Yn 1429 stelde kening Erik VII de Sonttol (Deensk: Øresundstold, Sweedsk: Öresundstullen) yn. Alle bûtenlânske skippen dy't troch de Sont fearen, moasten yn Helsingør tol betelje oan de Deenske kroan. As in skip wegere te beteljen waard it fjoer iepene út Kastiel Kronborg by Helsingør en út it slot fan Helsingborg wei. Yn 1567 waard de tol feroare yn in belesting op de lading fan it skip, dêr't de ynkomsten mei fertrijefâldigen. Om foar te kommen dat skippen in oare rûte namen, waard ek tol heft yn de Grutte Belt en de Lytse Belt.

Kastiel Kronborg by Helsingør.
Helsingør, 1588

De Sonttol bleau iuwenlang in wichtige boarne fan ynkomsten foar de Deenske kroan. Dêrtroch wiene de Deenske keningen relatyf ûnôfhinklik fan de Deenske kroanried en aristokrasy. Nei 1645 waarden Sweedske skippen frijsteld fan de tol. Doe't yn 1658 de Deenske besittings oan de Sweedske kant ôfstien waarden oan Sweden koe de tol net mear sa effisjint heft wurde as dêrfoar.

Op 14 maart 1857 waard it Ferdrach fan Kopenhagen tekene, dêr't Denemark by ôfseach fan de Sonttol, wylst de oare seefearts lannen in ôfkeapsom betellen.

Sonttolregister bewurkje seksje

De registers fan de tolheffing by de Sont behearre ta de ferneamdste en meast wichtige boarnen foar de ekonomyske en maritime skiednis fan Nederlân en oare Jeropeeske lannen. De registers befetsje nammen fan skippers, harren wenplak, thúshavens, de lading en de bestimming fan 1,7 miljoen trochfearten tusken 1497 en 1857. Likernôch de helte fan de Sontskippers wie Nederlânsk.

De orzjinele Sonttolregisters wurde bewarre yn it Ryksargyf yn Kopenhagen. Ein 2008 waard úteinset mei in projekt om de registers op ynternet te publisearjen.[1] Sûnt 2011 kinne de registers oer it ynternet ynsjoen wurde.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Sonttolregisters komen online, parseberjocht Ryksuniversiteit Grins, 8 septimber 2008