Stasjon Rijswijk
Stasjon Rijswijk (Rsw) is in spoarweistasjon yn de stêd Rijswijk yn de provinsje Súd-Hollân en waard iepene yn 1965 oan de Alde line (Amsterdam Sintraal - Rotterdam Sintraal).
Stasjon Rijswijk station Rijswijk | ||
Stasjon Rijswijk yn 2005 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Súd-Hollân | |
Gemeente | Rijswijk | |
plak | Rijswijk | |
adres | Piramideplein 2 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Rsw | |
iepening | 1965 | |
boujier | 1965 1e stasjonsgebou 1982 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1994 1e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1965 C. Douma 1e stasjonsgebou 1996 Th.J.B. Fikkers 2e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 4 | |
spoarline | Alde line | |
tramline | 17 | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt oarspronklike spoarweistasjon fan Rijswijk wie in leech rjochthoekige stasjonsgebou nei ûntwerp fan arsjitekt Cees Douma en hie njonken de loketten ek romme ferwaarme wachtkeamers en in bewaakte fytsestalling. Ek wie in klokketoer oanwêzich. Boppe de perronnen kamen brede luifels. Beide perronnen wiene mei-inoar ferbûn fia in tunnel. It stasjon waard yn 1994 ôfbrútsen, om romte te meitsjen foar de spoarferdûbeling fan it spoarline Den Haag - Delft en in spoartunnel. Op 'e hichte fan Rijswijk is de ferdûbelle spoarline yn in ferdjippe, foar it grutste part tichte tunnelbak lein.
It yn 1994 sloopte stasjonsgebou waard yn 1996 ferfongen troch in nij gebou fan de hân fan arsjitekt Theo Fikkers. It middenpart is in grutte glêzen piramide dy't in hal foarmet mei treppen en liften nei de spoortunnel ûnder it gebou. de piramide wurd omsluten troch in bakstienen gebou mei deryn de ferskate stasjonsfunksjes as loketten, winkeltsjes en in fytsestalling. Boppe de perrons sels komt in park mei fjouer lytsere piramiden fan glês dy't foar mear deiljocht yn de tunnel ûnder it park soargje yn it ferlingde fan it park binne noch ris fjouwer lytse piramiden boppe de tunnel boud.
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
5000 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – De Haach HS – Rijswijk – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Rotterdam Blaak – Rotterdam Lombardijen – Doardt | Rydt net yn it wykein en nei 20:00 oere jûns. |
5100 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – De Haach HS – Rijswijk – Delft – Skiedam Sintrum – Rotterdam Sintraal – Rotterdam Blaak – Rotterdam Lombardijen – Doardt |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|