Slach om Nederlân

(Trochferwiisd fan Slach om de Residinsje)
Slach om Nederlân
Part fan de Twadde Wrâldkriich
datum: 10 maaie14 maaie 1940 (oant en mei 17 maaie yn Seelân)
plak: Nederlân
útkomst: Dútske oerwinning
konfliktpartijen
Nederlân
Frankryk
Feriene Keninkryk
Nazy-Dútslân
befelhawwers
Henri Winkelman
Godfried van Voorst tot Voorst
Fedor von Bock
sterkte
280.000 soldaten
1 tank
145 fleanmasines
750.000 soldaten
759 tanks
830 fleanmasines
ferliezen
2.332 dea
271.668 kriichsfinzenen
2.032 dea
2.000 kriichsfinzenen
Ferdigeningslinys yn Nederlân, maaie 1940

De Slach om Nederlân makke diel út fan Fall Gelb, de Dútske ynvaazje fan Nederlân, Belgje, Lúksemboarch en Frankryk yn de Twadde Wrâldkriich. De slach begûn op 10 maaie 1940 mei de ynfal yn Nederlân en einige op 14 maaie nei it bombardemint op Rotterdam. Yn de provinsje Seelân waard lykwols pas op 17 maaie gjin wjerstân mear bean.

Nei it oerweldigjende bombardemint op Rotterdam troch de Luftwaffe drigen de Dútsers noch mear Nederlânske stêden te bombardearjen as de Nederlanners harren net oerjaan soenen. Men wist dat de bommewerpers net tsjin te hâlden wienen, en sa krige it Nederlânske leger al frij gau it befel om de wapens del te lizzen.