Hawaï

(Trochferwiisd fan Steat Hawaï)

Hawaï of mei in sekuerdere stavering Hawaiï (Ingelsk: Hawaii, útspr.: [hə'wa:iji], likernôch "huh-ûaai-jy"; Hawaïaansk: Hawai‘i, útspr.: [hə'vɐjʔi], likernôch "huh-vui-y"), offisjeel de Steat Hawaï (Ingelsk: State of Hawaii; Hawaïaansk: Moku‘āina o Hawai‘i), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Hawaï, byneamd de Aloha State (nei it bekende Hawaïaanske groetwurd), beslacht in fulkanyske eilannegroep (de Hawaï-eilannen), dy't midden yn 'e Stille Oseaan leit, op 3.800 km ôfstân fan it Amerikaanske fêstelân.

Steat Hawaï
State of Hawaii (Ingelsk)
Moku‘āina o Hawai‘i (Hawaïaansk)
flagge wapen
Ua Mau ke Ea o ka ‘Āina i ka Pono
(Hawaïaansk, "It Libben fan it Lân Is
Ferivige yn Gerjochtichheid")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting HI
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1959)
haadstêd Honolulu
grutste stêd Honolulu
offisjele taal Ingelsk en Hawaïaansk
sifers
ynwennertal 1.419.561 (2014)
befolkingstichtens 82,6 / km²
oerflak 28.311 km² (41,2% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Aloha State
tiidsône UTC –10
simmertiid UTC –10 (gjin simmertiid)
webside www.hawaii.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Hawaï. Foar oare betsjuttings, sjoch: Hawaï (betsjuttingsside).

De haadstêd fan 'e steat is Honolulu, dat teffens de grutste stêd is. Neffens in skatting út 2014 hie Hawaï doe rom 1,4 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 40e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Hawaï mei rom 88.300 km² de 43e steat. Hawaï is de iennichste Amerikaanske steat dêr't de mearderheid fan 'e befolking fan Aziatysk komôf is. It wie yn 1959 de fyftichste en lêste steat dy't talitten waard ta de Amerikaanske Uny, en it stiet bekend om syn tropyske klimaat en syn natoerskientme. Sadwaande hat Hawaï him ûntjûn ta ien fan 'e wichtichste toeristyske bestimmings fan 'e wrâld.

De steat Hawaï is ferneamd nei de Hawaï-eilannen, en dy arsjipel is wer ferneamd nei it grutste eilân, Hawaï. It eilân Hawaï soe neffens de Hawaïaanske mytology ferneamd wêze nei Hawai‘iloa, de legindaryske Polynezyske seefarder dy't de arsjipel as earste ûntdiek. Ek wurdt wol beweard dat de namme ôflaat is fan Hawaiki, it mytyske plak dêr't de Polynezyske folken oarspronklik wei kommen wêze soene. Hawai‘i, de Hawaïaanske foarm fan 'e namme, is troch prosessen fan klankferskowing etymologysk en linguïstysk ekwifalint oan Savai‘i yn it Samoaansk, dat de namme fan it grutste eilân fan Samoä is.

 
In satellytfoto fan 'e Hawaï-eilannen.

De steat Hawaï omfiemet hast de hiele Hawaï-arsjipel, dy't rûchwei yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan leit. Geografysk en folkekundich heart Hawaï ta Polyneezje en yn grutter ferbân ta Oseaanje, mar beslist net ta Noard-Amearika. De eilannegroep is foarme troch fulkanyske aktiviteit en strekt him út oer in ôfstân fan 2.400 km², fan it eilân Hawaï yn it súdeasten oant it atol Kure yn it noardwesten. Allinnich it eilân Midway, dat in ûnynkorporearre territoarium fan 'e Feriene Steaten is, falt bûten de steat Hawaï.

De steat beslacht in oerflak fan 28.311 km², wêrfan't 41,2% út wetter bestiet, wat 16.636½ km² oan lân oerlit. De eilannen hawwe yn 'e Feriene Steaten har eigen tiidsône, nammentlik de Hawaïtiidsône (UTC –6, gjin simmertiid). De steat bestiet út 8 gruttere eilannen yn it súdeasten, wêrfan't 7 bewenne binne en dy't bekendsteane as Boppewynske Hawaï-eilannen, mei dêropta yn it noardeasten 10 lytsere eilannen en atollen en 119 eilantsjes en riffen, dy't allegear ûnbewenne binne. Mei-inoar foarmje dizze eilantsjes de Noardwestlike Hawaï-eilannen of de Underwynske Hawaï-eilannen. De acht haadeilannen binne (fan grut nei lyts):

 
Wetterfallen op Kauaï.
eilân bynamme oerflak
Hawaï (Hawai‘i) the Big Island 10.432,5 km²
Maui (Maui) the Valley Isle 1.883,4 km²
Oähû (O‘ahu) the Gathering Place 1.545,4 km²
Kauaï (Kaua‘i) the Garden Isle 1.430,5 km²
Molokaï (Moloka‘i) the Friendly Isle 673,4 km²
Lanaï (Lāna‘i) the Pineapple Isle 363,9 km²
Niïhau (Ni‘ihau) the Forbidden Isle 180,0 km²
Kahoölawe (Kaho‘olawe) the Target Isle 116,5 km²

Hawaï wurdt oan alle kanten omjûn troch de iepen Stille Oseaan. De steat hat in kustline fan 1.210 km, wat de op trije nei langste kustline fan alle Amerikaanske steaten is (nei dy fan Alaska, Floarida en Kalifornje). De ûnderskate eilannen fan Hawaï wurde faninoar skaat troch in kompleks systeem fan seestrjitten, wêrfan't it ‘Alalākeiki-kanaal, tusken Maui en Kahoölawe, mei 11,3 km it smelst is, en it Ka‘ie‘ie Waho-kanaal, tusken Oähû en Kauaï, mei 116 km it breedst. It heechste punt yn 'e steat is de fulkaan de Mauna Kea, op it eilân Hawaï, mei in hichte fan 4.205 m boppe seenivo; it leechste punt is it oerflak fan 'e Stille Oseaan.

 
In lavastream op it eilân Hawaï.

De Hawaï-eilannen hawwe har ûntjûn trochdat de Pasifyske plaat mei in faasje fan likernôch 51 km yn 'e miljoen jier yn 'e rjochting fan it noardwesten oer in fulkanysk aktyf plak yn 'e mantel fan de Ierde hinne skoot. Sadwaande hat it meast súdeastlike eilân (hjoed de dei Hawaï) aktive fulkanen, wylst de oare eilannen dy net mear hawwe. Boppedat is it meast súdeastlike eilân ek it grutste, mei't dizze fulkanysk foarme eilannen meitiid stadichoan belúnje, oant se úteinlik wer yn 'e see fuortsakje. Sadwaande wurde de Hawaï-eilannen ek wat langer wat lytser neigeraden dat men fierder nei it noardwesten ta giet. It âldste eilân is Kure, dat likernôch 28 miljoen jier lyn foarme waard, wylst Hawaï mei in âldens fan 400.000 jier it jongste is.

Hawaï hat trije aktive fulkanen, dy't allegear op it eilân Hawaï lizze. Dat binne de ûnbidich grutte Mauna Loa, dy't mear as de helte fan it oerflak fan it eilân yn beslach nimt; de lytse Hualālai; en de Kīlauea, dy't feitlik sûnt 1983 sûnder ophâlden oan it útbarsten is. Op it eilân Hawaï leit ek de Mauna Kea, de heechste berch fan 'e steat, dat eins in sliepende fulkaan is. Op it eilân Maui leit de Haleakalā, dy't ek sliept en dy't foar it lêst yn 1790 útbarsten is. Alle oare fulkanen fan Hawaï binne dea. Op 35 km súdeastlik fan it eilân Hawaï is fierders allegeduerigen de ûnderseeske fulkaan de Loihi aktyf, dy't no oant 980 m ûnder it see-oerflak rikt. It tinken is dat de Loihi tusken 10.000 en 100.000 jier fan no ôf troch it see-oerflak hinne brekke sil, sadat der in nij eilân ûntstiet.

 
In strân op Maui.

De ierste bewenners fan 'e Hawaï-eilannen wiene Polyneziërs, dy't nei alle gedachten fan 'e Markwesaseilannen kamen (no ûnderdiel fan Frânsk-Polyneezje). Hja berikten Hawaï omtrint it jier 300 (n.Kr.), en waarden neffens de Hawaïaanske oerlevering laat troch de legindaryske seefarder Hawai‘iloa. In twadde migraasjeweach, ôfkomstich fan Raiatea en Bora Bora (ek yn Frânsk-Polyneezje) berikt Hawaï yn 'e alfde iuw. Guon skiedkundigen binne op grûn fan 'e Hawaïaanske oerlevering fan betinken dat it in lettere groep lânferhuzers út Tahity wie, dy't om it jier 1000 hinne de kaste fan 'e ali‘i of haadlju op Hawaï yntrodusearre. Oaren wize derop dat der gjin archeologysk bewiis is foar sa'n migraasjeweach dy't ôfkomstich wie fan Tahity.

De lânseigen Hawaïaanske maatskippij karakterisearre him troch in stadige taname fan 'e befolkingsgrutte, sadat úteinlik alle acht gruttere eilannen bewenne rekken. It gewoane folk waard regearre troch pleatslike ali‘i ("haadlju") dêr't ornaris in ali‘i nui ("kening") boppe stie dy't it hiele eilân regearre. Yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw klearre de hegemony fan Maui, dat ûnder it regear fan Kahekili II (1765-1794) ferskate oare eilannen ferovere, it paad foar de úteinlike steatkundige ienwurding fan Hawaï.

It hat wol kâns dat Spaanske seefarders de Hawaï-eilannen al yn 'e sechstjinde iuw besochten, twahûndert jier foar de offisjele ûntdekking fan 'e arsjipel. Mei't dêr lykwols gjin goede dokumintearring fan bestiet, wurdt dat troch de measte histoarisy fansiden skood. Sadwaande wurdt it besyk dat de Britske ûntdekkingsreizger James Cook op 18 jannewaris 1778 oan 'e arsjipel brocht, noch altyd rûnom beskôge as de ûntdekking fan Hawaï. Cook, dy't de arsjipel de Sandwicheilannen neamde, kearde yn jannewaris 1779 nei de eilannen werom en fûn doe op it eilân Hawaï de dea by in troch him folslein ferkeard ynskat militêr treffen mei de lânseigen befolking.

 
It stânbyld fan kening Kamehameha de Grutte, de feriener fan Hawaï, yn Honolulu.

Yn 1795 waarden de Hawaï-eilannen troch Kamehameha de Grutte, de kening fan it eilân Hawaï, ûnder syn bewâld feriene, nei't er Kalanikūpule, de lêste kening fan Maui en Oähû, yn 'e Slach by Nu‘uanu ferslein hie. De stifting fan it Keninkryk Hawaï wurdt ornaris datearre fanôf dat foarfal, ek al bleaune de noardwestlike eilannen Kauaï en Niïhau noch fyftjin jier lang selsstannich ûnder it bestjoer fan kening Kaumuali‘i. Kamehameha de Grutte wie de stamheit fan it Hûs fan Kamehameha, dat Hawaï regearre oant de dea fan kening Kamehameha V, yn 1872. Neitiid waarden de eilannen koart regearre troch kening Lunalilo, foar't yn 1874 Kalākua op 'e troan kaam, dy't yn 1891 opfolge waard troch syn suster Lili‘uokalani, de lêste monarch fan Hawaï.

Underwilens hiene har in protte blanken, benammen Amerikanen, op 'e eilannen nei wenjen setten. Yn 't earstoan wiene dat fral sindelingen, dy't de lânseigen befolking ta it kristendom besochten te bekearen. Yn 1824 boekten se in grut súkses doe't se keninginne Ka‘ahumanu, de widdo fan Kamehameha de Grutte, safier krigen dat se har dope liet. Mar fral ûnder it regear fan kening Kamehameha III, de earste kristlike kening fan Hawaï, krigen sindelingen in protte ynfloed en waard ien fan harren, Hiram Bingham I, in prominint keninklik riedshear. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw waard de mearderheid fan 'e Hawaïaanske befolking bekeard ta it protestantisme of it roomsk-katolisisme.

Oare iere blanke besikers fan 'e Hawaï-eilannen wiene fral walfiskfarders en houtsjers, dy't foar it sandelhout kamen. De blanken brochten in protte sykten mei dêr't de lânseigen befolking gjin ymmuniteit tsjin hie, lykas de gryp, mûzels en pokken, en fan gefolgen kromp de Hawaïaanske populaasje yn 'e tachtich jier nei de oankomst fan Cook fan likernôch 300.000 oant net mear as 60.000 minsken. In oare besmetlike sykte dy't Hawaï mei de blanken berikte, wie lepra. Fan 1866 oant 1969 bestie op it ôfhandige Kalaupapa-skiereilân op it eilân Molokaï in leprakoloanje dêr't alle lju dy't oan dy sykte litten, hinne ferballe waarden. Ferskate protestantske en roomske sindelingen giene dêr ek hinne om mank de ferskoppelingen fan 'e Hawaïaanske maatskippij te wurkjen, wêrûnder de Flaamske pater Damiaan de Veuster en de Dútsk-Amerikaanske non Marianne Cope, dy't neitiid beide hillich ferkearre binne.

 
De haven fan Honolulu, skildere troch Louis Choris, yn 1816.

Tsjin 'e 1840-er jierren begûnen har behalven sindelingen ek blanke keaplju op 'e Hawaï-eilannen nei wenjen te setten, en yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw waarden der op 'e eilannen grutte sûkerreidplantaazjes oanlein. Dy wiene eigendom fan blanke plantaazje-eigners en waarden bewurke troch lânseigen fjildarbeiders, mei as gefolch dat der in rike blanke elite ûntstie. Hoewol't de Feriene Steaten yn 1842 de ûnôfhinklikheid fan it Keninkryk Hawaï erkend hiene, en de beide lannen diplomatike relaasjes ûnderholden, waard it lânseigen bestjoer fan Hawaï troch Amerikanen net foar fol oansjoen.

Doe't keninginne Lili‘uokalani yn 1893 plannen oankundige foar in nije grûnwet dy't de macht fan 'e blanke elite beheine soe, wie dat foar dyselden oanlieding om by in steatsgreep sels de macht op Hawaï te gripen. Mei militêre stipe fan 'e Feriene Steaten waard begjin 1893 de keninginne ôfset, wêrnei't yn july 1894 (nei in perioade fan provisjoneel regear) de Republyk Hawaï útroppen waard. Wylst de lânseigen befolking ûnderdrukt waard, stjoerden de nije blanke machthawwers oan op anneksaasje troch de Feriene Steaten. Nettsjinsteande alle eardere betsjûgings fan freonskip troch de Amerikanen oan it adres fan 'e Hawaïanen waard de Amerikaanske anneksaasje fan Hawaï op 7 july 1898 in feit, wêrby't de Hawaïanen op snoade wize har eigen lân ûntnadere waard.

 
It ‘Iolani Paleis, it iennichste keninklik paleis yn 'e Feriene Steaten.

Neitiid foarme Hawaï rom sechstich jier lang it Territoarium Hawaï, dat yn 1900 in beheinde foarm fan selsbestjoer krige. Ferskate kearen rûn yn dy snuorje it besykjen fan 'e blanke middenstân om Hawaï as in folweardige steat ta de Amerikaanske Uny talitten te krijen, op 'e non, fanwegen de wjerstân fan 'e rike plantaazje-eigners. Dy fûnen de territoriale status nammentlik handich om't se dêrûnder goedkeape arbeidskrêften út Japan, Sina, Koreä en de Filipinen oanlûke koene, wylst soks foar steaten ferbean wie.

Op 'e iere moarn fan 7 desimber 1941 fierden bommesmiters fan 'e Japanske Keizerlike Marine in ferrassingsoanfal op 'e marinebasis Pearl Harbor en oare Amerikaanske militêre doelen op it eilân Oähû út. Dêrby waarden 21 marineskippen ta sinken brocht of earnstich skansearre en 188 militêre fleantugen ferneatige. Teffens kamen 68 boargers en 2.335 Amerikaanske soldaten en matroazen om, wêrfan't 1.177 ferdronken yn it sonken slachskip de USS Arizona. Fan gefolgen rekken de Feriene Steaten doe aktyf yn 'e Twadde Wrâldoarloch behelle.

 
De Japanske oanfal op Pearl Harbor.

Yn 'e 1950-er jierren waard de macht fan 'e plantaazje-eigners brutsen doe't de bern fan 'e Aziatyske ymmigranten dy't sy sels binnenhelle hiene, mearderjierrich waarden en as Amerikaanske steatsboargers it stimrjocht krigen. De Republikeinske Partij fan Hawaï, dy't doedestiden dominearre waard troch de plantaazjehâlders, ferlear de ferkiezings yn it foardiel fan 'e Demokratyske Partij, dy't de status fan steat neistribbe. By in referindum op 27 juny 1959 stimde 94,3% fan 'e befolking fan Hawaï foar lidmaatskip fan 'e Feriene Steaten, en op 21 augustus fan dat jier waard Hawaï as de fyftichste (en oant no ta lêste) steat talitten ta de Amerikaanske Uny.

Fan 'e 1960-er jierren ôf ûntjoech Hawaï him ta in ikoanyske fakânsjebestimming en waard it toerisme de wichtichste pylder fan 'e steatsekonomy. Mei troch de belangstelling fan bûtenlânske toeristen foar sokke saken, kaam der fan 'e 1970-er jierren ôf op Hawaï oandacht foar de lânseigen taal en kultuer fan 'e eilannen. Under de nije steatsgrûnwet fan 1978 waard it Hawaïaansk in offisjele taal, mei in lykweardige status oan it Ingelsk. Teffens waard doe it Buro fan Hawaïaanske Saken oprjochte, in oerheidsynstânsje dy't ta doel hat om 'e lânseigen kultuer te beskermjen en út te dragen. Yn 1993, hûndert jier nei dato, naam it Amerikaanske Kongres de saneamde Untskuldigingsresolúsje oan, wêryn't ekskús makke waard foar de rol dy't de Feriene Steaten spile hiene yn it omsmiten fan 'e Hawaïaanske monargy en ûnôfhinklikheid.

 
It Tinkteken foar de USS Arizona, yn 'e lagune fan Pearl Harbor.

Hawaï bestiet bestjoerlik út mar 5 countys. De steatshaadstêd, Honolulu, leit yn Honolulu County, dy't it hiele eilân Oähû beslacht. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Hawaï bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan it Steatskongres fan Hawaï, dat bestiet út 'e Steatssenaat mei 25 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 51 sitten. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Hawaï, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch twa senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Hawaï, fanwegen syn relatyf lytse befolking, ek 2 sitten.

 
It Steatskapitoal fan Hawaï.

It politike lânskip fan Hawaï wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Yn presidintsferkiezings stimt Hawaï hast altyd yn mearderheid Demokratysk. De Demokraat Barack Obama, de earste swarte presidint fan 'e Feriene Steaten, is hikke en tein op Hawaï.

Op Hawaï binne noch ferskate oare politike organisaasjes aktyf, wêrfan't de measten in lânseigen Hawaïaansk nasjonalisme útdrage. Guon dêrfan, lykas de Ried foar Lânseigen Hawaïaanske Foarútgong (CNHA) en de Nasjonale Hawaïaanske Organisaasje (NHO) wolle de politike, taalkundige en kulturele rjochten fan 'e lânseigen Hawaïanen binnen it ramt fan 'e Feriene Steaten feilichstelle en útwreidzje. Oaren, lykas In Rop om Ienheid (ACFU), de Gearkomste fan it Hawaïaanske Folk (Ka Lāhui Hawai‘i), Ka Pākaukau, de Naasje fan it Keninkryk Hawaï (KHN) en de Naasje fan Hawaï (NOH) stribje aktyf nei ôfskieding fan 'e Feriene Steaten en weroprjochting fan in ûnôfhinklike Hawaïaanske steat.

Al dizze organisaasjes foarmje mei-inoar de saneamde Hawaïaanske soevereiniteitsbeweging. De oanhingers dêrfan beskôgje it Amerikaanske bestjoer fan Hawaï faak as in oanhâldende militêre besetting troch in bûtenlânske macht. De Gearkomste fan it Hawaïaanske Folk wie fan 1993 oant 2012 lid fan 'e UNPO, de alternative Feriene Naasjes foar minderheden dy't net fertsjintwurdige wurde troch it lân dêr't se yn libje.

 
It ferneamde Waikiki Beach, by Honolulu.

Histoarysk stipe de ekonomy fan Hawaï benammen op lytsskalige lânbou en fiskerij. Yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw wie fierders de walfiskfeart wichtich en ek boskbou op it mêd fan sandelhout. Geandewei de njoggentjinde iuw waarden op 'e measte eilannen grutte sukerreidplantaazjes oanlein, dy't oant fier yn 'e tweintichste iuw ien fan 'e wichtichste pylders fan 'e Hawaïaanske ekonomy bleaune. Dêrnjonken wie ek it kweken fan ananassen (fral op Lanaï) wichtich. Sûnt de 1960-er jierren hat de ekonomy fan 'e steat him lykwols mear diversifiëarre.

Tsjintwurdich is it toerisme fierwei de wichtichste ekonomyske sektor, dy't foar 24,3% bydraacht oan it bruto steatsprodukt. Op dat mêd is de ynternasjonale lofthaven fan Hawaï, it Honolulu International Airport, fan grut belang, dêr't yn 2007 62,3% fan 'e 7,6 miljoen toeristen oankamen dy't dat jiers de eilannen besochten. It sintrum fan 'e toeristyske yndustry fan Hawaï is Waikiki, in wyk fan Honolulu, dy't bekend stiet om it strân Waikiki Beach. Allinnich al yn Honolulu bringt it toerisme jiers $10 miljard yn 't laadsje. Njonken it toerisme is foar de Hawaïaanske ekonomy ek de hannel wichtich. Datoangeande hat Honolulu him ûntwikkele ta ien fan 'e grutste trochfierhavens fan 'e Feriene Steaten. De Amerikaanske Striidkrêften ûnderhâlde ferskate bases op eilannen hawwe der likernôch 75.000 manskippen stasjonearre. Yn 2009 joegen de Striidkrêften op Hawaï foar $12,2 miljard út.

 
Befolkingstichtens yn Hawaï.

Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Hawaï yn 2014 1.420.000 ynwenners, wat in groei fan 4,4% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens wie yn 2014 82,6 minsken de km². De grutste stêd fan 'e steat is Honolulu, mei 391.000 ynwenners yn 2010. Alle oare stêden op 'e eilannen binne stikken lytser. De befolking en befolkingstichtens fan 'e acht haadeilannen is sa:

eilân befolking
(teljier: 2010)
befolkings-
tichtens
Oähû (O‘ahu) 953.000 616,8 de km²
Hawaï (Hawai‘i) 185.000 17,7 de km²
Maui (Maui) 144.000 76,7 de km²
Kauaï (Kaua‘i) 67.000 46,8 de km²
Molokaï (Moloka‘i) 7.300 10,9 de km²
Lanaï (Lāna‘i) 3.100 8,6 de km²
Niïhau (Ni‘ihau) 170 0,9 de km²
Kahoölawe (Kaho‘olawe) 0 0 de km²
 
Honolulu, de haadstêd fan Hawaï.

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e befolking fan Hawaï doe sa: 38,6% Aziaten; 22,7% blanken; 10,0% lânseigen Hawaïanen en oare Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 8,9% Latino's; 1,6% swarten; 0,3% Yndianen; 17,9% oaren of fan mingd etnysk komôf. Dêrmei is Hawaï de iennichste Amerikaanske steat dêr't Aziaten de grutste befolkingsgroep foarmje. Teffens hat Hawaï it heechste persintaazje lju fan mingd etnysk komôf fan alle Amerikaanske steaten.

De folkstelling fan 2010 frege ek neier op etnyske identifikaasje yn, wêrby't men (by mingd komôf) mear as ien etnyske groep oankruse koe. Op basis fan dy gegevens binne de grutste subgroepen ûnder de Aziaten op Hawaï Filipino's (14,6% fan 'e totale Hawaïaanske befolking), Japanners (13,6%), Sinezen (4,0%) en Koreänen (1,8%). Under blanke Hawaïanen wiene de grutste oarsprongsgroepen Dútsers (7,4%), Ieren (5,2%), Ingelsen (4,6%), Portegezen (4,3%) en Italjanen (2,7%). Fan 'e Latino's wiene de grutste groepen Portorikanen (3,2%) en Meksikanen (2,6%). De lânseigen Hawaïanen makken mei mar 80.000 minsken 5,9% fan 'e befolking út; dêrnjonken waarden oare oansjenlike Polynezyske befolkingsgroepen foarme troch de Samoänen (2,8%) en de Tonganen (0,6%).

 
In sjintoïstyske timpel, boud troch en foar Japanske ymmigranten, oan 'e eastkust fan Oähû.

De offisjele talen fan Hawaï binne it Ingelsk en dêrnjonken, sûnt 1978, ek it Hawaïaansk. De offisjele status fan it Hawaïaansk is lykwols fral symboalysk, wylst foar it bestjoer yn 'e praktyk frijwol inkeld fan it Ingelsk gebrûk makke wurdt. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wie it Ingelsk doe foar 73,4% fan 'e befolking de memmetaal. It Hawaïaansk hat noch mar 2.000 memmetaalsprekkers, al binne der fierders noch 22.000 lju dy't it as twadde taal sprekke.

Oare talen as it Ingelsk dy't op Hawaï sprutsen waarden, wiene yn 2000 it Tagalochsk (5,4%), Japansk (5,0%), Ilokaansk (4,1%), Hawaïaansk (1,7%), Spaansk (1,7%), Koreaansk (1,6%), Sineesk (1,2%) en Samoaansk (1,0%). (Tagalochsk en Ilokaansk binne Filipynske talen.) Fierders wurdt op Hawaï ek it Hawaïaansk Kreoalsk-Ingelsk sprutsen, in kreoalske taal dy't de memmetaal fan in protte lju is en troch in soad oaren as twadde taal sprutsen wurdt. Men fynt dizze taalfoarm yn 'e offisjele statistiken lykwols net werom om't it Amerikaanske regear it as in dialekt fan it Ingelsk beskôget.

 
Snorkeljen mei seeskylpodden yn 'e Kahaluʻu-baai foar de kust fan it eilân Hawaï.

Op it mêd fan godstsjinst bestie yn 2000 29% fan 'e befolking fan Hawaï út kristenen, wêrûnder likernôch 19% protestanten en sa'n 10% roomsen (hoewol't oare boarnen it persintaazje roomsen op Hawaï omtrint de 22% rûze). De grutste protestantske denominaasjes wiene de mormoanske Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen mei 68.000 leden, de Feriene Tsjerke fan Kristus mei 20.000 leden en de Súdlike Baptistekonvinsje mei 18.000 leden. Ateïsten en agnosten foarmje 51% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten binne it boedisme (9%) en it joadendom (0,8%). Alle oare religyen mei-inoar beslane 10% fan 'e befolking.

 
Aloha: wolkomsboerd op it Honolulu International Airport.

Hawaï hat in tropysk klimaat, hoewol't temperatueren en nearens der net sa ekstreem binne as yn oare dielen fan 'e tropen, fanwegen de frijwol oanhâldend waaiende passaatwinen út it noardeasten. Simmerdeis leit de temperatuer oerdeis om 31 °C hinne (nachts 24 °C), en by 't winter is de trochsneed temperatuer oerdeis likernôch 28 °C (nachts 18 °C). It meastepart fan Hawaï ken eins mar twa jiertiden: in drûge rite fan maaie oant oktober en in wiet skoft fan novimber oant april.

Rekôrtemperatueren wiene 38 °C, op 27 april 1931 yn Pahala, en –11 °C yn maaie 1979 op 'e top fan 'e Mauna Kea. Op Kauaï leit op 'e eastlike fang fan 'e berch de Wai‘ale‘ale, ien fan 'e wietste plakken fan 'e wrâld, mei in jierlikse delslachhoemannichte fan 11.700 mm. Snie, yn 'e regel net gau assosjearre mei de tropen, falt op Hawaï dochs op 'e heechste bergen (de Mauna Kea en de Mauna Loa en soms op 'e Haleakalā).

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


 
              Feriene Steaten
 
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
  ·   ·