Ierdappelplanten (skaai)

(Trochferwiisd fan Solanum)

Ierdappelplanten (Solanum) is in skaai fan planten yn de ierdappelfamylje (Solanaceae).

ierdappelplanten
Taksonomy
ryk: planten (Plantae)
(sûnder rang): draaiplanten (Streptophyta)
ûnderryk: lânplanten (Embryophyta)
boppestamme: faskulêre planten
   (Tracheophyta)
stamme: blêdplanten (Euphyllophyta)
(sûnder rang): ranke planten (Lignophyta)
boppeklasse: siedplanten (Spermatophyta)
klasse: bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
(sûnder rang): twasiedblêdigen
(sûnder rang): lamiïden
skift: ierdappeleftigen (Solanales)
famylje: ierdappelplanten (Solanaceae)
skaai: ierdappelplanten (Solanum)
Linnaeus, 1753

It skaai is mei 1500-1700 ferskillende soarten it grutste skaai yn de ierdappelfamylje. Yn de regel binne de soarten krûdeftich, faak rankjend of klimmend. In soad soarten komme yn de tropen foar, mar in tal komt ek yn tuskenbeide klimaten foar. Yn de tropen binne it gauris struken en sels oant 6 meter hege 'beammen'.

Bekende kultuergewaaksen yn it skaai binne de ierdappel (Solanum tuberosum), de auberzjine (Solanum melongena) en de tomaat (Solanum lycopersicum). Dy lêste wie foarhinne by it skaai Lycopersicon yndield, mar wurdt no as lid fan de ierappelfamylje sjoen.

Allinnich bitterswiet (Solanum dulcamara) en swarte huningbei (Solanum nigrum) hearre by de ynheemske floara fan Fryslân.

Bekende soarten

bewurkje seksje
Namme Botanyske namme
Solanum bauerianum
Solanum crispum
Bitterswiet Solanum dulcamara
Klimmende huningbei Solanum jasminoides
Tomaat Solanum lycopersicum
Antruwa Solanum macrocarpon
Auberzjine Solanum melongena
Pepino Solanum muricatum
Swarte huningbei Solanum nigrum
Lulo Solanum quitoense
Blauwe ierdappelstrúk Solanum rantonnetii
Sodomsappel Solanum sodomaeum
Orinoco-appel Solanum topiro
Ierdappel Solanum tuberosum
Kannibaaltomaat Solanum uporo
Dûnshuningbei Solanum villosum

Ekologyske aspekten

bewurkje seksje

De planten yn dit skaai binne iten foar û.o. Acherontia lachesis, deadskopflinter (Acherontia atropos), Acherontia styx, Actinote acerata, Amerila bubo, Coelonia fulvinotata, Ctenoplusia limbirena, Dircenna klugii, Helicoverpa armigera, Helicoverpa assulta, Hypoleria cassotis, Spilosoma atridorsia, Spilosoma aurantiaca, Spilosoma jacksoni en Spodoptera litura.

Gefoelich voor Phytophthora

bewurkje seksje

Ierdappeleftigen steane bekend om har gefoeligens foar in sykte dy’t feroarsake wurdt troch soarten fan Phytophthora (hearrend by de wetterskimmels). De sykte is bekend ûnder de namme ierdappelsykte. Oare soarten fan it skaai ierdappelplanten binne ek fetber foar de sykte. By túnkers steane tomaten, paprika en auberzjine bekend as gefoelich foar de sykte.