Skip mei lading is in keunstwurk fan Ids Willemsma op De Jouwer.

Skip mei lading
keunstwurk
Skip mei lading
Skip mei lading
bysûnderheden
jier 2007
keunstner Ids Willemsma
materiaal waarfêst stiel
plak De Jouwer
lokaasje Op de lûdswâl tusken de A7 en de Jouster ringwei de Sewei

It keunstwurk waard makke as ôfsluting fan de oanlis fan in lûdswâl tusken de A7 en de wyk Suderfjild. Om swiere byld op dit plak del sette te kinnen waard in ekstra fundearring makke. 'Skip mei lading' toant in rudimintêr werjûn skip sjen mei in abstrakte lading. De titel is neffens Willemsma in metafoar foar it libben. It symbolisearret tagelyk de warberens en de dynamyk yn de gemeente Skarsterlân. Op de sydkant fan de lûdswâl stiet op in waarfêst stielplaat it gedicht Berneskip, boartersskip:

libbensbeam yn skipshûd
tekening as beammebast
libbenslading
yn in see fan tiid
yn in see fan blommen
út de streamen
op de flaktes
op de weagen
op de wyn
yn stoarmen
yn wynstilten


it tij kin keare
oanspield yn it fruchtwetter
de libbensstream
fan tinken en út `e wei setten
fan winst en ferlies
skip mei lading oan seewei
sykhelje útazemje
op `e nij de takomst
it ferline it ljocht
it libben wy libje

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: