Star Trek: The Next Generation
Star Trek: The Next Generation, soms ôfkoarte ta Star Trek: TNG of koartwei TNG, wie in tige súksesfolle Amerikaanske tillefyzjesearje dy't 7 seizoenen rûn, fan 1987 oant 1994, en dy't yn withoefolle lannen útstjoerd waard. De titel betsjut: "Stjerretocht: De Folgjende Generaasje". It wie de twadde live actionsearje út 'e Star Trek-franchise, nei Star Trek: The Original Series út 'e 1960-er jierren. Star Trek: The Next Generation wie in science fiction-tillefyzjesearje dy't yn 'e fjouwerentweintichste iuw spilet en it romteskip de USS Enterprise-D en syn bemanning folget by de ferkenning fan 'e Molkewei. De searje wie útsûnderlike populêr en behold oan 'e ein ta hege sjochsifers. Ek wûn er in protte prizen, wêrûnder mar leafst 18 Emmy Awards, 5 Saturn Awards, 2 Hugo Awards en in Peabody Award. Op basis fan dat súkses waard yn 1993 in nije searje yn 'e franchise lansearre: Star Trek: Deep Space Nine.
Star Trek: The Next Generation | ||
tillefyzjesearje | ||
makkers | ||
betocht troch | Gene Roddenberry | |
produsint | Maurice Hurley (1988-1989) Michael Piller (1989-1994) Jeri Taylor (1993-1994) | |
útfierend produsint |
Gene Roddenberry (1987-1991) Rick Berman (1989-1994) | |
tillefyzjestudio | Paramount Domestic Television | |
spilers | ||
haadrollen | Patrick Stewart Jonathan Frakes Brent Spiner Michael Dorn Marina Sirtis LeVar Burton Denise Crosby (seiz. 1) Gates McFadden (seiz. 1 en 3-7) Diana Muldaur (seiz. 2) Wil Wheaton (seiz. 1-4) | |
skaaimerken | ||
sjenre | science fiction | |
seizoenen | 7 | |
jierren | 1987 – 1994 | |
tal ôfl. | 178 | |
spyltiid (ôfl.) | 44 min. | |
lân/lannen | Feriene Steaten | |
taal | Ingelsk | |
prizen | 19 × Emmy Award 5 × Saturn Award 2 × Hugo Award 1 × Peabody Award | |
webside | www.startrek.com/ .../star-trek-the-next- generation | |
besibbe searjes | ● The Original Series ● Deep Space Nine ● Voyager ● Enterprise ● Discovery ● Picard ● Strange New Worlds |
Untstean
bewurkje seksjeDe Star Trek-franchise ûntstie yn 'e 1960-er jierren mei Star Trek: The Original Series, dy't fan 1966 oant 1969 op 'e Amerikaanske tillefyzje brocht waard troch tillefyzjenetwurk NBC. Nei trije seizoenen waard dy searje stopset omreden fan ôffallende sjochsifers. By werhellings dy't yn earste helte fan 'e 1970-er jierren yn syndikaasje útstjoerd waarden, woeks de populariteit fan 'e searje lykwols tige by tige oan. Dat late earst ta de produksje fan in tekenfilmsearje, Star Trek: The Animated Series, yn 1973 en 1974, mei deselde cast as de oarspronklike searje. Dy cast waard ek ynset foar de produksje fan seis Star Trek-films tusken 1979 en 1991. By de earste fan dy films waard de oarspronklike cast eins suver al te âld achte foar de rollen en meitiid waard dat allinne mar minder.
Al yn 1972 naam tillefyzjestudio Paramount Television yn omtinken om in nije live action-Star Trek-tillefyzjesearje te meitsjen, mei in folslein nije cast. Earst waard dat op 'e lange baan skood troch de produksje fan Star Trek: The Animated Series. Yn 1975 begûnen Gene Roddenberry en de oare produsinten te risselwearjen foar in searje dy't Star Trek: Phase II komme moast te hjitten. Dy plannen rûnen lykwols op 'e non doe't de oprjochting fan 'e Paramount Television Service, dy't it eigen tillefyzjenetwurk fan filmstudio Paramount Pictures wurde moatten hie, ôfblaasd waard. Doe't yn 'e twadde helte fan 'e 1970-er jierren science fiction-films as Star Wars (1977) en Close Encounters of the Third Kind (1977) grut kommersjeel súkses hiene, besleat Paramount it senario foar de pilotôflevering fan Star Trek: Phase II om te wurkjen ta it filmskript fan Star Trek: The Motion Picture.
Tsjin 1986, mear as tweintich jier nei't Star Trek: The Original Series foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje kommen wie, besauden de studiobazen by Paramount har oer de lange libbensfetberens fan 'e Star Trek-franchise. Nettsjinsteande it feit dat in nije tillefyzjesearje de populariteit fan 'e filmsearje mei de oarspronklike cast bedriigje kinne soe, waard dochs besletten ta it yn produksje nimmen fan in nije live action-tillefyzjesearje. Ien fan 'e trochslaande arguminten dêrfoar wie dat foar in nije searje ûnbekende akteurs ynset wurde koene, dy't net de grutte salarissen easkje koene dy't sa njonkelytsen oan 'e cast út 'e oarspronklike searje útbetelle wurde moasten. Op 10 oktober waarden de plannen foar de nije searje, dy't Star Trek: The Next Generation komme moast te hjitten, bekendmakke. De cast waard yn maaie 1987 foarsteld.
Produksje
bewurkje seksjeStar Trek: The Next Generation bliek razend populêr te wêzen, net inkeld by de Amerikaanske tillefyzjesjoggers, mar ek om utens. Der waarden 7 seizoenen fan 'e searje makke, mei yn totaal 178 ôfleverings fan 44 minuten. Der wie in budget fan $1,3 miljoen de ôflevering beskikber. De searje waard op 'e Amerikaanske tillefyzje yn syndikaasje útstjoerd.
Paramount Television bea de searje dêrby fergees oan mear as 150 pleatslike en regionale tillefyzjestasjons oan, yn ruil foar 7 fan 'e 12 minuten tiid fan 'e beide reklameblokken middenyn it programma, dy't Paramount dan foar eigen ynkomsten ferkeapje mocht. Elts reklamespotsje fan 30 sekonden brocht $115.000 oant $150.000 op (fermannichfâldige mei 14 heale minuten en dan nochris mei 150 stjoerders), sadat men de kosten der gau út hie. De searje levere Paramount yn trochsneed elts seizoen 40% skjinne winst op fan alle jild dat deryn stoppe wie. Op dy manear wie de ferkeap fan 'e searje oan tillefyzjestjoerders om utens (dy't ek gie dat it slydjage) net iens nedich om in grut kommersjeel súkses te wêzen.
Gene Roddenberry, de betinker fan Star Trek, sloech yn 't earstoan in oanbod ôf om him mei de nije searje te bemuoien, mar nei't er ûntefreden rekke wie oer iere tariedings, kaam er dochs oan board as útfierend produsint. Roddenberry soe oant syn ferstjerren yn 1991 by de searje belutsen bliuwe. De oare útfierend produsint, Rick Berman, waard yn 1989 op Roddenberry syn fersyk troch Paramount Television oan it projekt tafoege. Berman soe syn posysje behâlde oan 'e ein fan 'e searje yn 1994 ta. De direkte lieding oer de produksje wie yn 'e hannen fan tillefyzjeprodusinten Maurice Hurley (1988-1989), Michael Piller (1989-1994) en Jeri Taylor (1993-1994).
Utgongspunt fan 'e plot
bewurkje seksjeStar Trek: The Next Generation giet oer de bemanning fan 'e USS Enterprise, in romteskip fan 'e Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten. De searje begjint yn it jier 2364, as de nije Enterprise (NCC-1701-D) oplevere wurdt, en folget de aventoeren fan 'e bemanning oant it jier 2370. Krekt as de eardere USS Enterprise út Star Trek: The Original Series hat de Enterprise-D de opdracht om 'e Molkewei te ferkennen. Oan it begjin fan eltse ôflevering wie foar it úteinsetten fan 'e begjintitels en de titelmuzyk earst in voice-over te hearren fan akteur Patrick Stewart, wêrby't dy de misje fan 'e USS Enterprise-D útinoar sette mei de wurden (oanpast fan in soartgelikense voice-over út Star Trek: The Original Series):
Space: the final frontier. These are the voyages of the starship Enterprise. Its continuing mission: to explore strange new worlds, to seek out new life and new civilizations, to boldly go where no man has gone before.
("It hielal: de uterste foargrins. Dit binne de reizen fan it romteskip de Enterprise. Syn oanhâldende misje: om frjemde nije wrâlden te ferkennen, om nij libben en nije beskavings te finen, om drystmoedich te gean dêr't noch nea earder in minske gien is."
De gesachfierder fan 'e Enterprise is de Frânsman kaptein Jean-Luc Picard (spile troch Patrick Stewart), dy't bystien wurdt troch syn earste ofsier, kaptein-luitenant William T. Riker (Jonathan Frakes), waans famylje út Alaska komt. Riker ûnderhâldt in komplisearre leafdesrelaasje mei Deanna Troi (Marina Sirtis), dy't de skipspsychologe en neiste adviseur fan kaptein Picard is. Troi is heal-minsklik en heal-Bêtazoïdysk, wat makket dat se licht telepatysk is.
Oare ofsieren fan 'e Enterprise binne Data (Brent Spiner), in androïde dy't it produkt is fan 'e nuvere wittenskipper Noonien Soong; Worf (Michael Dorn), in Klingon-wees dy't grutbrocht is troch minsklike pleechâlden; en Geordi La Forge (LeVar Burton), in bline man dy't tarist is mei in 'fizier', in proteze dy't him sjen lit. Tasha Yar (Denise Crosby), dy't ûntsnapt is fan in yn folsleine anargy ferkearende planeet, is it haad befeiliging oant har dea tsjin 'e ein fan it earste seizoen. De skipsdokter is Beverly Crusher (Gates McFadden), wa har jonge soan Wesley (Will Wheaton) ek oan board is. Picard en Beverly Crusher fiele harren dúdlik ta-inoar oanlutsen, mar it komt nea ta wat tusken harren.
Rolferdieling
bewurkje seksjeFêste cast
bewurkje seksjepersonaazje | akteur/aktrise |
kaptein Jean-Luc Picard | Patrick Stewart |
kaptein-luitenant William T. Riker | Jonathan Frakes |
luitenant 1e klasse Data | Brent Spiner |
luitenant 2e klasse Worf | Michael Dorn |
luitenant 1e klasse Deanna Troi | Marina Sirtis |
luitenant 2e klasse Geordi La Forge | LeVar Burton |
luitenant 2e klasse Tasha Yar | Denise Crosby (seizoen 1) |
dokter Beverly Crusher | Gates McFadden (seizoen 1 en 3-7) |
dokter Katherine Pulaski | Diana Muldaur (seizoen 2) |
Wesley Crusher | Wil Wheaton (seizoen 1-4) |
-
Wil Wheaton (yn 2010)
Michael Dorn, dy't rol fan 'e Klingon Worf spile, fertolke dyselde rol ek yn seizoen 4 oant en mei 7 fan 'e searje Star Trek: Deep Space Nine. Mei dielname oan 282 ûnderskate ôfleverings fan 'e Star Trek-franchise is hy datoangeande rekôrhâlder. Hy spile ek in foarâlder fan Worf (dy't ek Worf hiet) yn 'e spylfilm Star Trek VI: The Undiscovered Country.
Denise Crosby ferliet de searje yn ôflevering 23 (Skin of Evil) fan seizoen 1, doe't har personaazje, Tasha Yar, omkaam. Yar kearde werom yn in oare tiidline yn it bekroande Yesterday's Enterprise (ôflevering 15 fan seizoen 3), en teffens yn 'e alderlêste ôflevering All Good Things… (ôflevering 25 en 26 fan seizoen 7). Dêrnjonken spile Crosby ek de rol fan Sela, Yar har antagonistyske heal-Romulaanske dochter yn 'e ôfleverings The Mind's Eye (ôfl. 24 fan seizoen 4), Redemption, Part II (ôfl. 1 fan seizoen 5) en Unification, Part II (ôfl. 8 fan seizoen 5).
Gates McFadden waard oan 'e ein fan it earste seizoen oan 'e dyk set en ferfongen troch Diana Muldaur, mar oan it begjin fan it trêde seizoen waard se dochs wer oannommen. Muldaur, dy't yn alle ôfleverings fan it twadde seizoen spile, krige nea in fermelding yn 'e begjintitels, mar waard altyd nei ôfrin dêrfan neamd as 'spesjale gaststjer'. Hja hie yn 'e 1960-er jierren in gastrol hân yn twa ôfleverings fan Star Trek: The Original Series.
Wil Wheaton, dy't Beverly Crusher har teenagersoan Wesley spile, hie in fêste rol yn 'e earste fjouwer seizoenen, foar't er ôfsette om in oplieding oan 'e militêre akademy fan 'e Stjerrefloat te folgjen. Dêrnei kearde er de lêste trije seizoenen sporadysk yn in gastrol werom.
Weromkearende byrollen
bewurkje seksje(yn alfabetyske folchoarder neffens de efternamme fan 'e akteurs)
personaazje | akteur/aktrise |
Lwaxana Troi (de mem fan Deanna Troi) | Majel Barrett |
Alexander Rozhenko (de soan fan Worf) | Brian Bonsall |
Keiko O'Brien (botanika, oant har oerpleatsing nei Deep Space Nine yn 2369) | Rosalind Chao |
Sela (de heal-Romulaanske dochter fan Tasha Yar) | Denise Crosby |
Q (in mysterieus en frijwol almachtich bûtenierdsk wêzen) | John de Lancie |
Hugh (in Borg-wurker dy't troch Geordi La Forge en Beverly Crusher losmakke wurdt fan it Borg-kollektyf) | Jonahth Del Arco |
Ro Laren (in Bajoraanske roergongster, oant har desersje nei de Maquis yn 2370) | Michelle Forbes |
Guinan (de bûtenierdske gastfrou fan 'e skipskroech op 'e Enterprise) | Whoopi Goldberg |
Robin Lefler (in ofsier yn 'e masinekeamer fan 'e Enterprise) | Ashley Judd |
Tomalak (in Romulaanske kommandant) | Andreas Katsulas |
Lursa (in Klingon-frouwe út it Hûs fan Duras, de suster fan B'Etor) | Barbara March |
Miles O'Brien (roerman en letter transportersjef op 'e Enterprise oant syn oerpleatsing nei Deep Space Nine yn 2369) | Colm Meaney |
de Reizger (in machtige bûtenierdske doarmer dy't in mentor wurdt foar Wesley Crusher) | Eric Menyuk |
Sonya Gomez (in ofsier yn 'e masinekeamer fan 'e Enterprise) | Lycia Naff |
Alynna Nechayeff (in Stjerrefloatofsier mei foech oer belied oangeande de Kardassianen) | Natalia Nogulich |
Gowron (de lieder fan it Klingon-ryk) | Robert O'Reilly |
K'Ehleyr (de ambassadrise fan 'e Federaasje yn it Klingon-ryk, oarehelte fan Worf en mem fan Alexander Rozhenko oant har dea yn 2367) | Suzie Plakson |
Reginald Barclay (in ofsier yn 'e masinekeamer fan 'e Enterprise, oant syn oerpleatsing nei it kommunkaasjehaadkertier fan 'e Stjerrefloat yn 2374) | Dwight Schultz |
dhr. Homm (de assistint fan Lwaxana Troi) | Carel Struycken |
Kurn (in Klingon-ofsier en de broer fan Worf) | Tony Todd |
B'Etor (in Klingon-frouwe út it Hûs fan Duras, de suster fan Lursa) | Gwynyth Walsh |
Alyssa Ogawa (haadferpleechkundige yn 'e sikeboech fan 'e Enterprise) | Patti Yasutake |
Mot (de hierknipper oan board fan 'e Enterprise) | Ken Thorley |
Wesley Crusher (de soan fan skipsdokter Beverly Crusher, dy't studearret oan 'e militêre akademy fan 'e Stjerrefloat) | Wil Wheaton (seiz. 5-7) |
Seizoenen
bewurkje seksjeseizoen | tal ôfl. | rûn fan | rûn oant | netwurk |
---|---|---|---|---|
1 | 26 | 28 septimber 1987 | 16 maaie 1988 | syndikaasje |
2 | 22 | 21 novimber 1988 | 17 july 1989 | |
3 | 26 | 25 septimber 1989 | 18 juny 1990 | |
4 | 26 | 24 septimber 1990 | 17 juny 1991 | |
5 | 26 | 23 septimber 1991 | 15 juny 1992 | |
6 | 26 | 21 septimber 1992 | 21 juny 1993 | |
7 | 26 | 20 septimber 1993 | 23 maaie 1994 |
Untfangst
bewurkje seksjeStar Trek: The Next Generation wie in grut súkses en behold alle sân seizoenen troch hege sjochsifers, dy't de sjochsifers fan hitsearjes as Cheers en L.A. Law oertroffen. De searje wûn yn totaal achttjin kear in Emmy Award (de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis) en yn syn lêste seizoen waard it de earste yn syndikaasje útstjoerde searje ea, dy't nominearre waard foar de Emmy foar bêste dramasearje. Star Trek: The Next Generation waard ek trije kear nominearre foar de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje en wûn dy priis twaris. Fierders wûn de searje fiif kear in Saturn Award en de ôflevering The Big Goodbye, út it earste seizoen, wûn de Peabody Award yn 'e kategory treflik tillefyzjeprogramma.
Rol binnen de franchise
bewurkje seksjeYn it lêste seizoen hie Star Trek: The Next Generation fan alle yn syndikaasje útstjoerde tillefyzjesearjes yn 'e Feriene Steaten de heechste sjochsifers. Dêrtroch koe de searje tsjinje as springplanke foar oare spin-offsearjes fan 'e Star Trek-franchise. In protte sitewaasjes en bûtenierdske rassen, en ek guon personaazjes, dy't yn 'e Star Trek: The Next Generation yntrodusearre wiene, foarmen letter de grûnslach foar ôfleverings fan Star Trek: Deep Space Nine en Star Trek: Voyager.
Fierders waarden op Star Trek: The Next Generation letter fjouwer spylfilms basearre, te witten:
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Star Trek: The Next Generation
- (in) De titelmuzyk fan Star Trek: The Next Generation op YouTube
- (in) Ynformaasje oer Star Trek: The Next Generation yn 'e Internet Movie Database
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |