Skuzum (ek:Idsegahuizum) is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, besuden Makkum. Oant 2011 lei Skuzum yn de eardere gemeente Wûnseradiel. It terpdoarp hat likernôch 220 ynwenners (2004). Yn it doarpswapen en de flagge stiet in nôtier. Bynamme fan de ynwenners is "beantsjefretters". It Doarpshûs hjit De Treffer, it tsjerkje is fan 1870.

de himrik fan Skuzum
De Doarpswei

It doarp wurdt al neamd yn 1270 as Ytsingahusum, in iuw letter ferbastere yn Idsingahusen. It wie eartiids allinnich te berikken oer de seedyk. Doe't de Makkumer Mar drûchlein waard yn 1876-1879 koe men oer de Brekkenwei yn Allingawier komme. Yn it doarp hat in tsjerke mei in opfallende pastorije.

SkiednisBewurkje

It Skûsterfjild is in smel stik grûn efter de seedyk fan Gaast oant Koarnwert dy't dellein is troch it Fly. It Fly foarme ek de heger lizzende ouwerwâlen, de lettere hege savelgrûnen. Oan ien fan de kriken is oan it begjin fan de jiertelling Skûster terp oanlein. Dat docht bliken út twa amuletten. Ien tichtby de sedyk by Piaam, (twadde iuw nei Kr.), de oare út deselde tiid by Skuzum. Op dy lêste steane de wurden Terra-Sigillata. De frij wolfarrende terpbewenners hienen lân oant de pleats Altena's op de kromming fan de Grutte Sylroede by Makkum. Ek de lettere mûnen oan de Lytse Sylroede stienen op it grûngebiet fan Skuzum. Yn it fredesakkoard Wilkerren fan Wildinghe, dêr't de bewenners oanjouwe dat hja frede en rêst wolle, wurdt Skuzum foar it ears neamd as Idsingahusum.

Spanjerts

By de gefjochten tusken Skieringers en Fetkeapers dogge ek Skuzumers mei om yn 1500 Heinrich fan Saksen te ferjeien. De omstreken fan Makkum, dat ek Skuzum, binne lange tiid beset west troch de Spanjerts. Omdat men bang wie foar oanfallen fan de Wettergeuzen oer de Sudersee, moasten de doarpen mankrêft en hynders leverje foar wachtrinnen op de seediken. Om 1580 wurde de Spanjerts ferjage en brekt in rêstiger tiid oan.

it wetter

It wetter bliuwt de grutste fijân en elk doarp fan Wûnseradiel krijt in fak fan de dyk tawiisd om te ûnderhâlden. De doarpsrjochters hawwe it tafersjoch. By de dykferhegingen fan 1530 en 1570 binne de dykfearten (ek: seadfearten) groeven. Yn it gebiet tusken Makkum en de Skústertille, leit in stik leechlân tusken de dyksfeart en de hegere lânbougrûnen, wat wiist op it weiheljen fan grûn foar dykferhegingen. De roerige Frânske tiid fan striid tusen patriotten en prinsgesinden liket oan Skuzum foarby te gean, krektas de striid oer tsjerklike en skoallekwestjes.

MienskipBewurkje

Jimmeroan is de feriening foar Doarpsbelang, en 'Oer Twa Brêge' de feestkommisje. It doarpshûs hjit De Treffer. Juny is de moanne foar it doarpsfeest, yn septimber is de jierlikse barbecue foar Skuzum en Piaam.

De Feriening Skûster Doarpsmoune set him yn foar de doarpsmûne.

FerieningsBewurkje

  • Toanielferiening Skuzum/Piaam

BefolkingBewurkje

Berne yn SkuzumBewurkje

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Webstee Skuzum
  • A.Algra - De doarpen
  • P.S.de Boer - De doleantie te Makkum
  • Yr. J.Cnossen - De bodem van Wonseradeel
  • Mr H.T.Obreen - Makkum en de westkust van Friesland
  • H.Oldenhof - De Skiednis van de griteny
  • G.J.Paul - Schepping en Koninkrijk,ín stúdzje oer de teology fan dr. Oepke Noordmans
  • R.S.Roarda - Ir Sint-Anna Lien to Hidaerd
  • Drs R.Steensma - Geastlik libben yn Wunseradiel

 
Plakken yn de gemeente Súdwest-Fryslân
 
Stêden: BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum

Doarpen en útbuorrens: AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns

Buorskippen: AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraaisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)LippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren