Skotse trije

(Trochwiisd fan Skotse Trije)

De Skotse trije is in Fryske folksdûns.

Skotse Trije, Ljouwert 1935

De dûns is in gearstalde dûns dy't bestiet út begroeting, raaidûns, pearedûns, keatling en it skuonmakkerke. Eartiids wie it in solodûns foar trije persoanen, no wurdt de Skotse trije troch fjouwer kear twa pearen (of meartallen dêrfan) dûnse. Neist de Skotse trije bestiet ek de Skotse Fjouwer. Faak wurdt optreden yn Fryske dracht.

De oarsprong is net bekend. Ferskate skots-meldijen binne besibbe mei Aldingelske dûnsmuzyk. Neidat de 'boereplof' tsientallen jierren hast ferjitten wie, hawwe de saneamde 'skotsploegen' ( yn Boalsert, Dokkum, Ljouwert en Snits ) en folksdûnskursussen him wer yn eare brocht.

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: