De Skoattertsjerke is it tsjerkegebou van de Protestantske Tsjerke yn Aldskoat.

Skoattertsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente It Hearrenfean
plak Aldskoat
adres Skoatterlânskewei 24
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1752
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 21197
offisjele webside
Side PKN It Hearrenfean

De sealtsjerke út 1752, ynwijd op 26 novimber, ferfong in houten gebou út 1610. It tsjerkje waard boud yn opdracht fan Menno Coehoorn fan Scheltinga, grytman fan Skoatterlân. Boppe de yngong is in gevelstien oanbrocht. De kânsel is yn Loadewyk XIV-styl útfierd. De klok út 1758 waard yn de Twadde Wrâldoarloch troch de besettere foardere.

Yn 2002 waard by gelegenheid fan it 250 jierrich jubileum yn twa ramen brânskildere glês oanbrocht. Yn 2007 waard it houten tuorke restaurearre. By dizze wurksumheden waard ûntdekt dat it hout fan de hiele tsjerke troch houtwjirm en de hûsboktor oanfretten wie. Foar de restauraasje waard troch de gemeente It Hearrenfean ekstra jild beskikber steld.

Oargel bewurkje seksje

Yn de tsjerke stiet in oargel fan Willem Hardorff dat yn 1871 boud is.

Sjoch ek bewurkje seksje

Ofbylden bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje