Stasjon Hilfertsom

Stasjon Hilfertsom (Hvs) is in spoarstasjon yn it Nederlânske plak Hilfertsom, yn de provinsje Noard-Hollân. It waard iepene yn 1874 oan de Easterspoarwei (Amsterdam Sintraal - Sutfen).

Stasjon Hilfertsom
station Hilversum
Stasjon Hilfertsom yn 2003
Stasjon Hilfertsom yn 2003
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Hilfertsom
plak Hilfertsom
adres Wilhelminastraat 1
arsjitektuer
stasjonskoade Hvs
iepening 10 juny 1874
boujier 1873 1e stasjonsgebou
1954 Eastlike yngonggebou
1992 2e stasjonsgebou
sloopjier 1990 1e stasjonsgebou
2007 Eastlike yngonggebou
arsjitekt 1873
Arsjitekt ûnbekent
1e stasjonsgebou
1954
K. van der Gaast
Eastlike yngonggebou
1992
J.A. van Belkum
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 3
perronspoaren 5
spoarline Easterspoarwei
Hilfertsom - Lunetten
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Hilfertsom (Noard-Hollân)
Stasjon Hilfertsom

Gebou bewurkje seksje

 
1e stasjonsgebou stasjon Hilfertsom om en de by 1980
 
Eastlike yngonggebou stasjon Hilfertsom yn 1954

It oarspronklike spoarstasjon fan Hilfertsom wie in rom opset en opfallend heech gebou. It sober útfierde gebou wie symmetrysk en hie in nei foaren steand middenpart dat noch in pear fersieringen hie en twa wat nei foaren steande eingeboukes. Oan de perronkant lâns it hiele gebou wie in kap. Yn 1892 is ek it midden perron fan in oerkaping foarsjoen. Yn 1910 is tusken de foar- en efterkant fan it stasjonsgebou in fuotgongersbrêge yn gebrûk naam. Yn 1931 is de oerwei tusken beide perrons ferfongen troch in reizgerstunnel.

Yn 1954 krijt it stasjon oan eastkant fan it stasjonsgebiet in folweardich yngonggebou fan de hân fan arsjitekt Koen van der Gaast mei ûnder oare loketten en in fytsestalling. De stasjonshal is heger as de rest fan it gebou en kriget foar in grut part glêzen wanden. Boppedat rint it dak op 'e hichte fan de stasjonshal skean nei boppen. De hal biedt tagong ta de ferlingde reizgerstunnel dy't tenei beide kanten fan it stasjon ferbynt. De fuotgongersbrêge is dêrnei ofbrútsen. Letter binne ferskate glêzen wanden ticht makke om mear romte foar winkels te kreëarjen.

It earste stasjonsgebou waard ôfbrutsen yn 1990 om romte te meitsjen foar de werynrjochting fan it folsleine stasjonsomjouwing. De NS liet op it plak fan it âlde stasjonsgebou in grut kantoargebou fan fiif ferdjippingen delsette, neffens in ûntwerp fan arsjitekt Jan van Belkum. Likernôch healwei it gebou kaam in romme stasjonshal mei romte foar de loketten en winkels. It midden fan de hal is sa’n trije ferdjippingen heech. Sawol oan de strjit- as de perronkant kaam in healrûne glêzen wand om de yngong fan it stasjon te aksintuearjen. Boppe de yngong kaam in grut rûn finster mei dêryn de stasjonsklok. It finster is beklaaid mei holografysk glês en dêrtroch ûntstiet troch de stân fan de sinne in wikseljend kleurespektrum op de flier fan de hal. As ferwizing nei de oanwêzigens fan de ferskate omroppen en telefyzjestudio’s yn Hilfertsom hat it gebou oan de rjochter kant in toer yn de foarm fan in stjoermêst. De perronkape út 1892 is behâlden bleaun.

Yn 2007 waard it yngonggebou oan de eastkant fan it stasjonsgebiet út 1954 ôfbrutsen, om romte te meitsjen foar de oanlis fan in nije tunnel foar stadich ferkear en in ekstra eilânperron.

Treinferbinings bewurkje seksje

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
140/240
IC 77
Intercity
(NS International
DB Fernverkehr)
Amsterdam SintraalHilfertsomDuivendrechtHilfertsomAmersfoart SintraalApeldoarnDimterAlmeloHengeloBad BetnheimRheineOsnabrück HbfHannover HbfWolfsburg HbfStendalBerlin-SpandauBerlin HbfBerlin Ostbahnhof Rydt om 'e twa oeren, stoppet om 'e fjouwer oere te Bünde en twa oeren letter om 'e fjouwer oere te Bad Oeynhausen. Net alle treinen hâlde halt yn Apeldoarn.
1500 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalHilfertsomAmersfoart SintraalApeldoarnDimter Rydt op wurkdagen yn de spits fan en nei Dimter. Yn de dal oeren is dat 1x de 2 oeren.
1600 Intercity (NS) Skiphol AirportAmsterdam SúdDuivendrechtHilfertsomAmersfoart SintraalApeldoarnDimterAlmeloHengeloYnskedee In healoeretsjinst
11600 Intercity (NS) Skiphol AirportAmsterdam SúdDuivendrechtHilfertsomAmersfoart SintraalAmersfoart Schothorst Foarmet tusken Skiphol Airport en Amersfoart Sintraal in healoeretsjinst mei searje 1600. Foarmet tusken Amersfoart Sintraal en Amersfoart Schothorst in healoeretsjinst mei searje 11700.
4900 Sprinter (NS) Utert-SintraalHilfertsomAlmere Sintrum Stoppet net op Hollandsche Rading, Hilfertsom Media Park en Bussum Súd. Rydt yn 'e betide moarn, jûns nei 20:00 en yn it wykein as 14900.
14900 Sprinter (NS) Almere SintrumHilfertsomUtert-Sintraal Rydt allinne jûns en yn it wykein. Stoppet net op Bussum Súd en Hilfertsom Media Park. Wurdt troch de wike oerdeis riden troch searje 4900.
5700 Sprinter (NS) Utert-SintraalHilfertsomWeespAmsterdam SúdSkiphol AirportHoofddorp
5800 Sprinter (NS) Amersfoart VathorstAmersfoart SintraalHilfertsomWeespAmsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkSkiphol AirportHoofddorp Ryd allinnich yn 'e betide moarnsoeren, yn 'e spits en yn it wykein troch fan Amsterdam Sintraal nei Hoofddorp.


Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: