Stasis of staze (fan it Grykske στάσις, stásis, dat "stilstân" betsjut) is in term dy't benammen brûkt wurdt yn 'e science fiction-literatuer. Der wurdt ornaris mei ferwiisd nei it opskoarjen fan 'e effekten fan it ferstriken fan 'e tiid binnen in beskate (meastal beheinde) romte, wat in avânsearre wize fan konservearringstechnyk is. Op organismen tapast wurdt soks ek wol oantsjut as 'hypersliep', in ferskynsel dat wol wat wei hat fan skyndea. Mar wylst skyndea meastal referearret oan sterk redusearre libbensprosessen, hâldt stasis it folslein ta stilstân bringen fan dy prosessen yn, lykwols mei de ymplikaasje dat se letter wer op gong brocht wurde kinne. Stasis wurdt yn science fiction-ferhalen gauris opfierd om te ferklearjen hoe't minsken yn 'e romtefeart de reizen oer de ûnmjitlik grutte ôfstannen tusken ferskillende stjerrestelsels oerlibje kinne.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.