Slach by Waterloo
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De Slach by Waterloo wie de fjildslach op 18 juny 1815 dêr't Napoleon nei de weromkear fan syn ballingsoard Elba foarfêst ferslein waard troch de Alliearden, dy't ûnder lieding stienen fan de Britske generaal Wellington.
De slach
bewurkje seksjeIt plak dêr't de slach him ôfspylle, Waterloo yn Belgje, wie troch Wellington keazen as strategysk punt om werom te lûken fan Quatre Bras, dêr't de legers ûnder lieding fan Wellington en fan Von Blücher gear brocht waarden. Napoleon foel de twa legers, de earsten fan de alliearde legers dy't wer beskiber wienen oan, yn 'e hope dat er dat part fan de eardere grutte koalysje oerwinne koe ear't de oaren wer tsjin him oplutsen. De partijen ûntrûnen inoar net folle, mar úteinlik waard de slach in oerwinning foar de Alliearden. Hoewol't it hiele Frânske leger ferslein waard, koe Napoleon net finzen naam wurde, om't dy weromgongen wie nei Parys om foar te kommen dat dêr in opstân útbrekke soe. Earst doe't bliken die dat er yn Parys net mear as keizer erkend waard, frege er asyl oan by Grut Brittanje. Dat krige er op it eilân Sint Helena.