Slach by Andernach (876)
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De Slach by Andernach tusken de Westfrankyske kening Karel de Keale en de Eastfrankyske kening Loadewyk de Jongere fûn plak op 8 oktober 876 by Kettig besúdeasten Andernach, sa'n 21 km benoarden Koblenz. De striid einige yn in folsleine nederlaach fan Karel de Keale.
Oanrin
bewurkje seksjeLoadewyk III de Jongere wie de soan fan de Eastfrankyske kening Loadewyk de Dútser, dy't it Eastfrankyske keninkryk yn 865 tusken syn soannen ferparte hie. Loadewyk de Jongere krige it grutste part fan East-Frânsje, wylst syn bruorren Beieren en noardlik Itaalje krigen. By it Ferdrach fan Meerssen yn 870 krige er it eastlike part fan Midden-Frânsje. Karel de Keale, kening fan West-Frânsje, besocht earst gâns Midden-Frânsje te ferôverjen, mar naam diel oan it ferdrach ûnder militêre druk en waard Midden-Frânsje ferdield tusken East- en West-Frânsje. Doe't Loadewyk de Dútser ferstoar besocht Karel fannijs en wreidzje West-Frânsje út oant de Ryn ta. Om dat wier te meitsjen moete er syn omkesizzer by Sinzig, mar Loadewyk wie it net mei Karel syn plannen iens.
De Slach
bewurkje seksjeKarel besocht doe de westigge fan de Ryn te bemasterjen. Op 8 oktober 876 feroare de kampanje yn in fjildslach op in fjild by Andernach dat einige yn in beslissende oerwinning fan Loadewyk en einige alle fierdere besykjen fan Karel en bemasterje Midden-Frânsje. Karel flechte nei Itaalje en ferstoar sawat presys in jier letter yn Avrieux, Savoaye.
It gefolch fan de Slach wie dat Andernach en it Rynlân by East-Frânsje (dat him letter ûntjoech ta it Hillige Roomske Ryk) bleaune en de grinzen bleane sa goed as itselde oant de Lette Midsiuwen. By it Ferdrach fan Ribemont yn 880 tusken Loadewyk de Jongere en de pakesizzers fan Karel de Keale: Loadewyk III fan Frankryk en Karloman fan Frankryk krige East-Frânsje ek it westlike part fan Midden-Frânsje mei de mûnings fan de Ryn, Maas en Skelde en de stêden Metz, Sedan, Straasburch, Ferdun en Antwerpen ynbegrepen.