Sminiastate (Aldtsjerk)

state oan de Van Sminiawei by Aldtsjerk

Sminiastate ek: It Nije Slotsje, wie in state oan de Van Sminiawei by Aldtsjerk, gemeente Tytsjerksteradiel. It hûs stie op it lân by de ôfslach nei de Klaas Douweswei. Fan de state is neat werom te finen.

Sminiastate yn 1900

De bou waard yn 1857 oanbestede troch jonkhear Arent Johannes van Baerdt van Sminia, eigener/bewenner fan De Klinze, mar hy stjet yn dat selde jier. Syn frou Clara van Coehoorn van Scheltinga komt der dan yn te wenjen. By har ferstjerren giet it oer op har nichtsje Clara van Baerdt van Sminia, dochter fan Hector van Baerdt van Sminia en syn earste frou Catharina van Haersma Buma, dy't nei har ferneamd is. De jonge Clara trout letter mei mr. Willem Carel Bothenius Lohman, boargemaster fan Tytsjerksteradiel. As hja yn 1887 yn it kreambêd stjert, giet har man earne oars wenjen en stiet Sminiastate trije jier leech.

Yn 1890 komt frou Buma van Scheltinga yn de state wenjen. Se lit it boskwachtershûs "Bosk-ein" sette. Mar se komt al yn 1893 te ferstjerren. Dan komt de filla yn hannen fan jonkhear Arent Johannes van Baerdt van Sminia, soan fan Hector van Baerdt van Sminia en Wiskje van Haersma Buma, bewenners fan De Klinze.

As Arent en syn frou Berendina Johanna van Welderen barones Rengers har yn 1904 yn Ljouwert fêstigje yn harren stedsfilla op de hoeke fan de Sophialeane en de Van Swietenstrjitte (letter/no Hotel De Kroon), stiet Sminiawtate wer trije jier leech. Yn 1907 komt de arts dr. Groeneboom op Sminiastate oant yn 1916 de state op ôfbraak ferkocht wurdt en daliks platsmiten wurdt. It hûs hat der dan noch gjin sechtich jier stien.

Bewenners bewurkje seksje

  • Jonkhear Arent Johannes van Baerdt van Sminia
  • Clara van Coehoorn van Scheltinga
  • Clara van Baerdt van Sminia
  • frou Buma van Scheltinga
  • Jonkhear Arent Johannes van Baerdt van Sminia

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: