Glydmotor

(Trochferwiisd fan Speeder bike)

In glydmotor of sweefmotor (Ingelsk speeder bike, hover bike of jumpspeeder) is in fiktyf ferfiermiddel út 'e Star Wars-franchise. It kin omskreaun wurde as in motorfyts dy't gebrûk makket fan anty-gravitaasjestechnology, sadat er gjin ferlet fan tsjillen hat, mar ynstee in eintsje (ornaris 30 oant 50 sm) boppe de grûn sweeft. Sokke masines spylje in promininte rol yn ferskate Star Wars-films, benammen by efterfolgings.

De glydmotor waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983), by in efterfolging troch it wâld fan 'e boskmoanne Endor. Yn Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) waard yn 'e special edition (1997) in glydmotor tafoege (dy't ôfwêzich wie yn 'e oarspronklike ferezje fan 'e film). Ek yn alle trije films fan 'e Star Wars-prequeltrilogy (1999-2005), yn 'e tekenfilmsearjes Star Wars: The Clone Wars en Star Wars: Rebels en yn ferskate Star Wars-romans, -strips en -fideospultsjes komme glydmotors foar.

Yn it echt wie yn 2022 yn 'e Feriene Steaten in ienpersoans fleanend ferfiermiddel mei fjouwer strielmotors op 'e hoeken yn ûntwikkeling, dat wol omskreaun waard as "in fleanende motorfyts". In selstinkende kompjûter moast it apparaat yn lykwicht hâlde. It apparaat wie in idee fan 'e Amerikaanske Marine, en waard nei de glydmotor út Star Wars in 'speeder' neamt. Der besteane ferskate prototypes fan, dy't in maksimale faasje hawwe fan 320 km/o en 60 minuten efterinoar fleane kinne. Behalven mei in minsklike bestjoerder kinne se ek ûnbemanne fleane, beladen mei fracht.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliography en References, op dizze side.