In stalaktyt (fan it Grykske σταλάσσω, stalasso, "drippe", mei de betsjutting "wat dript") is in soarte stienformaasje dy't fan it plafon fan grotten omleech hinget, of by waarmwetterboarnen of fan troch minsken makke konstruksjes, lykas oan brêgen en yn minen. In stalaktyt is in type dripstien. De korrespondearjende stienformaasje dy't út 'e flier fan in grot omheech stiket, is in stalagmyt.

Stalaktiten.

Elts materiaal dat oplosber is, dat raand wurde kin, of dat ôfset wurde kin as in kolloïde, kin in stalaktyt foarmje. Sokke formaasjes kinne dêrom bestean út lava, drek, turf, pik of sân, mar se besteane almeast út kalkstien of mineralen yn kalkstiengrotten. Ek iisjûkels kinne beskôge wurde as in soarte stalaktyt. Sels beton kin ûnder beskate omstannichheden stalaktiten foarmje; in betonstalaktyt wurdt in kaltemyt neamd.

Stalaktiten yn kalkstiengrotten, dy't fierwei it measte foarkomme, wurde foarme troch de ôfsetting fan kalsiumkarbonaat en oare mineralen. Dêroan giet in proses fan oplossing yn mineralisearre wetter foarôf. Kalkstien wurdt dan meitiid stadichoan oplost yn it koalstofdioksidehâldende wetter dat dertrochhinne rint, sadat der in kalsiumbikarbonaatoplossing ûntstiet. De gemyske formule dêrfoar is:

Iisjûkels binne ek in foarm fan stalaktiten.
CaCO3(s) + H2O(l) + CO2(aq) → Ca(HCO3)(aq)2

Dy oplossing streamt troch de stien hinne oant er in râne berikt an as dy oan it plafon fan in grot sit, sil it mineralisearre wetter der dêr by del drippe. Sadree't de oplossing yn kontakt komt mei lucht wurdt de skiekundige reäksje omdraaid en wurde op dat punt dieltsjes kalsiumkarbonaat ôfset:

Ca(HCO3)(aq)2 → CaCO3(s) + H2O(l) + CO2(aq)

De trochsneed groei fan 'e stalaktyt dy't dêrtroch foarme wurdt, bedraacht 0,13 mm yn 't jier. De fluchst groeiende stalaktiten, dy't ûntsteane op plakken dêr't oanhâldend wetter del dript dat ryk is oan kalsiumkarbonaat (CaCO3) en koalstofdiokside (CO2), kinne jiers wol 3 mm groeie. It driptempo moat dêrfoar wol stadich genôch wêze om it ôfsettingsproses mooglik te meitsjen. As it dripkjen te hurd giet, fynt de ôfsetting pas plak op 'e flier fan 'e grot, dêr't dan in stalagmyt ûntstiet. In tuskenbeiden driptempo soarget foar de kreaasje fan sawol in stalaktyt as in stalagmyt, dy't stadich nei inoar ta groeie. As se inoar reitsje, sprekt men net mear fan in stalaktyt en in stalagmyt, mar fan in dripstienpylder.

Alle kalkstienstalaktiten begjinne mei in inkele drip mineralisearre wetter. As dy drip falt, lit er oan it plafon fan 'e grot in minuskule kalsytrâne efter op it plak dêr't de omtrekrâne fan 'e drip siet. Eltse folgjende drip docht itselde op persiis itselde plak. Sa foarmet him nei ferrin fan tiid in tige smelle, tige fragile holle buis fan kalk mei in diameter fan 4 oant 5 mm, dy't wol in sûchreidstalaktyt neamd wurdt. Meitiid rekket it buiske ferstoppe mei smoargens, wêrnei't it wetter oer de bûtenkant begjint te streamen. Dêrtroch wurdt mear kalsyt ôfset en wurdt de stalaktyt almar breder (en steviger) neigeraden dat men tichter by it plafon fan 'e grot komt. Stalagmiten, dy't har op 'e flier fan in grot foarmje, binne lykwols fan it begjin ôf altyd solide en nea hol.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.