Slûs Iesumasyl is in slûs yn de buorskip Iesumasyl. De Iesumasyl is in spui- en kearslûs út 1672. Hy leit tusken de Suder Ie en de Raskes, dy't yn ferbining stiet mei de Lauwersmar. Oer de slûs leit in brêge.

Slûs Iesumasyl
bouwurk
Slûs Iesumasyl (2012)
Slûs Iesumasyl (2012)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Noardeast-Fryslân
plak Iesumasyl
adres Esumasyl
koördinaten
bysûnderheden
type bouwurk Slûs
subtype spuislûs,
kearslûs
boujier 1931
(1672)
boustyl Ynterbellumarsjitektuer
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 507081
kaart
Slûs Iesumasyl (Noardeast-Fryslân)
Slûs Iesumasyl

By Iesumasyl komt de Suderie, in âlde seeslink, út yn de eardere Lauwerssee. Al yn 11e iuw moat dêr in slûs west hawwe, mar folle is dêr net oer bekend. Om 1670 hinne waard de syl by Eastrum ôfsletten. Dat betsjutte dat East-Dongeradiel in nij plak sykje moast foar de ôfwettering. De kar foel op Iesumasyl. De Steaten fan Fryslân besleaten om dêr de nije syl te bouwen.

De dyk waard ek ferlein sa dat der nij lân kaam. Yn 1671 waard mei it wurk út ein setten en yn 1672 kaam it ree. It tafersjoch kaam yn hannen fan Michael Baron fan Schwartzenberg en Hohelandsberg, grytman fan Dantumadiel, en Philip Vegelin fan Claarbergen, grytman fan Haskerlân.
Der waard ek in goede ôfspraak makke oer de kosten. It gie oars faak sa dat men de lêsten foar de ôffier fan it wetter eins net betelje woe, om't dat beskôge waard as in saak foar dejingen dy't ticht by de slûs wennen.

Yn 1745 is de slûs fernijd en op 'e nij yn 1931 om't der doe in nij elektrysk gemaal delsetten waard. It gemaal De Dongeradielen moast der foar soargje dat de Dongeradielsters drûge fuotten holden. De arsjitekt Booijenga ûntwurp it gebou.

Doe't yn 1969 de Lauwerssee Lauwersmar waard, feroare de funksje fan de syl as seekearing. Om’t it wetterpeil yn de Lauwersmar leger leit as op de Fryske boezem is de skutsslûs bleaun. It gemaal is sa bleaun as yn 1930. Allinne waard it yn 1979 automatisearre. As it wetter op in bepaalde hichte stiet, beginne de pompen fansels te wurkjen.

De slûs mei betinkstien binne eigendom fan de Stichting Waterschapserfgoed.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: