Iten en drinken

(Trochferwiisd fan Spize en drank)

Iten en drinken (argaysk ek: spize en drank) binne yn in soad lannen ferskillend. Der is net sa folle ferskaat mear as eartiids, mar bekend binne bygelyks noch wol Dokkumer taai en Snitser drabbelkoeken, mar Drachtster koeke en Warkumer lange koeke binne net rûnom mear bekend. Sa wienen der eartiids:

  • Frjentsjerter drabbelkoeken
  • Makkumer of Surger (anys]kreakelingen
  • Amelanner plattekoeken
  • Snitser bollen
  • Dokkumer fluitsjes

Yn de 20e iuw is der in soad unifoarmens komd. Dochs binne der noch wol spesjaliteiten bleaun fan de fryske petiele. Sa waard der yn Fryslân mear tee as kofje dronken,'útsein yn De Wâlden. Der binne ek noch typysk Fryske bakkersprodukten:

By de fêste spizen moatte de moalspizen neamd wurde: potstro. Alde minsken brûkten oant fier yn de 20e iuw net folle griente (sa mooglik ôfsûnderlik, leafst net rau). De Fryske tsiis (meagere krûdtsiis) wurdt net mear makke. Skieppetsizen wurde hjir farsk, wyt en slop iten, mar ek wol drûge (it drûgjen waard dien tsjin de noardmuorre yn kastkes mei miggegaas). It bakken fan pankoeken yn bjist waard folle minder dien doe't de molkfabriken gjin bjist mear oannommen.

Fryslân hat net folle eigen dranken mear. Eartiids waard in soad boerejonges dronken (brandwewyn mei rezinen) út moaie sulveren brandewynkoppen. Winterdeis dronk men 'oer iis' 'boerekofje. Rys mei rezinen (altyd yn molke sean) wie rikeljusiten sa blykt út it sprekwurd: It libben is net altyd rys mei rezinen, mar ek wolris groat mei krôdde (ûntúch). Sûpe, sûpenmoallenbrij en sûpengrôtenbrij hearre fanâlds ta it folksiten. Op guon plakken, lykas yn It Bilt waarden lytse hjerrings yn in hoep yn de sinne drûge: 'sonfisk'.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: