oranje, Promers, Turfpoarte, Nij Mole en Ald Mole. Tusken de bastions lizze courtines.

Hjirûnder in wiidweidiger beskriuwing per bastion (mei tuskenlizzende courtine en ravelyn.

Bastion Katten

bewurkje seksje
 
Bastion Katten

Dit noardlike bastion hat de neikommende gebouwen:

  • Gebou A - Kazerne út 1873-1875
  • Gebou B - Dûbele kanonremize út 1873-1875
  • Gebou C - Flankkazemat út 1873-1875
  • Gebou D - Skûlplak út 1873-1875
  • Gebou E - Trochgong en remise út 1877 (ûnderdiel courtine Katten-Oranje)

Tusken bastion Katten en Oranje leit courtine Katten-Oranje. Foar bastion Katten oer leit it eilân en ravelyn Katten-Oranje.

Bastion Oranje

bewurkje seksje

Bastion Oranje leit oan de eastkant fan de festing. Hjir lizze:

  • Gebou G - Kazerne Oranje út 1875-1878
  • Gebou F - Kanonberchplak út 1875-1878
  • Gebou H - Mortierkazemat út 1875
  • Gebou I - Kanonberchplak en munysjemagazyn út 1875-1878
  • Gebou K - Kanonkelders en krûdmagazyn út 1679-1685
  • Gebou L - Kanonkelders en trochgong út 1679-1685

Tusken bastion Oranje en Promers leit courtine Oranje-Promers. Ten suden fan bastion Oranje leit it eilân en ravelyn Oranje-Promers. Hjirop steane twa wachthuzen.

Bastion Promers

bewurkje seksje

Bastion Promers leit oan de súdeastside fan de festing. Dit wie it earste bastion fan de yn 1679 begûne ferbouwing fan de festing. Hjir binne:

  • Bureaugebou mei sellen 1887-1888
  • Kantinegebou út 1880
  • Promerskazerne, út 1875-1877
  • Kanonkelders uit 1679-1685 - Gebouwen O (no, mei trochgong nei kazerne) en U (zw)
  • Mortierkazematten út 1875-1877- Gebou R
  • Kanonkelders en krûdmagazyn út 1679-1685 - Gebouwen P (no) en T (zw)
  • Kanonremize út 1875-1877 - Gebouwen Q (no) en S (zw)

Tusken bastion Promers en Turfpoarte lizze courtine Promers-Turfpoarte. Ten súdwesten fan bastion Promers leit it eilân en ravelyn Promers-Turfpoarte. Hjirop steane gjin gebouwen, der is wol in oanlisplak.

Bastion Turfpoarte

bewurkje seksje

Bastion Turfpoarte leit oan de súdkant fan de festing. Hjir binne:

  • Trochgong en kanonkelders (w) - Gebou A' - Nederlânsk Festingmuseum
  • Trochgong en kanonkelders (o)- Gebou V
  • Dûbele kanonremize - Gebou X
  • Mortierkazemat- Gebou Y
  • Kanonkelders en krûdmagazyn (w) - Gebou Z
  • Kanonkelders en krûdmagazyn (o) - Gebou W

Tusken bastion Turfpoarte en Nij Mole leit courtine Turfpoarte-Nij Mole. Ten westen fan bastion Turfpoarte leit ravelyn Turfpoarte-Nij Mole. Hjir steane gjin gebouwen op.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: