Haadmenu iepenje

Slach by Cedar Creek (Montana)

Slach by Cedar Creek
(ûnderdiel fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876)
datum: 21 oktober 1876
plak: oan 'e Cedar Creek, yn súdlik Montana
útkomst: taktyske Amerikaanske oerwinning
konfliktpartijen
Flagge United Sioux Tribes.PNG Lakota Flag of the United States.svg Feriene Steaten
befelhawwers
Sittende Bolle Nelson A. Miles
sterkte
±300 398
ferliezen
6 deaden
ûnbekend tal ferwûnen
2 deaden
2 ferwûnen
1rightarrow.png Dizze side giet oer de Slach by Cedar Creek yn Montana yn 1876. Foar oare betsjuttings, sjoch: Slach by Cedar Creek.

De Slach by Cedar Creek (soms ek wol de Slach by Big Dry Creek of de Slach by Big Dry River neamd) wie in wapene treffen yn it ramt fan 'e Grutte Sû-Oarloch, tusken de Lakota en it Amerikaanske Leger, dat plakfûn op 21 oktober 1876 oan 'e igge fan it beekje de Cedar Creek, yn súdlik Montana. Dizze skermutseling briek út nei't fredesûnderhannelings tusken kolonel Nelson A. Miles en it opperhaad Sittende Bolle op 'e non rûnen, en resultearre yn 'e oerjefte, seis dagen letter, fan 400 Lakota-tipys (likernôch 2.000 minsken).

FoarskiednisBewurkje

Nei't de Lakota, en harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, op 25 juny it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in ferpletterjende nederlaach tabrocht hiene yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, waard kolonel Nelson A. Miles mei it Amerikaanske 5e Ynfanteryregimint út Fort Leavenworth, yn Kansas, nei it noarden ta stjoerd. Hy en syn troepen reizgen per rêdboat fan Yankton, yn Súd-Dakota, oer de rivier de Missoury nei de rivier de Yellowstone yn súdlik Montana. Dêr joech Miles him oan 'e rivier de Rosebud by de troepen fan brigadegeneraal Alfred Terry, wêrnei't se mei-inoar streamop marsjearren om har by de legermacht fan brigadegeneraal George Crook te foegjen.

Trijeresom teagen Miles, Terry en Crook dêrwei nei it easten, stieken de rivier de Tongue oer, en berikten sa de mûning fan 'e Powderrivier. Dêr gie Crook syn eigen wei en begûn er oan in fjildtocht nei it easten dy't bekend komme soe te stean as de Hynstefleismars. Terry en Miles teagen by de Dry Creek lâns nei it noarden, doe nei it westen en doe wer nei it suden, sadat se úteinlik oankamen yn wat letter de stêd Glendive wurde soe, oan 'e Yellowstone, dêr't Terry syn winterkamp opsloech. Miles riste syn troepen ta mei wintergereid en marsjearre dêrwei nei de mûning fan 'e rivier de Tongue, dêr't er sels in tydlik kamp makke. Terry stjoerde kolonel Elwell S. Otis oan it haad fan in bagaazjetrein om Miles syn troepen te befoarriedzjen, mar de karafaan kapweinen waard ûnderweis twaris, op 11 en op 15 oktober, oanfallen troch de Lakota. Uteinlik lieten de Yndianen de weinen troch op betingst dat Otis in útnûging oerbrocht oan kolonel Miles foar ûnderhannelings mei harren foaroanman Sittende Bolle.

Miles akseptearre dat foarstel en sette mei acht kompanjyen (A, B, C, D, E, G, H en I) fan it 5e Ynfanteryregimint ôf nei it moetingsplak oan 'e Cedar Creek, benoarden de Yellowstone. Op 20 oktober metten hy en Sittende Bolle inoar dêr. It opperhaad bea Miles in winter frij fan oanfallen oan as er syn krigers genôch munysje joech om op bizonjacht te gean. Miles stelde lykwols foar dat Sittende Bolle en syn oanhingers har oan him oerjaan en de striid opjaan soene. Dêr kamen se net fierder mei, dat se sprieken ôf om inoar nei oerlis mei har eigen respektivelike ûnderhearrigen de oare deis nochris te wurd. By de twadde omgong fan 'e ûnderhannelings, op 21 oktober, die bliken dat Sittende Bolle der net oer prakkesearre om him oer te jaan, en Miles hie oarders dêr't er net fan ôfwike koe. De besprekkings rûnen sadwaande al rillegau op 'e non en waarden ôfbrutsen.

It treffenBewurkje

Koarte tiid letter briek der in gefjocht út, wêrby't tusken Miles syn soldaten en Sittende Bolle syn krigers oer en wer sketten waard. Nei in koarte mar fûleindige skermutseling loeken de Lakota har werom. Yn dit treffen, dat de Slach by Cedar Creek kaam te hjitten, fûnen oan Yndiaanske kant 6 krigers de dea, wylst ûnder Miles syn manskippen twa dea en nochris twa ferwûne rekken. Neitiid setten de Amerikanen in 68 km folholden efterfolging yn, dy't foar Sittende Bolle-en-dy útrûn op in ramp doe't de soldaten grutte foarrieden drûge fleis foar de winter, tipypeallen, kampgereid, mustangs en wapens bútmakken. In grut diel fan 'e Yndiaanske troep hie dêrtroch gjin reälistysk foarútsjoch om 'e strange winter op 'e noardlike Grutte Flakten troch te kommen. Sadwaande joegen har op 27 oktober goed 400 tipys (gesinnen) oer, yn totaal likernôch 2.000 manlju, froulju en bern. Sittende Bolle hearde lykwols net ta dy groep; hy sette de striid oant yn it foarjier fan 1877 fuort, en doe't dúdlik waard dat de Lakota definityf ferslein wiene, gied er yn ballingskip yn Kanada.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.