In slachter is in persoan dy't foar syn berop fleis tamakket en ferkeapet. Foarhinne slachten slachters sels de bisten wêrfan't se it fleis ferkochten, mar tsjintwurdich binne dêr safolle wetlike easken en betingsten foar, dat it eigentlike slachtsjen no oer it algemien yn spesjalisearre slachterijbedriuwen dien wurdt. Dêrwei wurde dan de selsstannige slachters en de slachterij-ôfielings fan supermerken befoarriede mei fakuumferpakt fleis fan 'e winske hoemannichten en kwaliteit.

Twa slachters yn 't spier.

It slachtersfak is ien fan 'e âldere ambachten, dat lykwols de lêste fyftich jier grutte feroarings ûndergien hat. Behalven dat slachters sels hast net mear slachtsje, ferkeapje se no ek oare dingen, lykas kant-en-klearmielen. Fierders besteane der no biologyske slachters, dy't har fan 'e rest fan 'e sektor ûnderskiede mei biologysk fleis en mei fleiswaren fan it Beter Leven-karmerk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.