Stasjon Rotterdam Blaak

Stasjon Rotterdam Blaak (Rtb) iepene op 2 maaie 1877, is in spoarweistasjon yn de Nederlânske stêd Rotterdam yn de provinsje Súd-Hollân. It stasjon leit oan de Steatsline I (Breda - Rotterdam Sintraal). Yn 1993 waard it tredde stasjonsgebou sûnt 1872 iepene.

Stasjon Rotterdam Blaak
station Rotterdam Blaak
Stasjon Rotterdam Blaak yn 2004
Stasjon Rotterdam Blaak yn 2004
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
gemeente Rotterdam
plak Rotterdam
adres Blaak 3
arsjitektuer
stasjonskoade Rtb
type Trochgongsstasjon
iepening 2 maaie 1877
boujier 1877 1e stasjonsgebou
1953 2e stasjonsgebou
1993 3e stasjonsgebou
sloopjier 1952 1e stasjonsgebou
1974 2e stasjonsgebou
arsjitekt 1958
S. van Ravesteyn
1e stasjonsgebou
1993
H.C.H. Reijnders
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 4
spoarline Steatsline I
metroline  A   B   C 
tramline  21   24 
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Rotterdam Blaak (Rotterdam-Sintrum)
Stasjon Rotterdam Blaak
 
1e stasjonsgebou Stasjon Rotterdam Blaak yn 1877

It earste stasjon iepene op 2 maaie 1877 syn doarren foar treinreizgers. Fanwege de ferhege lizzing fan it spoar (Loftspoar) krige it stasjonsgebou ien ferdjipping mear as doedestiids gebrûklik wie, sadat de earste ferdjipping op likense hichte lei mei it perron. It stasjon krige as earste Nederlânske stasjon in oerkaping fan smeedijzer yn stee fan getten izer.

It stasjonsgebou waard yn 1940 ferwoaste by it bombardemint op Rotterdam, De perrons mei de oerkapingen bleaune al behâlden. De restanten fan it stasjon waarden yn 1953 ferfongen, nei ûntwerp fan arsjitekt Sybolt van Ravesteyn it nije gebou wie in ienfâldich gebouke. It gebou die net lang tsjinst, yn 1972 waard it sloopt foar de oanlis fan de metroline. De oerkaping bleau al bestean en waard úteinlik yn 1993 ôfbrutsen.

Op 6 maaie 1982 waard it ûndergrûnske metrostasjon Blaak iepene oan de ûnder de namme Oost-Westlijn bekend steande metroline. By de oanlis fan dy line wie rekken hâlden mei in takomstich ûndergrûnsk spoarweistasjon. Fan 2009 ôf leit it metrostasjon nei it opheffen fan de namme Calandlijn oan de metrolinen A, B en C. It metrostasjon hat trije spoaren (oan in eilânperron en in sydperron). De earste jierren wie der, op it plak dêr't no de tramhalte is, in grutte metrohal dêr't ek in NS-loket yn ûnderbrocht wie. Dit gebou is om en de by yn 1990 wer ôfbrutsen om de bou fan it hjoeddeistige stasjon mooglik te meitsjen.

Doe 't it Loftspoar ferfongen waard troch de Willemsspoartunnel, waard it spoarstasjon Blaak ferfongen troch in ûndergrûnsk stasjon. It nije stasjon waard op 15 septimber 1993 iepene troch keninginne Beatrix. It opfallende ûntwerp is fan arsjitekt Harry Reijnders.

Under de grûn binne op nivo -1 de spoaren fan de linen A, B en C fan de Rotterdamske metro. Sawol noard as súd fan it metrostasjon is in stasjonshal foar it spoarweistasjon. Op nivo -2 direkt ûnder de metro leit de spoarline. De perrons fan beide stasjons binne streekrjocht mei-inoar ferbûn fia treppen en liften, wêrtroch't in maklike oerstap mooglik is.

By de bouwurksumheden waarden de fundearring fan in toer en de stedsmuorre bleatlein dy 't diels sichtber makke is yn it stasjon.

It stasjon waard iepene mei de namme "Rotterdam Beurs" neamd nei it njonkenlizzende beursgebou, mar Om't ek it beursgebou De Beurs ferlern gien wie en de hannelers yn 1941 it nij boude Beurs oan de Coolsingel belutsen, krige it stasjon yn 1945 de namme "Rotterdam Blaak".

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
2200 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkHaarlimLeiden SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalRotterdam BlaakDoardtRoosendaalMiddelburchFlissingen
2400 Intercity (NS) Lelystêd SintrumAlmere BûtenAlmere SintrumAmsterdam SúdSkiphol AirportLeien SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalRotterdam BlaakDoardt
3700 Intercity (NS) DoardtRotterdam BlaakRotterdam SintraalSkiedam SintrumDelftDe Haach HSLeien SintraalSkiphol AirportAmsterdam SúdUtert-SintraalDe BoskEindhoven SintraalHelmondVenlo Rydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Dordrecht nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Schiphol Airport en Venlo oer.
5000 Sprinter (NS) De Haach SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalRotterdam BlaakRotterdam LombardijenDoardt Rydt net yn it wykein en nei 20:00 oere jûns.
5100 Sprinter (NS) De Haach SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalRotterdam BlaakRotterdam LombardijenDoardt


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: