Spoar fan Ljouwert nei Harns

It Spoar fan Ljouwert nei Harns ferbynt de stêd Ljouwert mei Harns. It spoar bestiet sûnt 27 oktober 1863. It spoar wie yn it ferline ûnderdiel fan de steatsline B, dy't rûn fan Harns oant Nijeskâns. It spoar Ljouwert-Harns hat in lingte fan 26 kilometer. De trein stoppet op de stasjons fan Ljouwert - Deinum - Dronryp - Frjentsjer - Harns en Harnzer Haven.

It spoar is net elektrifisearre, it is inkelspoarich en is befeilige mei ATB-NG en TPRB (Ter Plaatse bediend RelaisBlokstelsel). Dy befeiliging wurdt betsjinne troch de masinist. It spoar ferbynt in tal plakken yn Noardwest Fryslân mei Ljouwert. In soad reizgers geane fanút de Harnzer Haven mei de boat nei de Waadeilannen. Op de line is beheind frachtferfier. De ferbining Ljouwert-Harns is in desintrale spoarferbining. Dat wol sizze dat de line ûnder ferantwurdlikheid 'light' falt fan de lokale oerheid (Provinsje Fryslân). Arriva exploitearret it reizgersferfier en brûkt dêrfoar sûnt 2007 it treintmaterieel GTW (Spurt).

Stasjons en gebouwen bewurkje seksje

Stasjon Iepene hjoeddeistich gebou
  Ljouwert 1863 1863, SS, 1e gebou, type SS tredde klasse inkelde kearen yngreven ferboud
  Deinum 1863 1973, NS, 2e gebou, abri
  Dronryp 1863 Gjin, 2e gebou sloopt yn 1995, by iepening type SS fiifde klasse
  Frjentsjer 1863 1973, NS, 2e gebou, abri, bij iepening type SS fjirde klasse
  Harns 1863 1863, SS, 1e gebou, type SS tredde klasse
  Harns Haven 1863 gjin, geboutsje sloopt yn 2009

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: