De slange-earnen (Circaetinae) binne in ûnderfamylje fan rôffûgels út de famylje fan de haukfûgels (Accipitridae). De ûnderfamylje hat 5 skaaien en 15 soarten.

Slange-earnen
slange-earn (Circaetus gallicus)
slange-earn (Circaetus gallicus)
Taksonomy
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
rangleas: bitterfûgels (Afroaves)
skift: haukeftigen (Accipitriformes)
famylje: haukfûgels (Accipitridae)
ûnderfamylje: slange-earnen (Circaetinae)

De measte soarten fan dizze ûnderfamylje binne spesjaliseare yn slangen en gerskrûpers as fiedsel. De slange-earnen binne middelgrutte oant tige grutte rôffûgels mei brede wjukken en in grutte kop. Se hawwe in lichemslingte fan 40 oant 100 cm en in wjukspanwiidte fan 100 oant 200 cm. De lytste slange-ean is de bedrige Nikobarslange-earn, de grutste de Afrikaanske brune slange-earn. Noch grutter is de Filipynske ape-earn, dy ‘t noch mar resint ta de slange-earnen rekkene wurdt. Mei útsûndering fan de Jeropeeske of ‘gewoane’ slange-earn (Circaetus gallicus) binne de slange-earnen tropyske of subtropyske fûgels.

Taksonomy bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje