Stasjon Almeare Bûten
Stasjon Almeare Bûten (Almb) is in stasjon oan de Flevoline yn Almeare yn it stedsdiel Almeare Bûten yn de provinsje Flevolân.
Stasjon Almeare Bûten station Almere Buiten | ||
Stasjon Almeare Bûten yn 2009 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Flevolân | |
Gemeente | Almeare | |
plak | Almeare | |
adres | Noordeinde 170 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Almb | |
iepening | 30 maaie 1987 | |
boujier | 1987 | |
arsjitekt | Peter Kilsdonk | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Flevoline | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
It waard yn gebrûk naam op 30 maaie 1987 mei de iepening fan de Flevoline (Weesp - Lelystêd Sintrum). It stasjonsgebou wie in ûntwerp fan arsjitekt Peter Kilsdonk. It stasjon hat twa brede perrons mei twa lange perronkappen. Oan beide siden binne hellingbanen, en de twa wichtichste treppehuzen binne oerdutsen en ôfskerme mei glêzen muorren. Beide treppen binne om in betonnen klokketoer hinne boud. Under it spoarweifiadukt is in stasjonshal mei in loket en in ytgelegenheid.
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
2400 | Intercity (NS) | Lelystêd Sintrum – Almeare Bûten – Almeare Sintrum – Amsterdam Súd – Skiphol Airport – Leien Sintraal – De Haach HS – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Doardt | |
4300 | Sprinter (NS) | Hoofddorp – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Weesp – Almeare Sintrum – Almeare Bûten – Almeare Oostvaarders | |
4600 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Sloterdijk – Amsterdam Sintraal – Weesp – Almeare Sintrum – Almeare Bûten – Lelystêd Sintrum – Swol | Ride yn de jûnsoeren en it wykein ek fan / nei De Haach Sintraal. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|